Assendelft is oarspronklik in lintdoarp yn 'e provinsje Noard-Hollân en makket diel út fan 'e gemeente Saanstêd. It doarp is fan oarsprong opdield yn ferskillende buorskippen: Noordeinde, Kerkbuurt en Zuideinde. Letter binne dêr Langeheit en wat nei de oanlis fan it Noardseekanaal oerbleaun wie fan it plak Buitenhuizen bykommen. Oan 'e westlike kant bestiet it doarpsgebiet út poldergebiet mei noch in diel fan 'e buorskip Busch en Dam. Oan 'e eastlike kant fan Assendelft lizze de buorskippen Vrouwenverdriet en Nauerna.

Assendelft
Sint-Odulfustsjerke
Sint-Odulfustsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Saanstêd
Sifers
Ynwennertal 24.510 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 31,89 km²
Oar
Postkoade 1566, 1567
Koördinaten 52° 29 'NB, 4° 45 'EL
Kaart
Assendelft (Saanstêd)
Assendelft

Assendelft hat de langste doarpsstrjitte fan Nederlân, dy't fan it Noardseekanaal oant Krommenie yn in noarden rint. De strjitte is 7,2 km lang. Assendelft hat 24.510 (1 jannewaris 2023) ynwenners. It grutste part dêrfan wennet yn 'e finekswyk Saendelft.

 
19e-iuwske kaart fan Assendelft.

Assendelft, Eastsaan en Westsaan ha de âldste skiednis fan 'e Saankrite. Om likernôch 500 f.Kr. ûnstie de earste bewenning yn 'e krite. Opgravings brochten delsettings fan 'e earste bewenners oan it ljocht. It hjoeddeike Assendelft leit hûnderten meters fierder nei it noarden.

It doarp waard yn it jier 1063 foar it earst as Ascmannedilf neamd. Mooglik moat de betsjutting socht wurde yn in ferbining fan 'e Fryske namme Askema mei de namme Delft (grêft), it wetter east fan it doarp.

De ynwenners ha as skelnamme Spanjoalen. Tusken 1572 en 1576 besetten Spaanske troepen Assendelft en oars as oare Saanske plakken waard Assendelft net plondere. De reformaasje wie minder suksesfol yn Assendelft as oare Saanske plakken en de befolking bleau foar in grut part roomsk-katolyk. Yn 1809 wie 52,9% fan'e ynwenners noch katolyk, yn 1960 wie dat 47,50%.

Oant 1974 bleau Assendelft in selsstannige gemeente. Wat oerflak oanbelanget wie it de grutste gemeente fan 'e Saankrite. Yn 'e gemeente Assendelft wie de KVP/RKPN de sterkste fraksje.[1]

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Assendelft hat twa tsjerken, dy't alletwa oan 'e Doarpsstrjitte steane:

  • de protestantske tsjerke is in gebou út 1894-1895 en hat in belangryk Bakker & Timmenga-oargel.
  • de roomske Sint-Odulfustsjerke is in monumintale tsjerke út 1863.

De wettertoer fan Assendelft datearret út 1885. It is de âldste noch besteande wettertoer yn Noard-Hollân, al wurdt er net mear as wettertoer brûkt. Yn 'e jierren 1980 waard de wettertoer ferkocht. Oant 2023 siet in restaurant yn 'e wettertoer. Tsjintwurdich docht er tsjinst as kantoar.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Gemeente Saanstêd  
Stêd:
Saandam
Doarpen:
AssendelftKoog aan de ZaanKrommenieWestknollendamWestsaanWormerveerZaandijk
Buert:
Saanske Skâns
  ·   ·  
  NODES