29 july
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 july | 30 | 31 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 |
<< | July | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | 31 | ||||
2024 |
29 july is de 210e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 211e). Der folgje noch 155 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 1018 - Yn 'e Slach by Flaardingen ferslacht greve Durk III fan Hollân it leger fan 'e Dútske keizer.
- 1108 - Loadewyk VI (de Grouwe) folget Filips I op as kening fan Frankryk.
- 1585 - De Fryske steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg stiftet de Universiteit fan Frjentsjer, dy't feitlik in teologyske hegeskoalle is.
- 1588 - De earste konfrontaasje fan 'e Spaanske Armada mei de Ingelske float. De Ingelsen winne.
- 1655 - Yn Amsterdam wurdt it stedhûs op 'e Daam yn gebrûk nomd. Der is 7 jier oan boud.
- 1752 - De Ljouwerter Krante ferskynt foar it earst as Leeuwarder Saturdagse Courant.
- 1837 - It (twadde) Ferdrach fan St. Peters wurdt sletten tusken de Feriene Steaten en de Odjibwe-Yndianen. Hjirby steane de Boppemarder Tsjippewa, de Mississippy-Tsjippewa, de Plonderder-Tsjippewa en de Mille Lacs-Yndianen in grut diel fan noardlik Wiskonsin en in diel fan eastlik-sintraal Minnesota oan 'e Feriene Steaten ôf.
- 1899 - Op 'e ein fan 'e earste ynternasjonale fredeskonferinsje, yn De Haach, ûndertekenje 26 lannen de Haachske Konvinsje, wêryn't û.m. it brûken fan gemyske wapens en loftbombardeminten ferbean wurdt.
- 1921 - Yn Dútslân wurdt Adolf Hitler foarsitter fan 'e NSDAP.
- 1927 - Yn New York wurdt de earste izeren long yn gebrûk nommen.
- 1931 - Oprjochting Fuotbalferiening De Blesse.
- 1947 - Oprjochting Fuotbalferiening Ryptsjerk.
- 1948 - Iepening fan de Olympyske Simmerspullen yn Londen.
- 1954 - The Fellowship of the Ring, it earste diel fan J.R.R. Tolkien syn The Lord of the Rings-trilogy, wurdt publisearre.
- 1981 - De Britske kroanprins Charles trout mei Lady Diana Spencer.
Berne
bewurkje seksje- 1742 - Armand de Kersaint, Frânsk marine-ofsier en politikus († 1793)
- 1833 - Age Looxma Ypeij, Frysk grutgrûnbesitter en filantroop († 1892)
- 1883 - Benito Mussolini, premier en diktator fan Itaalje († 1945)
- 1889 - Johannes Rijpstra, Frysk politikus en fersetsman († 1944)
- 1905 - Dag Hammarskjöld, Sweedsk diplomaat en siktaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes († 1961)
- 1914 - Adam Jaarsma, Frysk predikant, skriuwer en oersetter († 1991)
- 1927 - Harry Mulisch, Nederlânsk skriuwer († 2010)
- 1940 - Tryntsje van der Zee, Frysk oersetster († 2009)
- 1942 - Tony Sirico, Amerikaansk akteur († 2022)
- 1951 - Jan de Haan, Frysk komponist, muzykútjouwer, dirigint en muzikant
- 1957 - Liam Davison, Australysk skriuwer († 2014)
- 1968 - Arno Brok, Nederlânsk politikus en Kommissaris fan de Kening fan Fryslân
- 1979 - Lexxxi Lockhart, Amerikaansk pornoaktrise
- 1987 - Mechiel Versluis, Frysk roeier
Ferstoarn
bewurkje seksje- 238 - keizer Markus Klodius Pupienus Maksimus fan it Romeinske Ryk (* 164 of 174)
- 1573 - Ruy Gómez de Silva, prins fan Éboli, Spaansk ealman en politikus (* 1516)
- 1856 - Robert Schumann, Dútsk pianist en komponist (* 1810)
- 1890 - Vincent van Gogh, Nederlânsk keunstskilder (* 1853)
- 1954 - Coen de Koning, Nederlânsk hurdrider en alvestêdetochtwinner (* 1879)
- 1979 - Herbert Marcuse, Dútsk-Amerikaansk filosoof (* 1898)
- 1980 - Age Scheffer, Frysk sjoernalist (* 1900)
- 1988 - Dick Swidde, Nederlânsk akteur (* 1906)
- 2004 - Francis Crick, Ingelsk biolooch, fysiolooch en Nobelpriiswinner (* 1916)
- 2022 - Janine van Wely, Nederlânsk aktrise en kabaretiêre (* 1937)
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 july | 30 | 31 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|