Beha
In beha (fan 'e ôfkoarting bh, fan bústehâlder) is in nauslutend stik klean foar froulju, dat yn earste ynstânsje as doel hat om 'e boarsten te ûnderstypjen, te foarmjen en te ferbergjen. It bestiet út in bân om it boppelichem mei twa saneamde cups, dat stevige, foarfoarme, rûnige stikken stof binne dy't de boarsten op har plak hâlde. Faak hat in beha ek skouderbantsjes; is dat net it gefal, dan sprekt men fan in strapless beha. De sluting sit almeast op 'e rêch, mar kin ek oan 'e foarkant sitte, tusken de cups yn. Guon froulju (mei grutte boarsten) drage beha's om't se net sûnder de ûnderstypjende funksje kinne, mar de measte froulju drage se inkeld om't it no ienris moade is of om kulturele redens.
Beha's wurdt ta it ûnderguod of de linzjery rekkene. Se komme foar yn in breed ferskaat oan soarten, dy't sterk útinoar rinnende doelen hawwe, fan simpelwei it ûnderstypjen fan 'e boarsten of it foarmjen fan in dekolletee, oant poer estetyske omtinkens dy't te krijen hawwe mei it skeppen fan seksuële oantrekking. It boppeste part fan in bikiny wurdt ek wol 'beha' neamd (hoewol faker 'topke'), mar it ferskil is dat in bikinytopke ta de baaiklean ynstee fan it ûnderguod rekkene wurdt. Baaipakken, kamizoalen en rêchleaze jurken hawwe gauris in ynboude beha mei ûnderstypjende cups.
Skiednis
bewurkje seksjeIt dragen fan in stik klean om 'e boarsten te ûnderstypjen giet teminsten tebek oant it Alde Grikelân en wierskynlik noch folle fierder. Yn 'e Grykske Aldheid droegen froulju in apodesmos, en letter in stēthodesmē, in mastodesmos en in mastodeton, wêrfan't de nammen allegear oerset wurde kinne as "boarstbân". Sokke stikken klean bestiene út in bân fan wol of linnense stof dy't om 'e boarsten hinne wuolle wie en wêrfan't de úteinen op 'e rêch fêstset waarden mei in simpele knoop of mei in spjelde. Ek yn 'e Romeinske Tiid droegen froulju sokke boarstbannen, benammen as se dielnamen oan sport. Der bestiet in ferneamd mozayk út 'e fjirde iuw yn 'e Romeinske Villa Romana del Casale op Sisylje, dêr't sportende froulju mei sokke boarstbannen op te sjen binne. It mozayk hjit eins De Kroaning fan 'e Winneresse, mar is bekender as it "Bikinymozayk".
De earste moderne beha datearret, ynsafier bekend, út 'e fyftjinde iuw. Der binne nammentlik út 'e snuorje tusken 1440 en 1485 tekstylfragminten bewarre bleaun fan wat wierskynlik beha's wiene yn East-Tiroal, yn wat no Eastenryk is. Twa fan dy klaaiïngsstikken hiene cups makke fan twa stikken linnen, en ien hie twa skouderbantsjes en wie yn it dekolletee fersierd mei kant.
Fan 'e sechstjinde iuw ôf waard yn Jeropa de linzjery fan froulju út rikere fermiddens dominearre troch it kesjet, dat de boarsten omheech drukte en dêr't in beha of in beha-eftich stik stof oan befêstige wie. Geandewei de njoggentjinde iuw begûnen moadeûntwerpers te eksperimintearjen mei alternativen, wêrby't se it kesjet yn twa losse ûnderdielen opspjalten: in gurdle-eftich stik om 'e legere romp yn te snuorjen, en in beha dy't de boarsten omheech hold troch bantsjes om 'e skouders te befêstigjen. Op 'e earste echte beha yn 'e moderne sin fan it wurd waard yn 1899 oktroai oanfrege yn Dútslân, troch in Christine Hardt út Dresden. Sigmund Lindauer út Stuttgart ûntwikkele yn 1912 de earste beha dy't gaadlik wie foar massaproduksje. Yn 'e Feriene Steaten ûntfong Mary Phelps Jacob yn 1914 in oktroai foar in beha-ûntwerp dat beskôge wurdt as de basis foar de beha's fan hjoed de dei.
Troch massaproduksje kamen beha's yn it earste fearn fan 'e tweintichste iuw yn Noard-Amearika, Jeropa en Australaazje rûnom beskikber foar froulju út hast alle lagen fan 'e befolking. It stik klean waard al rillegau ûnderdiel fan 'e moade. Tekoarten oan metaal, feroarsake troch de Earste Wrâldoarloch, makke dat de ûndergong fan it kesjet noch flugger gie as dat it oars gien hie. De term 'cup' waard pas yn 1916 yntrodusearre, en fabrikanten makken yn 't earstoan gebrûk fan cups fan rekbere stof om boarsten fan ferskillende grutten te akkomodearjen. Letter kamen ferskate maten cups op 'e merk, mar pas yn oktober 1932 korrelearre it bedriuw S.H. Camp & Co. dy cupmaten oan 'e letters A oant en mei D. Tsjin 'e ein fan 'e 1930-er jierren wie dat systeem algemien ynboargere rekke, en yn deselde tiid waard ek de ferstelbere skouderbân yntrodusearre. Tsjin 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch droegen hast alle froulju yn Noard-Amearika, Jeropa, Australaazje en guon lannen yn Súd-Amearika (lykas Argentynje en Sily) in beha, wylst froulju yn Aazje, de rest fan Latynsk-Amearika en dielen fan Afrika der doe ek mei begûnen.
Troch de jierren hinne wiene ferskate types beha yn 'e moade. Sa wie it yn 'e 1920-er jierren yn 'e Feriene Steaten wizânsje om 'e boarsten sa plat mooglik te drukken mei de saneamde flapper. Yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren en yn 'e 1950-er jierren droegen modieuze froulju de saneamde puntbeha of bullet bra, dy't kegelfoarmige cups hie en dêrom sterk nei foarren ta útstiek. Yn 'e iere 1960-er jierren wiene lytse boarsten yn 'e moade, wat op 'e nij late ta beha's dy't de boarsten platdrukten. Yn 'e 1970-er jierren begûnen fabrikanten foar it earst beha's sa noflik en natuerlik mooglik te meitsjen. Yn 'e 1990-er jierren wiene grutte boarsten modieuzer, mei as gefolch dat de push-upbeha ûntwikkele waard, dy't de boarsten opheech drukt sadat se grutter lykje as dat se eins binne.
Noflikens
bewurkje seksjeBeha's binne yngewikkelde stikken klean dy't besteane út in soad ferskillende dielen dy't oaninoar naaid wurde moatte. Om massaproduksje mooglik te meitsjen, geane fabrikanten ornaris út fan ideälisearre boarstfoarmen en mjitten dy't foar de measte froulju te grut of te lyts binne. Boppedat wurde froulju troch reklame en de jildende moade beynfloede om beha's te keapjen dy't de yndruk wekje dat se lytsere of gruttere boarsten hawwe as dat se eins hawwe. Dêropta is it ek nochris sa dat der gjin ynternasjonale standerts binne foar de fabrikaazje fan beha's, sadat mjitmetoaden tusken ûnderskate lannen sterk ferskille kinne.
Fanwegen boppeneamde sitewaasje is it foar in protte froulju dreech en fyn in goed passende beha. En as se dan alris in behatype ûntdekke dat noflik sit, hawwe se faak de niging om dyselde behamjitte te dragen ek al komme se oan of slankje se ôf, wat fansels ynfloed op 'e grutte en foarm fan harren boarsten hat. Al dy faktoaren meitsje dat wol oant 85% fan alle froulju yn 'e wrâld beha's drage dy't harren eins net goed passe. De mearderheid fan 'e froulju ûnderfynt sadwaande geregeldwei ûngemak of sels pine fan it dragen fan in beha.
Soarten
bewurkje seksjeDer binne in protte ferskillende soarten beha's, dy't nei styl, funksje en materialen ûnderskaat wurde kinne. De meast foarkommende binne:
- klassike beha: in beha mei in trijehoekich basismodel, mooglik fuortsterke mei bleinen of bûgels, benammen oan 'e ûnderkant.
- beha mei eftersluting
- beha mei foarsluting
- push-upbeha: in beha dy't de boarsten omheech triuwt, sadat se grutter lykje en der in oantreklik dekolletee ûntstiet.
- minimiser: in beha dy't de boarsten plat tsjin it lichem oan triuwt, sadat se lytser lykje.
- balconette (letterlik: "balkontsje"): in beha dy't sels sa leech útsnien is dat er net te sjen is ûnder boppeklean mei in leech útsniene hals De cups hawwe in lizzende healmoannefoarm, mei de rjochte line boppelâns. It plak dêr't de skouderbantsjes fêstsitte wurdt mear nei de bûtenkant ta ferskood.
- sportbeha: in beha makke fan stevige elastyske stoffen, mei as doel om 'e boarsten by it sporten sa ûnbeweechlik mooglik te hâlden. Sportbeha's hawwe gjin bleinen of bûgels en ynstee dêrfan hawwe de cups faak mear stof as by in oar model yn deselde mjitte.
- boarstfiedingsbeha: in beha dy't ûntwurpen is om boarstfieding jaan te kinnen oan jins poppe sûnder de beha út te dwaan. De cup hat dêrta yn 'e midden in gat of kin dêr iepenmakke wurde.
It berekkenjen fan cupmaten
bewurkje seksjeMen kin jins eigen cupmjitte (of dy fan in oar) berekkenje troch in mjitlint te brûken. Earst mjit men de omfang fan it boppelichem fuort ûnder de boarsten op, de saneamde ûnderbústewiidte of koartwei ûnderwiidte. Dêrnei leit men it mjitlint boppe op 'e boarsten en mjit men sa op 'e nij de omfang fan it boppelichem, de saneamde boppebústewiidte of boppewiidte. It ferskil yn sintimeters is dan de cupmaat.
ferskil yn sm tusken boppe- en ûnderwiidte |
cupmaat |
---|---|
10-12 sm | AA-cup |
12-14 sm | A-cup |
14-16 sm | B-cup |
16-18 sm | C-cup |
18-20 sm | D-cup |
20-22 sm | DD-cup |
22-24 sm | E-cup |
24-26 sm | F-cup |
Beha's troch de jierren hinne
bewurkje seksje-
Antike boarstlape
-
Brassiere, 1808
-
Korset fan Leon Jules yn 1907
-
Beha en korset apart fan elkoar, Feriene Steaten, 1913
-
Wonderbra, 1975
-
Sportbeha, jout mear steun en beskerming
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|