Apollo (Attysk Aldgryksk: Ἀπόλλων, Apollōn, útspr.: [Apɔllɔ:n], likernôch "Apollôn"; Latyn: Apollo) is yn 'e Grykske en Romeinske mytology de god fan 'e muzyk, de poëzij, keunst en wittenskip, orakels, it bôgesjitten, de genêskunde, sykten, kolonisaasje, de sinne en it ljocht. Yn 'e Grykske myten wurdt er foarsteld as de soan fan 'e oppergod Seus en de titaanske goadinne Leto, en de twillingbroer fan Artemis, de goadinne fan 'e jacht. Neitiid waard er fia de Grykske koloanjes dêre nei Itaalje ferspraat, mei as gefolch dat er opnommen waard yn it Romeinske panteön. Fia de Romeinen waard syn ferearing neitiid wer oernommen troch de Etrusken (dy't him Apulu neamden) en in grut diel fan 'e Kelten op it Jeropeeske fêstelân.

Apollo
Ἀπόλλων (Apollōn)
persoanlike bysûnderheden
bynamme Hear fan de Sulverne Bôge
religy Gryksk heidendom
Romeinsk heidendom
Etruskysk heidendom
Keltysk heidendom
domein muzyk, poëzij, keunst, wittenskip,
orakels, bôgesjitten, genêskunde,
sykte, de sinne en it ljocht
wente de Olympus
famyljerelaasjes en oare besibskip
oarehelte gjint
heit Seus
mem Leto
suster Artemis
soan Asklepius, Aristeus, Orfeus,
Troilus e.o.
dochter de jongere muzen e.o.
attributen
foarwerp liere, lauwerkrâns, pylk-en-bôge
plant palmbeam
bist dolfyn, raven, wolf, ree, swan e.o.

De etymology fan 'e namme Apollo is ûnwis. Al oan it begjin fan it histoaryske tiidrek hie de Attyske en Ioanyske foarm Ἀπόλλων (Apollōn, útspr.: [Apɔllɔ:n], likernôch "Apollôn") hast alle oare farianten ferkrongen, mar de Doaryske foarm Ἀπέλλων (Apellōn, útspr.: [Apɛllɔ:n], likernôch "Apellôn"), de Eoalyske foarm Ἄπλουν (Aploun, útspr.: [Aplu:n], likernôch "Aplûûn") en de Arkadosyprioatyske foarm Ἀπείλων (Apeilōn, útspr.: [Apɛilɔ:n], likernôch "Apeilôn") binne ek oerlevere.

Saakkundigen binne fan betinken dat de Doaryske fariant it âldst is, en wierskynlik oerienkomt mei de Doaryske moanne-namme Ἀπελλαῖος, Apellaios, en de offers (ἀπελλαῖα, apellaia) dy't jongfeinten brochten ûnder it famyljefeest ἀπέλλαι, apellai. Guon taalhistoarisy tinke dat al dy wurden úteinlik weromgeane op it Doaryske wurd ἀπέλλα, apella, dat oarspronklik "muorre" of "ôffreding foar fee" betsjutte, mar letter "gearkomste binnen de grinzen fan it plein". Dêrmei soe de namme Apollo dus besibbe wêze oan ús wurd "appèl".

 
In stânbyld fan Apollo út 120-140 (n.Kr.).

In oare teory siket de oarsprong fan 'e namme Apollo bûten it Grykske taalgebiet, nammenste mear mei't de namme fan syn mem Leto in dúdlik Lydyske orizjine hat. In oare oanwizing op dit mêd kin wêze dat Homêros Apollo yn syn Ilias (ien fan 'e âldste oerlevere wurken fan 'e Westerske literatuer) ôfskilderet as in skriklike god, dy't mei de Trojanen tsjin 'e Griken fjochtet en dy't troch de Griken minder fertroud wurdt as oare goaden. Fan Apollo is de Hettityske foarm Appaliunaš bekend út it Manapa-Tarhûnta-brief. Dy foarm fan 'e namme is mooglik besibbe oan Aplu, in Hoerrityske god fan sykten, wêrfan't de namme mooglik wer ôflaat is fan it Akkadyske Aplu Enlil, dat ienfâldichwei "soan fan Enlil" betsjut, in titel fan 'e god Nergal, dy't wer ferbûn wie Sjamasj, de Babyloanyske sinnegod. Yn dit ferbân is it ynteressant om oan te tsjutten dat Apollo sawol de Grykske sinnegod as de god fan 'e sykten is.

De namme fan Apollo liket ôfwêzich te wêzen yn it oerlevere Lineêr B-skrift fan it Myseensk Gryksk (1700-900 f.Kr.), hoewol't syn titel Paian (of Paean) wol deeglik neamd wurdt. Sadwaande wurdt wol spekulearre dat Paian in foargonger fan Apollo wie, dy't letter mei him gearraand is. De grutte sintra fan 'e kultus fan Apollo, Delfy en Delos, datearje út 'e achtste iuw f.Kr. Delos dielde er mei syn suster Artemis, en te Delfy stie syn ferearing benammen yn it teken fan syn oerwinning op 'e slange Pyton. Foar de âlde Griken wie Apollo eins alle goaden gearbrocht ûnder ien namme, mei't er in wiid ferskaat oan domeinen hie. Hoewol't er yn 'e Klassike Aldheid fan 'e stêden en de skriuwende elite benammen de god fan 'e skiene keunsten en it ljocht wie, hied er foar it miene folk op it plattelân dochs fral de funksje om kwea tsjin te kearen. It is mooglik dat dy kant fan Apollo, dy't sterk ferbûn wie mei syn aspekt fan bôgesjitter, weromgiet op in Proto-Yndo-Jeropeeske oarsprong, mei't er yn dizze foarm sterk oerienkomt mei de Vedyske god Rûdra.

Apollo wie foar de âlde Griken de god fan 'e muzyk, de poëzij, keunst en wittenskip, orakels, it bôgesjitten, de genêskunde, sykten, de sinne en it ljocht. Dat er benammen bekendstiet as de god fan 'e skiene keunsten en de wittenskip, komt trochdat wy him fral kenne út it oerlevere wurk fan dichters en skriuwers út 'e Aldheid, foar wa't dat fansels syn wichtichste funksjes wiene. Datoangeande waard er û.m. beskôge as de lieder fan 'e muzen.

Mar de boeren op it Grykske plattelân seagen him mear as beskermer tsjin it kwea, dêr't er it as de Hear fan 'e Sulverne Bôge mei syn nea-missende pylken tsjin opnaam. Ek wie syn funksje as sinnegod wichtich, en yn dy hoedanichheid raande er op it lêst suver gear mei de titaan Helios, in eardere sinnegod, krekt sa't syn suster Artemis stadichoan identifisearre waard mei Selene, de titaanske goadinne fan 'e moanne. Yn 'e Romeinske mytology wist de sinnegod Sol lykwols oan 'e Iere Midsiuwen ta syn selsstannigens fierhinne te behâlden. Apollo rekke letter ek ferbûn mei kolonisaasje, en it wie nei alle gedachten yn syn foarm fan riedshear fan 'e Grykske koloanjes yn súdlik Itaalje, dat er trochkrong yn it Romeinske panteön.

Apollo syn patronaat fan 'e genêskunde droech er geandewei mear oer oan syn soan, de god Asklepius, al behold er sels it nau mei genêskunde ferbûne aspekt fan syktebringer. In oare soan fan Apollo, Aristeus, ûntjoech him ta de god fan it fee, fruchtbeammen, de de jacht en ymkerij. Hy soe de minsken leard hawwe hoe't se fee melke moasten, hoe't se oliifbeammen kweke moasten en hoe't se bisten fange koene yn netten en fâlen.

 
De ruïne fan 'e Timpel fan Apollo te Delfy, yn sintraal Grikelân.

In tige wichtich, mar faak ûnderbeljochte aspekt fan Apollo wie fierders syn funksje as god fan profesije. Der wiene nammentlik ferskate orakels oan him wijd, wêrfan't it bekendste it Orakel fan Delfy wie. Ienris yn 'e fjouwer jier waarden te Delfy ta eare fan Apollo de Pytyske Spullen holden (neamd nei Pyto, de krite om Delfy hinne). Oare Apolloanyske orakels wiene fêstige yn Abai, yn 'e lânstreek Fokis; yn Bassai, yn 'e Peloponnesos; yn 'e stêd Korinte; op it eilân Delos; yn westlik Lyts-Aazje te Klarus, Chyrse, Didyma en Patara; en yn Segesta, op Sisylje.

Apollo wurdt almeast ôfbylde mei pylk-en-bôge of mei de kitara, in heechûntwikkele foarm fan 'e liere. Teffens hat er wolris in plektrum of in swurd by him, en ek de offertrijepoat is mei him ferbûn, mei't dy't Apollo syn profetyske macht symbolisearret. Ek de lauwerkrâns as symboal foar oerwinning nei it bringen fan offers is fan oarsprong sterk mei Apollo assosjearre. Fan 'e planten wie de palmbeam hillich foar Apollo, mei't er op Delos ûnder sa'n beam berne wêze soe. Yn 'e bistewrâld waarden benammen dolfinen en ravens mei Apollo assosjearre, mar ek wol wolven, reeën, swannen, hauken, kraaien, slangen, mûzen en sikades, lûdroftige ynsekten dy't muzyk en sang symbolisearren. Ek mei de mytyske griffioen (heal earn, heal liuw) wie Apollo ferbûn.

 
De Liuwen fan Delos, op it Grykske eilân Delos, dêr't Apollo berne wêze soe.

Myten oer Apollo

bewurkje seksje

Berte en iere jonkheid

bewurkje seksje

Doe't Heara, de frou fan Seus, ûntdiek dat de titaanske goadinne Leto swier wie en dat Seus de heit wie, ferbea hja Leto om har bern it libben te skinken op 'e fêste ierde. Lokkigernôch fûn Leto yn har dêropfolgjende swalkerstocht it driuwende eilân Delos, dat noch ûnderdiel fan it fêstelân, noch in echt eilân wie. Heara ûntfierde doe Eileitya, de goadinne fan 'e berte, sadat Leto net befalle koe, mar de oare goaden wisten Eileitya te befrijen nei't se Heara ôflaat hiene mei in 8 m lang halskeatling fan barnstien. Sadwaande koe Leto dochs har bern te wrâld bringe. It die bliken dat it om in twilling gie, wêrfan't Artemis, de goadinne fan 'e jacht, it earst berne waard, op it eilân Ortygia. Hja holp har mem de oare deis by de berte fan Apollo, nei't Leto de seestrjitte nei Delos oerstutsen wie. Neitiid befêstige Seus Delos oan 'e seeboaiem, sadat it in gewoan eilân waard.

Heara stjoerde lykwols fjouwer dagen nei de berte fan Apollo de meunsterlike slange (of draak) Pyton, dy't te Delfy libbe, om Leto te deadzjen. Apollo smeke dêrop syn healbroer Hefaistos, de godlike smid, om in pylk-en-bôge foar him te meitsjen. Doe't er dy krigen hie, jage er Pyton werom nei Delfy, dêr't er him yn in grot fûn en deade. Dy grot waard dêrnei troch ferearders fan Apollo as hillich beskôge, en it wie dêr dat it Orakel fan Delfy letter residearre. Dêrnei stjoerde Heara de reus Tityos om Leto te ferkrêftsjen. Apollo en Artemis giene de striid mei him oan, en úteinlik griep Seus yn en smiet Tityos yn 'e ûnderwrâld Tartarus, dêr't er fêstset waard oan 'e rotsflier en dêr't in pear gieren eltse dei fannijs syn lever opfrieten.

 
Apollo en syn suster Artemis op in stik ierdewurk (datearjend fan 470 f.Kr.) yn it Louvre te Parys.

Lettere dieden

bewurkje seksje

De liere fan Apollo

bewurkje seksje

Hermes, de godlike boadskipper, waard berne op 'e berch de Kyllini, yn Arkaadje, nei't syn mem Maia, de dochter fan 'e titaanske reus Atlas, yn it geheim troch Seus swiermakke wie. Maia bewuolle har poppe yn tekkens, mar de wetterflugge Hermes pykte út doe't hja lei te sliepen. Hy draafde alhiel nei Tessaalje ta, dêr't Apollo syn kij oan it weidzjen wie. Hermes naaide út mei in stikmannich fan 'e kij, en yn in grot yn 'e neite fan Pylos fûn er in seeskylpodde, dy't er lytsman makke. Mei it yngewant fan in ko en it lege skyld fan 'e skylpodde makke er doe de earste liere.

Doe't Apollo úteinlik it spoar fan 'e bûkeman werom folge hie nei de Kyllini, beklage er him foar Maia oer it hâlden en dragen fan har soan. Mei't Hermes lykwols al wer werom west hie doe't hja wekker waard, leaude se neat fan Apollo syn beskuldigings. Dêrop ferskynde Seus, dy't alles sjoen hie, en sei dat Apollo gelyk hie. Op dat stuit begûn Hermes op 'e liere te spyljen, en Apollo, god fan 'e muzyk dat er wie, rekke daliks fereale op it lûd fan dat nije ynstrumint. De hiele saak koe doe sust wurde troch de missende kij tsjin 'e liere te ruiljen.

Trojaanske Oarloch

bewurkje seksje

Neffens it ferhaal rekke Apollo fereale op Kassandra, de dochter fan Priam, de kening fan Troaje. Hja wie de healsuster fan syn soan Troilus, dy't Apollo by Kassandra har mem, keninginne Hekûba, oanset hie. Om Kasandra te ferlieden ûnthiet Apollo dat er har de jefte fan it profetearjen jaan soe, mar nei't se him dat ûnthjit ôftwongen hie, wiisde se him ôf. Poerlulk joech Apollo har yndie it fermogen om yn 'e takomst te sjen, mar hy foege der in flok oan ta, sadat se inkeld trageedzjes sjen koe en sadat nimmen har warskôgings deroer ea leaude.

Neffens de Ilias makken de Griken ûnder de Trojaanske Oarloch in Trojaanske jongfaam bút mei de namme Chryseis. Hja wie de dochter fan Chryses, in preester fan Apollo, dy't neitiid besocht har frij te keapjen, mar troch Agamemnon, de kening fan Mysene en lieder fan 'e Griken, ôfstegere waard. Ut wraak foar dy mislediging beskeat Apollo doe it Grykske legerkamp mei pylken dy't besmet wiene mei in skriklike sykte. Hy easke dat Chryseis fuortendaliks weromjûn wurde soe, en doe't se yn 'e kunde kommen wiene mei Apollo syn metoaden woene de Griken datoangeande wol omlyk. Chryseis waard dêrnei troch Agamemnon weromstjoerd nei Troaje, wat de lulkens opwekke fan 'e Grykske held Achilles, dy't fereale op har wurden wie.

 
De ruïne fan 'e Timpel fan Apollo te Chryse (no Çanakkale), yn Turkije.

Noch twa oare kearen griep Apollo, neffens de Ilias, persoanlik yn 'e Trojaanske Oarloch yn. Sa rêde er de Trojaan Aineäs, dy't troch de Gryk Diomedes ferwûne wie. En teffens holp er de Trojaanske prins Paris om Achilles te deadzjen troch de pylk fan Paris syn bôge nei de hakke fan Achilles ta te lieden, it iennichste kwetsbere part fan dy syn lichem (syn Achilleshiel). Hoewol't it net mei safolle wurden sein wurdt yn 'e Ilias, wurdt dat faak sjoen as de wraak fan 'e god foar it feit dat Achilles earder Apollo syn eigen soan Troilus fermoarde hie op it alter yn 'e Timpel fan Apollo.

Tsjinner fan Admetus

bewurkje seksje

Doe't Seus Apollo syn soan Asklepius mei in wjerljochtslach te liif gie om't dy Hippolytus wer ta libben wekke hie (en dêrmei dus de ûnderdienen fan Seus syn broer Hades, de god fan 'e ûnderwrâld, stellen hie), naam Apollo wraak troch de syklopen te deadzjen dy't de wjerljochtslach foar Seus makke hiene. Dêrfoar woe Seus syn soan foargoed nei Tartarus ferbalje, mar Apollo syn mem Leto wist de straf omleech te krijen ta ien jier twangarbeid. Dat jier folbrocht Apollo as skiephoeder foar kening Admetus fan Ferai, yn Tessaalje. Admetus behannele Apollo goed, en yn ruil stoarte Apollo grutte seinigings oer Admetus út.

Sa holp er de kening om it hert te winnen fan Alkestis, de dochter fan kening Pelias, en letter beprate er de skikgoadinnen om Admetus langer libje te litten as dat syn lot wie, as de kening alteast in oar fine koe om yn syn plak te stjerren. Admetus hie tocht dat syn âlden wol foar him stjerre wolle soene, mar dat bliek in misrekken te wêzen. Sadwaande wie it úteinlik Alkestis dy't syn plak ynnaam, en dêrmei namen de saken in kear dy't Admetus nea bedoeld hie. Lokkigernôch foar him wist Apollo syn healbroer Hearakles neitiid Tanatos, de dea, te twingen om Alkestis weromkeare te litten nei de wrâld fan 'e libbenen.

 
Apollo en Artemis deadzje de bern fan Niobe (in skilderij fan Jacques-Louis David út 1772).

Niobe wie in keninginne fan Tebe, en de frou fan kening Amfion. Se spriek op oer hoefolle oft se wol net mear wurdich wie as de goadinne Leto, mei't sy fjirtjin bern te wrâld brocht hie, sân soannen en sân dochters, in Leto mar twa. Ut wraak foar dat ôfjaan op harren mem deade Apollo Niobe har soannen en syn suster Artemis har dochters, hoewol't der neffens guon ferzjes fan 'e myte ien of mear bern beholden bleaune (yn 'e regel Chloaris). Doe't er syn deade bern seach, makke Amfion himsels fan kant, of waard er, neffens in oare ferzje fan it ferhaal, troch Apollo deade om't er wraak swarde.

De ûntheistere Niobe flechte nei de berch de Sipylos, yn Lyts-Aazje, dêr't se ûnder it skriemen yn stien feroare. Har triennen foarmen dêr de rivier de Achelous. Om't Seus alle ynwenners fan Tebe yn stien feroare hie, bleaune de liken fan 'e bern fan Niobe lizzen dêr't se fallen wiene, oant de goaden harren op 'e njoggende deis nei harren dea eigenhandich begroeven.

Apollo en Dionysus

bewurkje seksje

Apollo, dy't foar harmony, oarder en de rede stie, hie syn spegelbyld yn syn healbroer Dionysus, de god fan 'e wyn, dy't ekstaze en dusoarder represintearre. De kontrastearjende rol fan dy beide goaden sjocht men ek werom yn 'e eigenskipswurden "apolloanysk" en "dionysysk", dy't yn 'e regel yn 'e kontekst fan 'e Aldgrykske literatuer brûkt wurde. Apollo en Dionysus kinne lykwols ek as oanfoljend beskôge wurde; want as Apollo by 't winter ôfsette nei it uterste noarden, liet er neffens de myten syn orakel te Delfy oer oan 'e soargen fan Dionysus.

 
Apollo en Dafne, in stânbyld fan Gianlorenzo Bernini.

Apollo hie gjin oarehelte, mar der wurdt oan him yn 'e myten in ferskaat oan frijaazjes taskreaun. Hoewol't de amûrettes fan Apollo yn 'e Grykske mytology in lette ûntwikkeling foarmje, waarden se letter troch de skilders fan 'e Renêssânse faak en mei gragens ôfbylde om't it sokke libbene ferhalen binne.

Ien fan 'e bekendste myten op dit mêd is dy oer de nimf Dafne, de dochter fan 'e riviergod Peneus. It Grykske wurd δάφνη, daphnē, betsjut "laurier(beam)", wat de bân tusken Apollo en de lauwerkrâns (makke fan laurierblêden; dêrfandinne de namme) ferklearret. Neffens it ferhaal pleage Apollo Earos, wêrby't er it mei de gek besloech dat dy mei in wapen "omboarte" (ntl. pylk-en-bôge) dat foar folwoeksen manlju bedoeld wie. Dêrop rekke Earos him mei in goudene pylk (dy't leafde feroarsake), wylst er tagelyk Dafne mei in leadene pylk rekke (dy't ôfkear feroarsake). De fereale Apollo waard sadwaande ôfwiisd troch Dafne, mar dêr liet de god it net by sitte. Hy hjitfolge de nimf lange tiid troch it wâld, oant hja op 't lêst oan har heit (of mooglik oan Apollo syn suster Artemis) om help bidde, mei as gefolch dat Dafne feroare waard yn in laurierbeam.

In oare nimf op wa't Apollo fereale rekke, wie Kastalia, dy't krektlyk foar him flechte en yn 'e welle te Delfy doek, oan 'e foet fan 'e berch de Parnassos. Neitiid waard dy boarne de Kastaliaanske Welle neamd en as hillich beskôge. It wetter dêrwei waard brûkt om 'e timpels fan Delfy mei te himmeljen, en de preesteressen dronken it om ynspiraasje op te dwaan.

Wer in oare myte fertelde it ferhaal fan Leukoteä, de dochter fan kening Orchamus, dy't fereale rekke op Apollo (of Helios). De god naam de foarm fan Leukoteä har mem oan om har keamers yngean te kinnen. Mar Leukoteä har suster Klytia, dy't ek fereale wie op Apollo en de god foar harsels hawwe woe, briek it fertrouwen fan har suster en brocht alles út oan Orchamus. Dy wie poerrazen, en oardere dat Leukoteä libben begroeven wurde moast. Apollo ferjoech Klytia har ferrie nea, en it fanke kwûn stadichoan fuort en stoar. Nei har dea feroare Apollo har yn in sinneblom of mooglik in heliotroop, dy't eltse dei de sinne folget.

Behalven minneressen hie Apollo ek frijers, wêrfan't de bekendste de kreaze jonge Spartaanske prins Hyasintus wie. Hja wiene op in dei tegearre atletyk oan it oefenjen, doe't in diskus dy't troch Apollo smiten wie, troch Sefyrus, de god fan 'e westewyn (dy't jaloersk op him wie om't er sels ek in eachje op Hyasintus hie), fan koerts blazen waard sadat er Hyasintus op 'e holle rekke. De jonge prins wie op slach dea. Apollo wie suver stikken fan fertriet, en skoep ta oantins in blom dy't er nei syn minner ferneamde (de hyasint).

In oare frijer fan Apollo wie Syparissus, in ôfstammeling fan syn healbroer Hearakles. Apollo joech him in nuete ree as selskipsdier, mar Syparissus deade it bist by fersin mei syn werpspeetse doe't it stil lei te sliepen yn it strewelleguod. Neitiid frege Syparissus Apollo om syn triennen foar ivich falle te litten, en dêrom feroare Apollo him yn in sypresse (ek wer ferneamd nei Syparissus), dy't troch de âlde Griken as in fertrietlike beam beskôge waard, mei't it sop lytse dripkes op 'e stamme foarmet dy't kwa foarm wol wat wei hawwe fan triennen.

List fan neiteam fan Apollo

bewurkje seksje
 
In byld fan Apollo troch de Florentynske byldhouwer Pietro Francavilla, út 1591.
mem bern
Akakallis
  1. Amfitemis (Garamas)
  2. Fylasides
  3. Fylander
  4. Miletus (mooglik)
  5. Naksos
  6. Oäkses (mooglik)
Etûsa Eleuter
Aganippe Chios
Alsiopé Linus (mooglik)
Anchiale Oäkses (mooglik)
Areia Miletus (mooglik)
Astykomé Eumolpus (mooglik)
Arsinoé
  1. Asklepius (mooglik)
  2. Eriopis
Babylo Arabus
Chione Filammon (mooglik)
Chrysorte Koronus
Chrysotemis Partenos
Danaïs de Korybanten (mooglik)
Deione Miletus (mooglik)
Dia Dryops
Dryopé Amfissus
de frou fan Erginus Trofonius (mooglik)
Euboea Agreus
Evadne Iamus
Filonis Filammon (mooglik)
Ftia
  1. Doarus
  2. Laodoarus
  3. Polypoëtes
Hekate Skylla (mooglik)
Hekûba
  1. Hektor (mooglik)
  2. Troilus
Hypermnestra Amfiaraus (mooglik)
Hyria (of Tyria) Syknus (of Kyknus)
Kalliopé (muze)
  1. Ialemus
  2. Linus (mooglik)
  3. Orfeus (mooglik)
Kelaino Delfus (mooglik)
Koronis Asklepius
Koryseia Lykoarus (of Lykoreus)
Kreusa Ion
Leukonoé Filammon (mooglik)
Lysia
  1. Eikadius
  2. Patarus
Manto Mopsus
Melaina Delfus (mooglik)
Melia
  1. Ismenus
  2. Tenearus
Otreis Fager
Parnetia Synnes
Parténopé Lykomedes
Prokleia Tenes (mooglik)
Psamate Linus (mooglik)
Retia de Korybanten (mooglik)
Roeo Anius
Rodoessa Seos
Rodopé Sikon
Sinopé Syrus
Syrene
  1. Aristeus
  2. Autuchus
  3. Idmon (mooglik)
Stilbe
  1. Aineus
  2. Lapites
  3. Sentaures
Syllis (of Hyllis) Seuksippus
Talia (muze) de Korybanten (mooglik)
Tearo Chairon
Temisto
  1. Galeotes
  2. Telmessus (mooglik)
Tyia Delfus (mooglik)
Urania (muze) Linus (mooglik)
Ureä Ileus
ûnbekende mem

de jongere muzen:

  1. Apollonis
  2. Borystenis
  3. Sefisso
ûnbekende mem Akraifeus
ûnbekende mem Chariklo (mooglik)
ûnbekende mem Erymantus
ûnbekende mem Femonoé
ûnbekende mem Maratus
ûnbekende mem Megarus
ûnbekende mem Melaneus
ûnbekende mem Onsius
ûnbekende mem Pisus

Rollen en oantsjuttings

bewurkje seksje

Krek as de measte Olympyske goaden hie Apollo in ferskaat oan bynammen of titels, wêrfan't de measten ferwiisden nei de toponimen fan plakken dêr't er fereare waard, en oaren te krijen hiene mei syn spesifike domeinen. De wichtichsten dêrfan wiene:

  • Phoebus Apollo of Phoibos Apollo, letterlik: de Strieljende Apollo, ferwizing nei syn rol as god fan it ljocht.
  • Didymaeus Apollo of Didymaios Apollo, in ferwizing nei it feit dat Apollo in twillingbern wie.
  • Delius Apollo of Delios Apollo, de Apollo fan it eilân Delos.
  • Cynthius Apollo of Kynthios Apollo, de Apollo fan 'e berch de Kyntos, op it eilân Delos.
  • Delphinius Apollo of Delphinios Apollo, de Apollo fan Delfy.
  • Pythius Apollo of Pythios Apollo, de Apollo fan Pyto, de krite om Delfy hinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


  NODES
Idea 1
idea 1
Note 1