Artefakt (archeology)

In artefakt (Latyn: arte factum - 'keunstmjittich makke') is yn de archeology de beneaming foar elts ferpleatsber ding dat troch minsken makke, bewurke en/of brûkt is. (Bouwurken, sa as de piramide fan Cheops en de hunebêden yn Drinte, binne dus gjin artefakten.) Artefakten wurde meast by opgravings fûn. Inkelde foarbylden fan artefakten: in fjoerstiennen fûstbile, in terrakotta amfora, in brûnzen fibula, in barnstiennen kraal, kleanguod, in gouden munt, in bienen fiskheak, diggelguod, ensafuorthinne.

Foarbyld fan in artefakt: in brûnzen Etruskyske ex-voto fan in kouros. Fynplak: Chiusi. ± 550-530 foar Kristus Britsk Museum, Londen.

Somtiden wurdt der yn de archeology neier ûnderskied makke tusken fynsten dy't mei opsetsin makke of bewurke binne: artefakten, en ekofakten of biofakten, de objekten dy't wol mei it minsklik libben te krijen hawwe, mar net troch minsken makke binne. Dan giet it om saken as natuerlike materialen (bygelyks nôtresten, bonken fan húsdieren (fee), stofmoal).

  NODES