Angelsaksyske ynvaazje

By De Angelsaksyske ynvaazje krongen by de folksferhuzing yn de 5e iuw Angelen út Sleeswyk-Holstein en Saksen fan tusken Elbe en Weser Noard-Nederlân yn.

Dat se hjir wenne hawwe blykt út grêffjilden yn Hegebeintum, Bitgum en Ferwert. It diggelguod dat ûnder oare Pieter Boeles as bewiismateriaal brûkt wiist heechút op ymportbeweging en hannelsferbinings. Der soene miskyn technysk-politike oerwichtsferhâldingen út opmakke wurde kinne. Britsk-Romeinske ynfloed op it Angelsaksyske ierdewurk is der wol. Dit potguod wurdt allinnich yn grutte terpen oan de kust fûn, dêr't ek de hannelskontakten mei Ingelân wienen. It waard brûkt as brânurn en wie kostber. Ek de ymport út it Rynlân waard sadanich brûkt.

It is ûnwis hoefolle emigranten hjir bleaun binne en hoefolle fierder teagen nei Ingelân. It ienichste dat op in ynvaazje wize koe is it brûken fan in minderheid om de deaden te ferbaarnen. De Friezen beïerdigen oant dy tiid de deaden. De kremaasjes binne yn de rin fan de 7e en 8e iuw wer ferdwûn. Yn de tiid fan de folksferhuzing, doe't dus de kremaasje en it begraving yn de rjochting noard-súd neist inoar foarkamen fine wy beide foarmen fan deadekultus troch elkoar, soms yn ien grêffjild yn in selde perioade. Wylst Boeles mient dat der gjin Anglo-Fryske kultuer ûntstien is, bestride oaren lykas Pieter Sipma dit.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. e.o., Encyclopedie van Friesland, 1958. Angelsaksische invasie.
  NODES