2 Henoch, ek wol bekend as Henoch (Tsjerkeslavysk) of Geheimen fan Henoch, is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. Ornaris wurdt tocht dat it fan joadske oarsprong wêze moat, mar in minderheid fan 'e bibelwittenskippers sjocht it as in ier-kristlike tekst. Yn 'e regel wurdt it datearre yn 'e earste iuw; inkelen wolle hawwe dat it fan letter datum is. 2 Henoch moat net betize wurde de grutdiels ûnbesibbe geskriften Henoch of 1 Henoch en 3 Henoch. Neffens de tekst fan 2 Henoch soe de skriuwer de bibelske persoan Henoch wêze, de oerpake fan Noäch, dy't yn Genesis 5:21-24 neamd wurdt, mar dat is in pseudepigrafyske taskriuwing, en de wiere auteur is anonym.

2 Henoch
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun begjin jiertelling (?)

2 Henoch is yn syn folsleinens inkeld oerlevere yn it Aldtsjerkeslavysk, in deade taal dy't foarhinne troch in protte eastersk-otterdokse tsjerken as tsjerketaal brûkt waard (no ferfongen troch it jongere Tsjerkeslavysk, dat krektlyk in deade taal is). Der besteane mear as tweintich Aldtsjerkeslavyske manuskripten fan 2 Henoch, datearjend fan 'e fjirtjinde oant de achttjinde iuw. Men is fan tinken dat de âldsten dêrfan weromgeane op in ferlern gien Gryksktalich orizjineel. Yn 2009 waard bekendmakke dat der no ek guon Koptyske fragminten fan 2 Henoch identifisearre binne.

 
De opnimming fan Henoch, op in bibelyllústraasje út 1728.

2 Henoch kin opdield wurde yn fjouwer parten. Yn it earste diel (2 Hen. 1-21) wurdt Henoch, dy't dan al 365 jier âld is, troch twa ingels meinommen op in reis troch de earste seis fan 'e sân himels hinne. Yn 'e earste himel hâlde ingels tafersjoch op atmosfearyske ferskynsels; yn 'e twadde himel wurde opstannige ingels finzen holden; de trêde himel blykt sawol it paradys as de hel foar de minsken te omfetsjen; yn 'e fjirde himel befine har de sinne en de moanne; yn 'e fyfde himel moetet Henoch guon treurjende ingels, dy't er oerhellet om harren liturgyske tsjinst wer op te nimmen; en yn 'e sechsde himel wurde troch ingels de kosmos en alle folken dêryn bestjoerd.

Yn it twadde diel (2 Hen. 22-37) wurdt Henoch, no laat troch de aartsingel Gabriël, talitten ta de sânde himel, dêr't er him fan gesicht ta gesicht ûnderhâldt mei God. Neitiid wurdt er salve troch de aartsingel Michael en kriget er itselde oansjen as de ingels. God oarderet de ingel Vereviël dan om oan Henoch 360 boeken te diktearjen oer alles dat der te witten falt. Letter fertelt God sels oan Henoch alle geheimen fan 'e skepping ôf oan 'e Sûndfloed ta, dêr't sels de ingels neat fan witte. Uteinlik wurdt Henoch foar tritich dagen weromstjoerd nei de ierde.

It trêde diel (2 Hen. 38-68) is in list fan doktrinêre en etyske foarskriften dy't Henoch oan syn soannen jout. Foar it meastepart komme dy del op it leafhawwen fan alle libbenen dingen. Opfallend is dat hjir net ien kear ferwiisd wurdt nei de Wet fan Mozes, noch wurdt der (oars as yn 'e Bibel) ek mar ienich omtinken skonken oan 'e sûnde fan ûntucht. As de tritich dagen om binne, wurdt Henoch foar ivich opnommen yn 'e himel.

It fjirde en lêste diel (2 Hen. 69-73), dat soms ek wol oantsjut wurdt as de Ferheffing fan Melchisedek, wurdt Henoch syn opfolging as preester yn beskreaun. Metûsjelach en Nir, Henoch syn soan en pakesizzer, ferfolje dat amt as in soarte fan tuskenoplossing. Uteinlik giet it oer op Melchisedek (sjoch: Genesis 14:17-24), fan waans wûnderlike berte wiidweidich ferhelle wurdt. Yn 'e langere manuskripten einiget dit diel mei in koarte beskriuwing fan 'e stjalprein foarôfgeande oan 'e Sûndfloed. Der wurdt wol tocht dat de Ferheffing fan Melchisedek oarspronklik in selsstannige tekst wie, dy't letter oan 2 Henoch tafoege is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus
  NODES
iOS 1
os 11