Abraham Mignon (Frankfurt am Main, doopt 21 juny 1640Utert, 27 maart 1679) wie in Nederlânsk keunstskilder fan blom- en fruchtestillibbens. Fûgels komme ek faak foar yn syn wurk.

Blomstillibben

Abraham Mignon stamde út in Súd-Nederlânske famylje dy't har nei de Reformaasje yn Frankfurt fêstige. Syn heit wie keapman en die him yn de lear by Jacob Marrell, waard syn bêste learling, mei wa't er nei Utert gie, dêr't er yn 1669 lid waard fan it Sint-Lukasgilde. Yn de trije folgjende jierren hat er noch learling west fan Jan Davidsz. de Heem. Hy boaske yn 1675, mar stoar al mei jonge jierren. Hy waard begroeven yn de Buurkerk.

Abraham Mignon makke briljante behindige stillibbens, dy't tige wurdearre en noch lange tiid neifolge waarden. Sy hawwe in soad ynfloed ûndergien fan sy learmaster De Heem, mar se binne wat hurder fan kleur en de linen binne swierder oanset.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES