Autoferhier

(Trochferwiisd fan Autoferhierbedriuw)

Autoferhier is in bedriuwssektor dy't him taleit op it ferhieren fan auto's (saneamde hierauto's) oan minsken dy't net de beskikking hawwe oer in eigen auto. Soks wurdt yn 'e regel foar koarte perioaden dien, dy't útinoar rinne kinne fan in pear oeren oant in pear wiken. Autoferhierbedriuwen hawwe faak in grut tal pleatslike fêstigings yn 'e neite fan lofthavens of drokke stedsdielen, sadat men eventueel in auto by in fêstiging yn ien stêd hiere kin en him by in fêstiging yn in oare stêd wer ynleverje kin. Gauris kin men yn 't foar ek in hierauto reservearje fia in webside op it ynternet. Om dieverij fan sokke fiertugen tsjin te gean, binne alle hierauto's tsjintwurdich tarist mei in GPS-folchsysteem.

In hierauto mei reklame foar it ferhierbedriuw op it portier.

De measte klanten fan autoferhierbedriuwen binne sakelju en oare reizgers, dy't tydlik ferlet hawwe fan in auto yn in plak dêr't se net wenje. In oare groep klanten betreft eigners fan auto's dy't skansearre ot total loss rekke binne by in ferkearsûngemak, en dy't wachtsje op in reparaasje of op 'e útkearing fan 'e fersekering (hoewol't sokken, alteast yn Nederlân, yn 'e regel fan harren eigen garaazje wol in auto te lien krije kinne). Wer in oare groep klanten wurdt foarme troch lju dy't har eigen ferhuzing bewurkmasterje, mar dêrfoar in bestelbuske of in frachtwein hiere wolle. Op beskate ferhiermerken wurde soms ek oarsoartige ferfiermiddels te hier oanbean, lykas motorfytsen of scooters.

De earste autoferhierbedriuwen ûntstiene yn 'e Feriene Steaten nei't mei de yntroduksje fan 'e T-Ford de persoane-auto foar it earst in massaferfiermiddel wurden wie. Yn 1916 begûn Joe Saunders yn Omaha mei it ferhieren fan auto's; syn bedriuw waard úteinlik yn 1955 oernommen troch Avis. Yn Chicago wie Walter L. Jacobs fan 1918 ôf op dit mêd aktyf; syn bedriuw waard yn 1923 opkocht troch John D. Hertz. Yn Jeropa wie de Dútser Martin Sixt yn 1912 ien fan 'e earste pioniers op it mêd fan 'e autoferhier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references, op dizze side.


  NODES
Note 1