Akkrum is in doarp yn it noardwesten fan de gemeente It Hearrenfean. Akkrum foarmet tegearre mei Nes in twillingdoarp.

Akkrum
Buorren
Buorren
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 3.320 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 11,92 km², wêrfan
- lân: 11,18 km²
- wetter 0,73 km²
Befolkingsticht. 296 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 02' N 5° 50' E
Kaart fan Akkrum
Kaart fan Akkrum
Offisjele webside
akkrum.net
Kaart
Akkrum (Fryslân)
Akkrum

It doarp hat 3.320 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Akkrum is ûntstien tusken twa streamen, de Boarn en de Trigreppel. It âldste diel fan it doarp bestiet út It Heechein, de Wide Steech, de Dringelstrjitte en de Boeresteech dy’t foar in part tsjin de terp midden yn it doarp lizze. De terp mei in hichte fan 2,7 m is ûntstien tusken 525 en 725. [3] De âlde Slachte waard oer de terp lein en waard letter doarpsstrjitte.

Eartiids stiene yn en om Akkrum sa’n tweintich pleatsen, dêr’t njonkelytsen huzen tusken boud waarden, sadat fan in doarp sprutsen wurde koe. It bestean fan pleatsen tusken de gewoane bebouwing kin grûn jaan oan de hypoteze, dat de boeren de earste bewenners west ha: dat wiene grif de feeboeren, omdat it soarte grûn fan de Lege Midden him net lient foar bougrûn. It plak dêr’t se har ta wenjen hie in reden: tusken twa wetters, oan in terp, befeilige troch de Slachte tsjin it wetter fan de Middelsee en de Boarn en boppedat mei rûnom greide. It is net goed te sizzen yn hokker jier fan in doarp sprutsen wurde koe. Der kin heechút oannomd wurde dat om de tolfte iuw útwreiding fan bewenning west hat en dat doe út de eardere delsetting in doarp fierder groeid is oan de Leppedyk noard fan de Boarn. Om 1500 hinne is it âlde Akkrum delbaarnd, mar it is wer opboud.

De namme waard wol skreaun as Ackrom, Ackerem, Aeckerem, Ackerum, Ackerim en Accrum. It ûntstean fan de namme is net dúdlik. De Encyclopedie van Friesland (1958) jout oan, dat dy “misschien” ‘op de Akker’ of ‘it hiem fan Akker”, (in persoansnamme) betsjut. Ek dr. J. de Vries wiist op it lêste. Dr. Buitenrust Hettema hellet de Aldgermaanske namme “Akke” derby. Gildemacher tinkt oan de âldfryske namfalsútgong yn it meartal –en of –um. It earste stikje soe weromgean kinne op ake ‘fiskdaam’. De namme soe dan soksawat betsjutten ha as ‘by de fiskdamen’. Yn Fryslân binne mear fan soksoarte nammen foar lykas yn De Ake, in oare namme foar it Miedumer Djip. Yn de Fryske Nammekunde 2 wiist Sipma it Aldfryske wurd “Ake, Aeke of Aecke, dat wetter betsjut, sûnder dat lykwols yn ferbân te bringen mei de doarpsnamme Akkrum, mar as “Hiem oan it Wetter, mooglik ferhispele ta “Aeckerem” (1452) wol taheakke wurde kin oan de list fan ûnderstellingen. Direkt oan de namme keppele is de namme fan Eagmaryp.

Reuzen

De aardichste ferklearring fan de namme komt út in folksferhaal: Yn it reuzeteltsje binne twa reuzen de Boarn oan it graven. As de iene efterom sjocht stint er: "A, krom". Dêrfandinne de namme Akkrum en ek de Kromme Knilles. Jan de Wit makke nei oanlieding fan it teltsje foar Akkrum in keunstwurk fan de twa reuzen, dat oan It Stalt stiet.[4]

 
It âlde gemeentehûs fan Utingeradiel

Akkrum wie oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 it haadplak fan de gemeente Utingeradiel. Dêrnei wie Akkrum in doarp yn de gemeente Boarnsterhim en nei opheffing fan dy gemeente op 1 jannewaris 2014 waard it doarp by de gemeente It Hearrenfean yndield.

Kleaster Ealsum

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kleaster Ealsum.

Justjes benoarden Aldskou lei yn de midsiuwen it tsjerkedoarp Ealsum oan de Boarn; no is it in buorskip. Koart nei 1400 is dêr it dûbelkleaster 'Maria's hûs yn Bethlehem' stifte fan de tertsjarissen of beginen. Yn 1474 waarden strangere kleasterregels ynfierd. It kleaster baarnde yn 1521 ôf; it waard opnij boud, mar yn 1580 opheft.[5]

Earder yn Akkrum

bewurkje seksje
  • Oan it begjin fan de 18e iuw waard Akkrum ferneamd troch syn eksportslachterij FCE nei Londen.
  • Yn likernôch 1860 waard hjir de earste reedmakkerij fan Nederlân stifte: Steamreedmakkerij Ruiter.
  • Fan de likernôch 60 moles dy't eartiids yn Akkrum en omkriten stiene, is allinne de Mellemole bewarre bleaun.
  • It fabryk fan UT (Ulbe Twynstra), letter UTD nei de fúzje mei Delfia en op’t lêst Hendriks-UTD. De hege silo is ôfbrutsen.
  • Boarnstee is de lêste útwreiding oan de eastkant by Nes.

Akkrum hat mei Nes in mienskiplik doarpsbelang (webstee). Oars as oare doarpen hiene Akkrum en Nes gjin eigen doarpshûs. Sûnt 2019 is dat feroare mei de iepening fan Doarpskeamer ED oan de Lange Miente 5.[6][7]

 
2023 Akkrum, protestantske Terptsjerke
  • Kristlik basisûnderwiis: Dûmny Hasperskoalle (webstee)
  • Iepenbier basisûnderwiis Akkrum (webstee)
 
Kanadeeskestrjitte
 
Pleats oan de Leppedyk

De twa basisskoallen binne sûnt 2013 ûnderbrocht yn in nije mienskiplike lokaasje. Mei de iepening fan de nije Iepenbiere Skoallemienskip Sânwâlden yn Grou yn 2002 kaam der in ein oan it MAFU en de húshâldskoalle yn Akkrum. Oant dy tiid, lykwols, gongen de bêrn de lêste skoaldei fan it jier fan skoalle, sjongend troch de buorren: "Dit giet hjoed, ja dit giet hjoed foar’t lêste… ensfh".[8]

 
Kafee Kromme Knilles oan it Heechein
  • Kampioenskip Mêstklimmen 1e sneon fan july.
  • De Fryske Dei, de earste sneon yn augustus.
  • Op 25 augustus 2007 waard foar de 25e kear it Iepen Frysk kampioenskip Slingeraap holden.
  • Tûnelûke - spektakel dat yn Akkrum ûntstien is
  • De Shantydei, de earste sneon yn septimber.
 
Smellebrêge en Boarnswâl

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1848 1913 1954 1959 1964 1969 1973 1999
Ynwenners 1.143 2.050 2.491 2.530 2.571 2.564 2.491 3.213
Jier 2003 2008 2010 2015 2020
Ynwenners 3.184 3.128 3.399 3.435 3.335

(Boarnen: 2015 en 2020: Alle Cijfers)

 
Welgelegen

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Coopersburg wie in hûs foar âlderein út 1901, stifte troch de miljonêr Folkert Kuipers, “Cooper’’ op syn Amerikaansk. Mar lokaal wurdt it sein sa't it skreaun is: "Kopersburg".
  • Welgelegen mei syn teekoepeltsje út de 18e iuw.
  • Yn de Terptsjerke (1759 op it Heechein sitte brânskildere glêzen fan Thomas en Tsjalling Gonggryp fan Snits út 1761 en 1762. Yn de tsjerke is in oargel út 1856 fan Van Oeckelen. Op de Terptsjerke út de 18e iuw stiet (boppe it koer) in seemearman ynstee fan in hoanne. In seemearman is de tsjinhinger fan in (see)mearmin. Yn de Grykske mytology soenen seemearmannen grutte stoarmen oproppe kinne om sa skippen fergean te litten.
  • Yn de buorren fan Akkrum stiet de meniste tsjerke (Fermanje), dy’t dêr al foar 1600 stien hawwe moat. Dêr is oan 'e ein fan de 20e iuw in oerkape leagenbankje tsjinoan setten.
  • Oan de Polsleat stiet in restaurearre spinnekopmole.
  • Museum Boere-ark - ark en wurktugen fan foar de Twadde Wrâldoarloch, alles brûkt op deselde pleats.
 
Coopersburg

Ynfrastruktuer

bewurkje seksje

Akkrum leit oan de âlde Wei nei Oerisel en de nije A32. Dy lêste giet hjir ûnder it Leppe-akwadukt troch om't ek de Boarn troch Akkrum rint. Dy rivier komt as De Boarn fan Nes it doarp yn, en giet as de Kromme Knilles fierder nei Aldskou. Fierders jout de Meinesleat nei it súdwesten ferbining mei de Snitser Mar en jout nei suden de Polsleat ferbining mei it Hearrenfeanster Kanaal. Ek hat Akkrum in stasjon oan it Spoar fan Swol nei Ljouwert. Eastlik fan Akkrum leit jachthaven Tusken de Marren.

Strjitten yn Akkrum

bewurkje seksje

Alle strjitten yn Akkrum.

 
Mellemole
  • De 'Palmsneinoptocht' op Palmpeaske is in âlde tradysje weryn't bern mei fersierde krusen troch it doarp rinne.
  • Yn maaie 2005 waard in Winterfeest hâlden. Der waard snie makke en doe snieballen smiten, sniepoppen makke en mei in prikslide fan in 4 meter hege skeante roetst.
  • Akkrum foarmet de noardwestpunt fan de Turfrûte.
  • It fersoargingshûs Leppehiem stiet yn de wyk De Himmen.
  • Sûnt 1998 hat Akkrum in eigen ”wettertaksy”. Dy fart troch hiel Akkrum, om de toeristen út de haven hinne en werom nei it doarp te bringen.
  • Hotel Goerres is in hotel dat al hiel lang yn Akkrum stiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  It Hearrenfean  
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
  ·   ·  
  NODES
admin 1