Bad Neuenahr-Ahrweiler
Bad Neuenahr-Ahrweiler is in stêd en gemeente yn de lânkring Ahrweiler yn it noardlike diel fan de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Bad Neuenahr-Ahrweiler | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Ahrweiler | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 26.550 (2021) | |
Oerflak | 63,39 km² | |
Befolkingsticht. | 419 ynw./km² | |
Hichte | 99 m | |
Oar | ||
Koördinaten | 50° 32' N 7° 6' E | |
Offisjele webside | ||
www.bad-neuenahr-ahrweiler.de | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje Bad Neuenahr-Ahrweiler (read) yn 'e lânkring Ahrweiler |
Troch it stedsgebiet streamt de Ahr. Yn 2021 waard de gemeente nei stjalprein slim troffen troch de floed fan de Ahr.
De gemeente bestiet út ferskillende Ortsbezirke, dy't yn guon gefallen sels wer út ferskillende Stadtteile besteane.
Ahrweiler
bewurkje seksjeYn it Stadtteil Ahrweiler is de Römervilla in besite wurdich. Dêr binne de bleatleine resten fan in 2e-3e iuwske villa út de Romeinske tiid te sjen.
Ahrweiler hat tal fan moaie en goed restaurearre fakwurkhûzen en ek de stedsmuorre bleau goed bewarre. Alle fjouwer poarten (Ober-, Walporzheimer of Gisemer Tor, Nieder- of de Rheintor, Adenbach- of Winzertor en de Ahrtor) binne der noch, mar de Adenbachpoarte waard yn 1974 nei 285 jier wer rekonstruearre. Fan'e trije midsiuwske wentuorren bleane allinnich de Weiße Turm en de faak ferboude Kolwenturm bewarre.
De katolike Laurentiuskirche oan 'e Marktplatz is in trijeskippich bouwurk út 1269 oant de iere 14e iuw. Ek oan it Marktplatz stiet it barokke waachgebou, dat út de twadde helte fan de 18e iuw stamt.
Twa fan 'e sân midsiuwske adelshôven binnen noch jimmeroan te sjen: de Prümer Hof en de Rodderhof.
Oan 'e Kalvarienbergstraße leit it kleaster fan de Ursulinen. It oarspronklike barokke kleaster waard yn 1897 gruttendiels ferfongen troch neogoatyske bou. De barokke krúswei mei 14 staasjes en in barokke krúsigingsgroep datearje fan 1732.
Bad Neuenahr
bewurkje seksjeIt Stadtteil Bad Neuenahr is ferneamd fanwegen de net ûnbelangrike kuerynstellings. Yn it plak tsjûgje tal fan villa's en kuerhotels fan de bloeiperioade fan de opkommende kuerkultuer oan it ein fan de 19e en it begjin fan de 20e iuw. Foarhinne bestie Bad Neuenahr út de trije plakjes Beul, Wadenheim en Hemmessen. Ut dy tiid datearje noch in oantal bouwurken, wêrûnder bygelyks kapellen en fakwurkhûzen.
Op de rjochter kant fan de Ahr stiet oan de Willibrordusstraße de Willibrorduskirche. De diels let-romaanske tsjerke wie eartiids de parochytsjerke fan Wadenheim. Yn 'e jierren 1899-1901 waard troch de arsjitekt August Menken de Rosenkranzkirche oan de Telegrafenstraße boud. De toer fan dy tsjerke is 60 meter heech en is byldbepalend foar it stedsbyld. Ek oan de Telegrafenstraße stiet de protestânske Marten Lutherkirche út 1872.
Resten fan in boarch binnen te finen op de Neuenarher Berg, súdlik fan Neuenahr. De boarch waard yn 1372 ferwoastge en op it plak waard yn 1972 in 15 meter hege útsichttoer boud (yn de folksmûle wurdt de toer Langer Köbes neamd). In oare útsichtstoer stiet op de Steckenberg, ek súdlik fan Neuenahr.
Oare Stadtteile
bewurkje seksjeDe katolike St. Mauritius oan de Bachstraße yn Heimersheim waard fûnt de twadde helte fan de 13e iuw boud, yn de jierren 1960-1961 folge ûnder lieding fan de arsjitekt Otto Vogel út Trier de bou fan in oanbou en frijsteande toer. Westlik van Ahrweiler stiet tusken in wynbougebiet de yndrukwekkende ruïne fan in eardere kleastertsjerke.
Stedsyndieling
bewurkje seksjeDe stêd Bad Neuenahr-Ahrweiler ûntstie op 7 juni 1969 troch de gearfoeging fan de stêden Ahrweiler en Bad Neuenahr en de gemeenten Gimmigen, Heimersheim, Kirchdaun en Lohrsdorf (Verbandsgemeinde Bad Neuenahr). De gemeente Ramersbach waard op 16 maart 1974 by de stêd yndield.
Bad Neuenahr-Ahrweiler wurdt ûnderferdield yn saneamde Ortsbezirke, dy't út ien of meardere Stadtteile bestean. It grutste Stadtteil, Bad Neuenahr, waard yn 1875 út trije gemeenten foarme, dy't oant hjoeddedei ek noch as Ortsteile sjoen wurde.
Ûnderferdieling fan de befolking per 30 juny 2018:
Ortsbezirk | Ferdieling | Ynwennertal |
---|---|---|
Ahrweiler | Stadtteil: Ahrweiler | 7.519 |
Bachem | Stadtteil: Bachem | 1.198 |
Bad Neuenahr | Ortsteile: Beul, Hemmessen en Wadenheim | 12.888 |
Gimmigen | Stadtteil: Gimmigen | 748 |
Heimersheim | Stadtteile: Heimersheim, Ehlingen | 3.204 |
Heppingen | Stadtteil: Heppingen | 899 |
Kirchdaun | Stadtteil: Kirchdaun | 352 |
Lohrsdorf | Stadtteile: Lohrsdorf, Green | 730 |
Ramersbach | Stadtteil: Ramersbach | 588 |
Walporzheim | Stadtteile: Walporzheim, Marienthal | 705 |
De floed fan 2021
bewurkje seksjeBy in floed fan heechwetter fan de Ahr yn july 2021 nei swiere rein ferlearen 69 ynwenners fan Bad Neuenahr-Ahrweiler harren libben. Tûzenen minsken hiene te meitsjen mei oerlêst en njonken minsklik leed waard in soad gebouwen en in diel fan de ynfrastruktuer fernield, lykas it kasino, de kuergebouwen en it kuerpark en meardere hotels en ek in diel fan it tsjerkhôf oan de Ahrpoarte. Op ien brêge nei waarden alle oare brêgen oer de Ahr troch de floed ferneatige. Ek de oangrinzgjende strjitten rekke slim skansearre.[1][2]
Ofbylden
bewurkje seksje-
Ahrweiler, diel stedsmuorre mei wargong
-
Bad Neuenarhr, Rosenkranzkirche
-
Ahrweiler, synagoge
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|