De Bajuwaren of Bavarii wienen in Germaanske folksstam dy't tahâlde yn de Dútske krite Beieren, dy't syn namme ek oan harren te tankjen hat en dêr't de Bajuwaren it hartochdom Beieren stichten. Teffens is bewiisd dat de Bajuwaren grutte parten fan Eastenryk befolken en ynfloed yn Bohemen hienen.

De Beiersktalige krite fan no

De komôf fan de Bavarii is net hielendal dúdlik. Der wurdt meast oannaam dat de Bavarii besibbe binne mei de Keltyske stam fan de Boii, alhoewol't dêr noch altyd diskusje oer is. De Boii soenen harren om 200 f.Kr. yn Beieren festige hawwe, wylst sy faaks ek harren namme ferbûn hawwe oant Bohemen. It kin wêze dat de namme sels in konglomeraat fan gruttere en lytsere dielen fan in protte folken beskriuwt, dy't sawol fan Keltyske, Germaanske, Slavyske as Romaanske oarsprong binne. Neffens in oare teory soene de Bajuwaren, dy't harren yn de 5e iuw yn Súd-Beieren en Eastenryk festigen, fan de Markomannen ôfstamme.

Sûnt twadde helte 20e iuw hat histoarysk en argelogysk ûndersyk hieltyd mear bewiis opsmiten foar de teory dat de Keltyske Boii opnaam binne yn it Romeinske Ryk en har dêrnei fermingd hawwe mei Germaanske folken dy't der foar keazen yn de kontreien te bliuwen of troch de Romeinen twongen waarden om har dêr del te jaan. Likernôch 6e iuw wurdt der sprutsen oer in wiere stam fan Bajuwaren. Harren oanfierders wienen besibbe oan Frankyske en faaks ek de Allemannyske en Swabyske foarstenhuzen. Regensburg jidt as de haadstêd fan de Bajuwaren en waard yn de Karolingyske tiid it sintrum fan it East-Frankyske Ryk.

Buorfolken fan de Bavarii wienen de Allemannen yn it westen, de Franken yn it noarden, de Longobarden yn it suden (oarekant de Alpen), de Avaren yn it súdeasten en de Slaven yn it easten. De rivier de Lech wie de grins tusken de Bajuwaren en de Allemannen en jidt ek tsjintwurdich noch as taalgrins tusken de Swabyske en Beierske dialekten.

Plaknammen dy't no it suffiks -ing hawwe, lykas Flaurling, Freising, Straubing, Germering, Erding en Leonding, binne fan Bajuwaarske oarsprong en binne nei alle wierskyn al om 550 hinne ûntstien.

Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
  NODES