Auke Cornelis Sonnega (Ljouwert, 9 maart 1910 - De Haach, 10 desimber 1963) wie in Frysk keunstner, dy’t foaral bekend wie fan de skilderijen dy’t er makke yn Nederlânsk-Ynje, op de eilannen Baly en Java. In grut part fan syn libben hat er tahâlden yn Ynje. Yn 1957 kaam er werom yn Nederlân. Nei syn dea yn 1963 waard er al gau fergetten. Fan kritisy ferwiten him dat syn wurk te 'kleurryk en dekoratyf' [1] wie. It Frysk Museum hat him earje wollen mei in útstalling fan sa’n 60 tekeningen en skilderijen yn 2000.

Auke Sonnega
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Auke Cornelis Sonnega
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 9 maart 1910
berteplak Ljouwert
stoarn 10 desimber 1963
stjerplak De Haach
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder

Auke Sonnega hie in oplieding ta tapyt- en tekstylûntwerper, en gie yn 1935 nei it doetiidske Ynje. Sonnega wie yn’t earstoan warber as ûntwerper yn Batavia. Letter reizge er oer Java en Bali en makke reisferhalen foar pleatslike kranten. Troch syn kennis en ûnderfining mei lân en folk besleat Sonnega him hielendal ta te lizzen op tekenjen en skilderjen. Op Baly wiene dûnsers en portretten fan jonge manlju en jonge froulju syn wichtichste ûnderwerpen.

De Jeropeanen Walter Spies en Rudolf Bonnet yntrodusearren westerske tema’s en techniken op Baly (under oaren it portret). Harren wurk wie fan grutte ynfloed op dat fan Auke Sonnega.

It Frysk Museum woe rjocht dwaan oan Sonnegea en eksposearre yn 2000 goed sechstich fan syn tekeningen en skilderijen.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artikel yn Trouw, 28 septimber 2000
  NODES