Aiskylos

(Trochferwiisd fan Aischylos)

Aiskylos, Aischylos, Aeschylus of inkeld ek wol Aiskulos (yn it Aldgryksk: Αἰσχύλος, Aischylos; ±525 – ±455 f.Kr.), wie in ferneamd Ateensk toanielskriuwer yn it âlde Grikelân. Hy wie de earste fan 'e trije grutte Aldgrykske trageedzjeskriuwers (de oare beide binne Sofokles en Euripides), en wurdt gauris beskôge as de geastlike heit fan it trageedzjesjenre. De hjoeddeiske kennis fan dy toanielfoarm giet werom op syn wurk, wylst oer de dêroan foarôfgeande tradysje inkeld bekend is wat der út syn stikken oer opmakke wurde kin. Yn Aiskylos syn likernôch tachtichjierrich libben skreau er santich oant njoggentich trageedzjes, mar dêrfan binne mar sân bewarre bleaun (en oangeande it auteurskip fan ien dêrfan, Prométeüs Bûn, besteane al langere tiid twifels). De bekendsten fan syn oerlevere stikken binne Perzen en de Oresteia-trilogy.

Aiskylos
skriuwer
In boarstbyld fan Aiskylos yn it Kapitolynsk Museum, te Rome.
In boarstbyld fan Aiskylos yn
it Kapitolynsk Museum, te Rome.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Aiskylos (Αἰσχύλος)
(Aeschylus, Aischylos, Aiskulos)
nasjonaliteit Ateensk
berne ±525 f.Kr.
berteplak Eleusis (Attika)
stoarn ±455 f.Kr.
stjerplak Gela (Sisylje)
etnisiteit Gryksk
wurk
taal Aldgryksk
sjenre toaniel, poëzij
perioade Klassike Aldheid
bekendste
  wurk(en)
Perzen
Oresteia-trilogy
jierren aktyf 499455 f.Kr.
offisjele webside
n.f.t.

Der is net in protte bekend oer it libben fan Aiskylos, en wàt der bekend is, komt út boarnen dy't net botte betrouber binne. Hy moat yn 525 of 524 f.Kr. berne wêze, al is dy wittenskip fierhinne basearre op weromtellen fanôf syn earste oerwinning by de jierlikse toanielwedstryd ûnder it Feest fan Dionysus. Aiskylos wie yn elts gefal hikke en tein yn Eleusis, in doarp dat tsjintwurdich likernôch 20 km noardwestlik fan 'e Grykske haadstêd Atene leit, yn westlik Attika. Hy kaam út in begoedige fermidden, en mooglik wie syn famylje lid fan 'e Eupatridae, de âlde Attyske aristokrasy, mar dat kin ek in optinksel fan lettere biografen wêze.

As jongfeint wurke Aiskylos yn 'e wyngerds oant de god Dionysus yn in dream oan him ferskynde en him opdroech om him ta te lizzen op it skriuwen fan trageedzjes. Alteast, dat skriuwt de twadde-iuwske ierdrykskundige Pausanias. It is yn elts gefal dúdlik dat Aiskylos trageedzjes begûn te skriuwen, mar wat dêr de reden fan wie, sille wy nea witte. De opfiering fan syn earste stik fûn plak yn 499 f.Kr., en hy wûn de toanielwedstryd op it Feest fan Dionysus foar it earst yn 484 f.Kr.

Yn 490 f.Kr., doe't de Perzyske kening Darius de Grutte besocht en feroverje de Grykske stêdsteaten, waard it Perzyske leger yn 'e Slach by Maraton ferslein troch de Ateners en harren bûnsgenoaten. Aiskylos en syn broer Kynegeirus fochten by Maraton yn 'e Ateenske falanks; Aiskylos oerlibbe de slach, mar syn broer sneuvele doe't er de flechtsjende Perzen troch de weagen nei harren skippen hjitfolge. Yn 480 f.Kr. focht Aiskylos wer mei, diskear tsjin Kserkses I, yn 'e Slach by Salamis (en mooglik wied er ek behelle yn 'e Slach by Platéa, yn 479 f.Kr.). It hoecht dan ek gjin nij te dwaan dat de Perzyske Oarloggen in grutte rol yn Aiskylos syn wurk spylje. Syn toanielstik Perzen, wêryn't de Slach by Salamis in wichtich plak ynnimt, is de iennichste oerlevere klassike trageedzje dy't oer resinte histoaryske foarfallen giet (en tsjinnet sadwaande nòch wol as histoaryske boarne, mei't Aiskylos de politike en militêre ûntwikkelings dy't er as eftergrûn brûkt út 'e earste hân koe).

 
De ruïne fan it Dionysusteäter, te Atene, dêr't withoefolle fan Aiskylos syn toanielstikken opfierd waarden.

Aiskylos wie in djip leauwich man, mei in ferheft byld fan 'e oppergod Seus, dy't er yn syn stikken beskreau mei in ienfâldige earbiedigens dy't dy fan 'e bibelske Psalmen net wanlyk is. Krekt as in protte Grykske manlju fan syn tiid wied er ek inisjearre yn 'e Mystearjes fan Eleusis, in kultus dy't wijd wie oan 'e fruchtberensgoadinne Demeter, en dy't fêstige wie yn syn eigen berteplak. Mei't de ynwijden fan dy mystearjereligy om dea swarre moasten dat se der neat oer útbringe soene, is de tsjintwurdige kennis dêroer tige beheind. Aristoteles fertelt lykwols dat Aiskylos yn ien fan syn toanielstikken beskate geheimen fan 'e kultus ferret hawwe soe. Oare boarnen wolle sels hawwe dat it publyk him op datseldichste plak deadwaan woe, mar dat er krekt op 'e tiid fan ruten spile. Herakleides fan Pontus beweart dat men him besocht te stiennigjen, en dat er beskûl sykje moast efter it alter yn it orkest fan it Dionysusteäter. Doe't er neitiid terjocht stie, bearde er dat er de geheimen ûnbewust útbrocht hie, of mooglik dat er net witten hie dat it geheimen wiene. Yn elts gefal waard er frijsprutsen, mar dat skynt mear te krijen hân te hawwen mei syn status as feteraan fan Maraton as mei syn wurklike ûnskuld.

Yn 'e 470-er jierren reizge Aiskylos ien of twa kear nei Sisylje, op útnûging fan Hiero I, de tiran fan Syrakuse, in wichtige Grykske koloanje dêre. Fan 473 f.Kr. ôf wie Aiskylos, nei de dea fan syn wichtichste konkurrint Frynichus elts jier de favoryt by de toanielwedstryd op it Feest fan Dionysus. Yn 458 f.Kr. gied er noch in lêste kear nei Sisylje ta, wêrby't er de stêd Gela, oan 'e súdkust, oandie. Dêre ferstoar er yn 456 of 455 f.Kr. De Romeinske anekdoateskriuwer Falearius Maksimus kaam yn 'e earste iuw mei it ûnwierskynlike ferhaal op 'e lapen dat Aiskylos bûten de stedsmuorren fan Gela omkaam doe't in earn syn keale plasse oanseach foar in gaadlike rots om in skylpodde op tepletter te smiten, en dat er, mei oare wurden, it slachtoffer waard fan in fallend reptyl. Plinius de Aldere foege dêr yn syn Naturalis Historiæ noch oan ta dat de ûngelokkige toanielskriuwer krekt bûtendoar ferkearde om in profesije te ûntrinnen dy't hawwe woe dat er troch in fallend foarwerp deade wurde soe.

Aiskylos stie yn Atene yn sok heech oansjen dat syn toanielstikken de iennichsten wiene dy't nei syn dea noch weropfierd wurde mochten op it Feest fan Dionysus. Syn soannen Euforion en Euéon folgen yn har heite fuotstappen en waarden ek toanielskriuwers, mar koene har heite rom by lange nei net belykje. De ynskripsje op Aiskylos syn grêfstien sei neat oer syn karriêre as toanielskriuwer, mar ferwiisde ynstee nei syn meifjochtsjen yn 'e Perzyske Oarloggen:

Αἰσχύλον Εὐφορίωνος Ἀθηναῖον τόδε κεύθει

μνῆμα καταφθίμενον πυροφόροιο Γέλας•
ἀλκὴν δ' εὐδόκιμον Μαραθώνιον ἄλσος ἂν εἴποι
καὶ βαθυχαιτήεις Μῆδος ἐπιστάμενος

Under dizze stien leit Aiskylos, soan fan Euforion, de Atener,

dy't omkaam yn it weetdragend lân fan Gela;
fan syn eale moed kin it hillich wâld fan Maraton sprekke,
en de langhierrige Pers is der tige mei bekend.

 
In bondele útjefte fan 'e sân oerlevere trageedzjes (Tragoediae Septem) fan Aiskylos, datearjend út 1552.

Folslein oerlevere

bewurkje seksje

Der binne mar sân fan Aiskulos syn trageedzjes bewarre bleaun, út in oevre dat oarspronklik 70-90 stikken omfet hawwe moat. De sân overlevere trageedzjes binne:

Fragmintarysk oerlevere

bewurkje seksje

Fan in stikmannich oare stikken binne fragminten oerlevere op fodsjes papyrus en yn sitaten fan oare skriuwers. Dit is in opsomming fan alle oare toanielstikken fan Aiskulos wêrfan't de titel bekend is.

  • Alkmênê
  • Amymonê
  • De Argivyske Froulju
  • De Argo (of De Roeiers)
  • Atalanta
  • Atamas
  • De Bakcheeërs
  • De Bassareeërs
  • Bern fan Hêraklês
  • De Bernefamkes fan Dionysus
  • De Bewekkers
  • De Boadskippers
  • De Bôgesjitsters
  • De Bonkesammelders
  • De Danaïden
  • Dochters fan Forkys
  • Dochters fan Helios
  • De Edoaniërs
  • De Egyptners
  • Filoktêtês
  • Finéus
  • De Frygyske Froulju
  • Frigiërs (of Hektor Syn Losjild)
  • Froulju fan Aitna (2 ferzjes)
  • Froulju fan Salamis
  • De Geaste-oproppers
  • Glaukus fan Pontus
  • Glaukus fan Potniai
  • Hypsipylê
  • Ifigeneia
  • Iksion
  • De Jongfeinten
  • De Kabeiroi
  • Kallisto
  • De Kariërs (of Europa)
  • Kerkyon
  • Kyknus
  • Kirkê
  • De Kretinzyske Froulju
  • Ksantriai
  • Lajus
  • De Lemnyske Froulju
  • Lykurgus
  • De Liuw
  • De Manlju fan Eleusis
  • Memnon
  • De Myrmidoanen
  • De Mysiërs
  • Neméa
  • De Nereïden
  • De Netteslepers
  • Niobê
  • De Ofstammelingen (of De Sân)
  • Oidipoes
  • Oretuia
  • Palamedes
  • Penêlopê
  • Pentéus
  • Perraibidês
  • Polydektês
  • De Preesteressen
  • Prizen fan 'e Wapens
  • Prométeüs de Fjoerdrager
  • Prométeüs de Fjoerûntstekker
  • Prométeüs Los
  • Proteüs
  • Semêlê (of De Wetterdraachsters)
  • De Sfinks
  • Sisyfus de Stiennerôler
  • Sisyfus de Utnaaide
  • De Taskôgers (of Atleten fan 'e Spullen fan 'e Lâningte)
  • Telêfus
  • De Trasyske Froulju
  • Tsjinstfolk fan 'e Breidskeamer
  • It Weagjen fan de Sielen


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES