It atoomnûmer jout oan hoefolle protoanen yn 'e kearn fan in atoom binne. It atoomnûmer is in wichtich begryp yn de gemy. It atoomnûmer bepaalt fan in atoom wêr't it yn it Periodyk Systeem stiet en ek hokfoar elemint it is. As in Atoom elektrysk neutraal is, is it atoomnûmer lyk oan it oantal elektroanen yn de elektroanewolk. Krekt dy elektroanen jouwe in atoom syn gemyske eigenskippen. In atoom dat net elektrysk neutraal is, is in ion.

Z - Atoomnûmer

It atoomnûmer wurdt skreaun rjochts ûnder it symboal fan it elemint. Bygelyks:

1H (Wetterstof) of 118Uuo (Ununoctium)

It tal neutroanen yn de kearn wurdt net bepaald troch it atoomnûmer. Per atoom kin it tal neutroanen yn 'e kearn oars wêze. Atomen mei itselde atoomnûmer en in ferskillend tal neutroanen binne isotopen fan elkoar. It oantal isotopen fan ien elemint nimt ta neigeraden't de eleminten swierder wurde. Sa binne der fan fluor (atoomnûmer 9) twa isotopen, mar fan joad (atoomnûmer 53) wol sânentritich.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES