Aartsbisdom Utert (roomsk-katolyk)
It aartsbisdom Utert (Latyn: Archidioecesis Ultraiectensis) is it roomsk-katolike aartsbisdom yn Nederlân. Oant 1559 foel it bisdom Utert as suffragaanbisdom ûnder it aartsbisdom Keulen. De wrâldske hearskippij fan de biskoppen besloech it gebiet fan it prinsbisdom Utert.
Aartsbisdom Utert | ||
Basisgegevens | ||
Katedraal | Sint-Katarinakatedraal | |
Patroanhillige | Willibrord | |
Skiednis | ||
Oprjochting | 695, 1853 | |
Opheffing | 1580 | |
Stifter | Willibrord | |
Hierargy | ||
Aartsbiskop | Wim Eijk | |
Statistyk | ||
Parochy's | 42 (2021) | |
Tal tsjerken | 241 (2021) | |
Tal katoliken | 692.000 (2021) | |
Skiednis
bewurkje seksjeStifter fan it bisdom Utert wie Willibrord, dy't fan 695 oant 739 de earste biskop wie. Sûnt de reorganisaasje fan de tsjerklike yndieling troch Karel de Grutte yn de 9e iuw hearde oant 1559 hast hiel Nederlân boppe de grutte rivieren mei Seelân ta dat bisdom. In lyts stikje fan Fryslân (Achtkarspelen), Grinslân en eastlik Gelderlân foelen lykwols ûnder it bisdom Múnster. Dêrfoaroer leine in pear Dútske gebieten (Bentheim, Emmerik, Elten en Griethausen) wer yn it bisdom Utert. It bisdom Utert foel sûnt 799 ûnder it aartsbisdom Keulen.
Utert wie in prinsbisdom en de prinsbiskop hie njonken geastlike rjochten ek wrâldske rjochten, dy't er yn it Nedersticht en it Oersticht útoefene. De lêste prinsbiskop wie Hindrik fan Beieren. Yn 1528 droeg er fanwegen ûnrêst en opskuor it besjoer fan it sticht Utrecht oer op keizer Karel V. Dat betsjutte tagelyk it ein fan de politike selstannigens fan it sticht.
Op oantrunen fan kening Filips II krige Utert yn 1559 fanwegen de politike sitewaasje de status fan aartsbisdom en waarden der nije bisdommen (Dimter, Haarlim, Ljouwert, Grins en Middelburch) stifte. Yn 1580 fûn de reformaasje yn Utert plak en hold it aartsbisdom Utert op te bestean. Nederlân hie dêrnei iuwen gjin katolike hiërargy mear en de katolike tsjerke moast ûndergrûnsk fierder en waard letter, nei't de skerpe rântsjes der wat ôf wiene, tolerearre. De Republyk wie yn dy tiid in missygebiet, dat fanút it bûtelân troch in apostoalysk Fikaris in partibus infidelium (yn de gebieten fan de ûnleauwigen) de katolike mienskip oanstjoerd waard. Yn april 1723 fûn der in skuorring yn de Roomsk-Katolike Tsjerke plak en ûntstie de Aldkatolike Tsjerke.
Yn 1848 makke de nije grûnwet fan Thorbecke it mooglik om de tsjerklike hiërgargy fan de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Nederlân wer op te bouwen. It aartsbisdom Utert waard troch paus Pius IX yn 1853 wer hersteld. It gebiet fan it aartsbisdom besloech njonken it hjoeddeiske gebiet ek it tsjintwurdige bisdom Grins-Ljouwert, dat yn 1956 in apart bisdom waard. Earste biskop wie Johannes Zwijsen.
Katedraal
bewurkje seksje- Oant de reformaasje wie de oan Sint-Marten wijde domtsjerke de katedraal. De katedraal fan it bisdom is de yn 1470-1550 yn goatyske styl boude Sint-Katarinakatedraal.
Patroanhillige
bewurkje seksjeBiskoppen fan it aartsbisdom sûnt 1853
bewurkje seksjePerioade | Aartsbiskop | Helpbiskop(pen) | |
---|---|---|---|
1853-1868 | Joannes Zwijsen | ||
1868-1883 | Andreas Ignatius Schaepman | ||
1883-1894 | Petrus Matthias Snickers | ||
1895 | Henricus van de Wetering (koadjutor) | ||
1895-1930 | Henricus van de Wetering | ||
1930-1935 | Joannes Jansen | ||
1935-1936 | Johannes de Jong (koadjutor) | ||
1936-1951 | Johannes de Jong | ||
1951-1955 | Bernardus Alfrink (koadjutor) | ||
1955-1961 | Bernardus Alfrink | ||
1961-1969 | Theo Hendriksen | ||
1969-1976 | |||
1976-1982 | Johannes Willebrands | ||
1982-1983 | Johannes Antonius de Kok | Johannes Bernardus Niënhaus | |
1983-1999 | Adrianus Simonis | ||
1999-2001 | |||
2001-2005 | Gerard de Korte | ||
2005-2007 | |||
2007-2008 | sedisfakaasje | ||
2008-2010 | Wim Eijk | ||
2010-heden | Ted Hoogenboom | Herman Woorts |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Roomsk-katolike bisdommen yn Nederlân | ||
---|---|---|
Jeropeesk Nederlân | Aartsbisdom Utert (metropolitaan aartsbisdom) • Bisdom Breda • Bisdom De Bosk • Bisdom Grins-Ljouwert • Bisdom Haarlim-Amsterdam • Bisdom Roermond • Bisdom Rotterdam • Nederlânsk Militêr Ordinariaat | |
Karibysk Nederlân | Bisdom Willemstêd | |
Eardere bisdommen | Bisdom Dimter • Bisdom Ljouwert • Bisdom Maastricht • Bisdom Middelburch | |
· · |