1970-er jierren

(Trochferwiisd fan 1970-1979)

De 1970-er jierren, ek oantsjut as de santiger jierren en de jierren ’70, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1971 en duorre it oant en mei 31 desimber 1980, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1970 oant en mei 31 desimber 1979. Yn dit desennium gie de Kâlde Oarloch troch, mar kaam der in ein oan 'e Fjetnamoarloch. De Feriene Steaten rekken yn opskuor troch it Watergate-skandaal, dêr't presidint Richard Nixon úteinlings troch twongen waard om ôf te treden. Yn it Midden-Easten waard frede sletten tusken Egypte en Israel, wylst by de Islamityske Revolúsje yn Iraan de sjah ôfset en ferdreaun waard. Yn Kambodja rjochten de Reade Kmer de Kambodjaanske Genoside oan. De wrâldekonomy rekke ûnderwilens, foar in part troch de Oaljekrisis fan 1973, yn 'e nederklits, mei oanboazjende wurkleazens ta gefolch.

1970-er jierren
De Autoleaze Snein yn Nederlân, fan 4 novimber 1973, y.f.m. de Oaljekrisis.
De Autoleaze Snein yn Nederlân, fan 4 novimber 1973, y.f.m. de Oaljekrisis.
<< 1960-er jrn  •  1970-er jrn  •  1980-er jrn >>
1970   •   1971   •   1972   •   1973   •   1974
1975   •   1976   •   1977   •   1978   •   1979

De 1970-er jierren wiene it fjirde desennium fan 'e Kâlde Oarloch tusken de kapitalistyske Feriene Steaten en de kommunistyske Sovjet-Uny. Hoewol't it gefaar fan in direkte militêre konfrontaasje tusken dy beide supermachten geandewei it desennium ôfnaam, giene de yndirekte konfrontaasjes sûnder skoftsjen troch. Foar de Feriene Steaten waard it begjin 'e santiger jierren behearske troch de slepende Fjetnamoarloch, wêrfan't hieltyd dúdliker waard dat dy net te winnen wie. Begjin 1973 waard mei it kommunistyske Noard-Fjetnam it Ferdrach fan Parys sletten, ûnder de kêsten wêrfan't de Amerikanen har út 'e oarloch weromloeken. Sûnder Amerikaanske stipe koe Súd-Fjetnam it net bolwurkje, en nei de Fal fan Saigon, yn 1975, folge de ienwurding fan Fjetnam ûnder in kommunistysk regear. Oan 'e ein fan 'e santiger jierren stoarte de Sovjet-Uny him yn syn eigen 'Fjetnam' doe't it mei de ynfal yn Afganistan de Russysk-Afgaanske Oarloch begûn.

Foar de Feriene Steaten stiene de santiger jierren fierders benammen yn it teken fan it Watergate-skandaal, wêrby't oan it ljocht kaam dat de Amerikaanske presidint Richard Nixon guon trewanten ynbrekke litten hie yn it haadkantoar fan 'e Demokratyske Partij, mei as doel om 'e ferkiezingskampanje fan syn tsjinstanner te ûndermynjen. Nixon besocht út alle macht it ûndersyk nei it skandaal tsjin te hâlden, wat late ta it ferneamde Sneontejûnsbloedbad, wêrby't er ferskate hege regearingsfunksjonarissen efterinoar ûntsloech om't dy wegeren en fier syn opdracht út om 'e spesjale oanklager Archibald Cox út syn funksje te setten. Dêrmei makke Nixon syn eigen posysje ûnhâldber, en nei't it Amerikaanske Kongres in ôfsettingsproseduere tsjin him yn gong set hie, hold er yn 1974 de ear oan himsels en stapte er op.

 
Protesten tsjin 'e Fjetnamoarloch yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., yn april 1971.

Yn Sily kaam yn 1970 Salvador Allende oan 'e macht as de earste demokratysk keazen sosjalistyske presidint fan Latynsk-Amearika. Yn 1973 kaam hy lykwols om by in troch de Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA stipe steatsgreep, dy't de faksistyske diktatuer fan generaal Augusto Pinochet oan 'e macht brocht.

Yn it Midden-Easten fûn yn 1973 de Jom Kippoeroarloch plak, de fjirde oarloch tusken Israel en de Arabyske steaten sûnt de oprjochting fan 'e steat Israel yn 1948. Dat wie de iennichste kear dat de Arabyske lannen de oarloch begûnen, mar nettsjinsteande it feit dat se it ferrassingselemint oan harren kant hiene, waarden Egypte en Syrje en harren bûnsgenoaten op oertsjûgjende wize troch Israel ferslein. Tsjin 'e ein fan it desennium wiene alteast tusken Israel en Egypte de relaasjes safierhinne opbettere dat de Egyptyske presidint Anwar Sadat en de Israelyske premier Menachem Begin yn 1978 ûnder bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Jimmy Carter it Akkoart fan Camp David slute koene, dat de grûnslach lei foar frede tusken harren beide lannen.

Fierder eastlik rekken de Feriene Steaten yn 1979 in trouwe bûnsgenoat kwyt, doe't yn Iraan sjah Mohammed Reza Pahlavi ôfset waard. Nei de Islamityske Revolúsje kaam dêr ajatolla Rûholla Chomeiny oan 'e macht, dy't neat fan 'e Amerikanen hawwe moast en it folk tsjin harren ophyste. Ein 1979 krongen radikale oanhingers fan Chomeiny de Amerikaanske ambassade yn Teheran binnen, en gizelen dêr 52 Amerikaanske diplomaten. Dat ynsidint ûntpopte him ta de slepende Iraanske Gizelderskrisis, dy't oant 1981 ta duorje soe en dy't in swier stimpel drukte op it presidintskip fan Jimmy Carter.

 
De Islamityske Revolúsje yn Iraan, begjin 1979.

Yn Aazje ûntstie yn 'e 1970-er jierren in hiel nije sitewaasje nei de erkenning fan 'e Folksrepublyk Sina troch de Feriene Naasjes, de dea fan 'e Sineeske 'grutte roerman' Mao Zedong en it begjin fan 'e ienfiering fan kapitalistyske eleminten yn 'e Sineeske ekonomy troch syn opfolgers. Yn Kambodja kamen yn 1975 de kommunistyske Reade Kmer oan 'e macht, dy't ûnder lieding fan Pol Pot tusken 1975 en 1979 de Kambodjaanske Genoside begiene op 'e ynwenners fan harren lân, wêrby't sa'n 2 miljoen minsken omkamen. Yn Súd-Aazje makke East-Pakistan him yn 1971 ûnder de namme Bangladesj los fan 'e rest fan Pakistan. Dêr wie de bloedige Bingaalske Befrijingsoarloch foar nedich, dêr't ek Yndia (oan 'e kant fan Bangladesj) yn behelle rekke.

Underwilens gie yn Afrika, Oseaanje en it Karibysk Gebiet it proses fan dekolonisaasje fierder. Doe't nei de Anjerrevolúsje fan 1974 yn Portegal de demokrasy ynfierd waard, joech ek dat lân syn koloanjes op, en koene lannen as Angoala, Mozambyk, Guinee-Bissau en Kaapverdje einlings selsstannich wurde. In oare Portegeeske koloanje, East-Timor, waard lykwols koart nei de ûnôfhinklikheid anneksearre troch Yndoneezje, wat late ta de Besetting fan East-Timor, dy't hast tritich jier duorje soe. Nettsjinsteande it feit dat hast hiel Afrika oan 'e ein fan 'e jierren santich dekolonisearre wie, waard it wrâlddiel it hiele desennium troch pleage troch hongersneden, oarloggen en boargeroarloggen. Ek steatsgrepen kamen rûnom foar, lykas dy yn Etioopje wêrby't keizer Haile Selassie yn 1974 nei in lang regear ôfset en fermoarde waard. Boppedat waarden frijwol alle Afrikaanske lannen regearre troch diktators, lykas de beruchte Idi Amin, dy't 1971 yn Uganda oan 'e macht kaam.

Kultureel sette de Westerske maatskippij yn 'e 1970-er jierren de fernijings troch dy't yn 'e 1960-er jierren begûn wiene, lykas in tanimmend polityk bewustwêzen by gewoane boargers, in oanwaaksende frijheid fan 'e jongerein en foarútgong op it mêd fan feminisme en emansipaasje fan froulju. Itselde gou foar de Seksuële Revolúsje, wat û.m. late ta it Gouden Tiidrek fan de Pornografy.

Op it mêd fan 'e ekonomy wurde de 1970-er jierren faak sjoen as in draaipunt yn 'e skiednis fan 'e tweintichste iuw. It wie nammentlik de perioade wêryn't in ein kaam oan 'e nei-oarlochske ekonomyske groei, mei as gefolch it sluten fan fabriken, it yn it neigean reitsjen fan hiele tûken fan yndustry (benammen mynbou en de stielyndustry) en tanimmende wurkleazens. Dat proses waard noch frijwat oanboaze troch de Oaljekrisis fan 1973, dy't feroarsake waard troch in embargo fan 'e troch de Arabyske lannen behearske Organisaasje fan Oaljeprodusearjende en -eksportearjende Lannen (OPEC) tsjin bûnsgenoaten fan harren fijân Israel. Alles mei-inoar stoarte dat de Westerske wrâld yn in djippe resesje, dy't sels wer late ta it ferfangen fan 'e Keynesiaanske krisisbestriding, dy't yn 'e 1930-er jierren effektyf bleken wie, troch de opkommende neoliberale ekonomyske teoryen. De ekonomy fan Japan rûn troch alle krises net folle skea op en it lân helle yn 'e santiger jierren West-Dútslân yn om 'e twadde ekonomy fan 'e wrâld te wurden (nei dy fan 'e Feriene Steaten).

 
In satellytbyld fan 'e Sykloan fan Bhola, dy't yn 1970 de kust fan Bangladesj trof en dêr 500.000 minsken it libben koste.

Wichtichste foarfallen

bewurkje seksje
1970
1971
 
Under syn steatsbesyk oan Sina toastet de Amerikaanske presidint Richard Nixon (l.) mei de Sineeske regearingslieder Zhou Enlai (rj.).
1972
1973
 
De Amerikaanske presidint Richard Nixon ferlit nei syn ôftreden fanwegen it Watergate-skandaal yn 1974 foar de lêste kear it Wite Hûs.
 
Keizer Haile Selassie fan Etioopje waard yn 1974 ôfset en fermoarde.
1974
 
Minsken besykje de haadstêd fan Súd-Fjetnam te ûntflechtsjen foar de Fal fan Saigon, yn 1975.
1975
1976
 
Star Wars wie de súksesfolste film fan 'e 1970-er jierren.
1977
 
De Egyptyske presidint Anwar Sadat (l.) en de Israelyske premier Menachem Begin (rj.) fûstkje yn 1978 by it sluten fan it Akkoart fan Camp David, dat ta stân kaam ûnder bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Jimmy Carter (m.).
1978
 
De Amerikaanske presidint Jimmy Carter (l.) en Sovjet-lieder Leonid Brezjnjev (rj.) ûndertekenje yn 1979 it SALT II-ferdrach.
 
Yn 1979 wurdt Margaret Thatcher de earste froulike premier fan it Feriene Keninkryk.
1979

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
HOME 4
mac 12
OOP 5
os 23