Arum
Arum is in Frysk doarp yn it uterste noarden fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Oant de gemeentlike weryndieling fan 2011 wie it part fan 'e gemeente Wûnseradiel. It doarp leit yn 'e Greidhoeke, noardlik fan Wytmarsum.
Arum | ||
De Gekroonde Leeuw Sytzamawei 15 - herberch út 1867 - wie in halte oan de tramline Harns - Boalsert | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1055 (2021)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8822 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 7' 47" NB, 5° 28' 31" EL | |
Himrik fan Arum yn de eardere gemeente Wûnseradiel | ||
Offisjele webside | ||
Side Arum | ||
Kaart | ||
Under it doarp falle ek de buorskippen Baarderbuorren en de Grauwe Kat.
Skiednis
bewurkje seksjeYn in stik lân op Baarderbuorren is in skelet fûn fan in bern, dat dêr om sawat 100 jier foar de jiertelling begroeven wêze moat. Dêrom tinkt men ek dat Arum ûntstien is op it plak fan Baarderbuorren. De âldste boarne dy't oer Arum skriuwt is fan 1410
Op 4 july 1380 waard tichtby Arum in fjildslach levere tusken de muontsen fan de Lúntsjerk en dy fan Aldekleaster, wêrby't mear as 130 man sneuvelen. Goed 50 jier letter yn 1420 waard hjir opnij slach levere. De eallju Sicke Gratinga en Gale Hania, swier ferwûne, waarden doe nei Lúntsjerk werombrocht. Hania soe stjerre oan syn ferwûnings. Yn 1895 wurdt by de ôfgraving fan in terp in lyts houten swurd fûn út it jier 600.
Foarname famyljes dy't it foar it sizzen hienen yn Arum wiene: Beijma (Baaiemerleane); Van Sytzama (Sytzamawei) en Fan Cammingha (Fan Camminghawei).
It measte ferfier yn Arum gie earder oer it wetter. Yn 1890 komt der yn Arum in tramstasjon.
Doarpswapen
bewurkje seksjeIt wapen fan Arum bestiet út trije fliëkamen. Om't de boeren eartiids bekend stiene om harren fliejepleach. Hja fûnen dêrom de fliejekaam út. De Arumer boeren binne der nea folle better fan wurden, want se ha der nea in oktroai op hân.
Mienskip
bewurkje seksjeIt âldste doarpshûs fan Fryslân waard hjir yn 1926 oprjochte. It wie in houten geboutsje dat mei in foarskot fan de doarpsdokter oankocht waard troch it Departemint fan de Maatskippij ta Nut fan 't Algemien. It kontaktbledsje hjit De Skille.
Underrjocht
bewurkje seksjeOant 2017 hie it doarp twa skoallen; de iepenbiere skoalle De Opslach en de kristlike skoalle De Hoekstien. Dêrnei binne de ta skoallen gearfoege ta de moetingskoalle De Oanrin.
Ferienings
bewurkje seksje- Fuotbalferiening Arum
- Tennisferiening Arum
- GF Sparta - gymnastyk
- Keatsferiening Willem Westra
- Thrium - foljebal
- Kulturele Kommisje
- Frysk Selskip Arum
- Teater Selskip Arum
- iisklup Arum
- CMV Wubbenus Jacobs (fanfare)
Befolking
bewurkje seksjeTsjerken
bewurkje seksjeFerneamde Arumers
bewurkje seksjeBerne yn Arum
bewurkje seksje- Pieter Baukes Yetsenga (1865-1943), keatser
- Seakle Greijdanus (1871-1948), teolooch
- Jacob Wijngaard (1944), wiskundige en heechlearaar
Stoarn yn Arum
bewurkje seksje- Pieter Baukes Yetsenga (1865-1943), keatser
Ferskaat
bewurkje seksje- Yn de eardere slachterij sit no it Rock&Roll museum
Strjitten
bewurkje seksjeAlle strjitten yn Arum
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|