In anekdoate is in koart, fertsjutskjend ferhaal oer in persoan of in opmerklik foarfal of in kombinaasje fan beide. Faak moat it in fenomeen of in karaktereigenskip ferklearje. Anekdoates kinne echt wêze, mar ek fiktyf, want de anekdoatyske útwreiding is in ûnderdiel fan literêre wurken dat in protte foarkomt. Faak binne anekdoates humoristysk teltsjes, dy't har fan in mop ûnderskiede trochdat it primêre doel net is om minsken oan it laitsjen te meitsjen, mar om 'e wierheid oer it ien of oar oan it ljocht te bringen. Alle anekdoates, sawol echt as fiktyf, en sawol literêr as mûnling oerlevere, hawwe in dramatyske foarm en faak subtyl (en soms net sa subtyl) oerdreaune eleminten om 'e taharker of lêzer te fermeitsjen. Yn 'e literatuer wurdt de anekdoate beskôge as in koarte foarm fan proaza, dy't heart ta it bredere sjenre fan it folksferhaal, krekt as de leginde, it mearke, de myte, de mop en de sêge.

It wurd 'anekdoate' komt fan it Grykske ἀνέκδοτον, anekdoton, dat letterlik betsjut: "net útjûn". It Grykske wurd krige syn hjoeddeiske betsjutting troch de Ἀνέκδοτα (Anekdota), dy't om 560 hinne skreaun waarden troch Prokopius fan Caesaréa. Dat wurk, wêrfan't de titel op ûnderskate wize oerset wurdt as "Net Utjûne Memoires" of "Geheime Skiednis", behannelet in rige koarte foarfallen yn 'e hofhâlding fan 'e Byzantynske keizer Justinianus I. Neitiid waard de oantsjutting 'anekdoate' stadichoan foar al sokke isolearre ynsidinten brûkt, dy't yllustrearje of de klam lizze op lykfol hokker punt dat de ferteller of skriuwer meitsje wol.

Yn it rjocht en ek yn 'e wittenskip sprekt men wol fan anekdoatysk bewiis as it bewiismateriaal foar it ien of oar berêst op in anekdoate (oftewol de beskriuwing fan in lossteand foarfal), wêrfan't de krekte wierheid en it ferbân mei de saak dêr't it om giet net mei wittenskiplik ûndersyk neigien wurde kin. Yn dy sin is 'anekdoatysk bewiis' it tsjinstelde fan wittenskiplik bewiis. It wurdt dêrom rûnom beskôge as ûnderbouwing fan hypotezes dy't mar sa-sa is. Nettsjinsteande dat kinne anekdoates dochs weardefol wêze foar wittenskiplik ûndersyk om't de waarnimmings fan opmerklike foarfallen tsjinje kinne as begjinpunt fan ûndersyk neffens de wittenskiplike metoade.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES