Bisdom Haarlim-Amsterdam

It bisdom Haarlim-Amsterdam (Latynsk: Dioecesis Harlemensis-Amstelodamens) is ien fan de sân roomske bisdommen yn de Nederlânske tsjerkeprovinsje.

Bisdom Haarlim-Amsterdam
Basisgegevens
Katedraal Sint-Bavokatedraal
Patroanhillige Bavo fan Gint, Nikolaas fan Myra, Willibrord
Hiemside www.bisdomhaarlem-amsterdam.nl
Skiednis
Oprjochting 1559; 1853
Opheffing 1587
Hierargy
Biskop Jan Hendriks
Statistyk
Oerflak 2.912 km²
Parochy's 120 (2021)
Tal tsjerken 165 (2021)
Tal katoliken 414.000 (2021)

Earste stifting

bewurkje seksje

Yn it ramt fan in weryndieling fan de tsjerklike hiërargy yn Nederlân stifte paus Paulus IV op oantrunen fan lânfâld Filips II yn 1559 fiif nije bisdommen. It bisdom bestie mar in koart skoftke, want yn 1578 foel Haarlim yn de hannen fan de kalvinisten en de biskop moast de stêd útflechtje. Oant dy tiid hie it bisdom mar twa biskoppen hân:

  • Nicolaas fan Nieuwland (1562–1569)
  • Godfried fan Mierlo (1571–1587)

Twadde stifting

bewurkje seksje

Yn 1833 waard in apostoalysk ordinariaat yn Haarlim stifte mei as ordinarius Cornelis Ludovicus van Wijckersloot van Schalkwijk (1786–1851). It bisdom Haarlim waard op 5 maart 1853 stifte en de earste biskop wie Franciscus Josefus van Vree.

Op 16 july 1955 waard it bisdom Haarlim opdield. It súdlike diel komt oerien mei de provinsjegrinzen fan Súd-Hollân mei in pear gemeentes fan Utert en is it doe stifte bisdom Rotterdam, wylst de provinsje Noard-Hollân en it súdlike diel fan Flevolân ûnder it bisdom Haarlim falle.

Sûnt 2008 hat it bisdom de namme Haarlim-Amsterdam.

De katedraal fan it bisdom is de katedrale Bavobasilyk yn Haarlim.

Patroanhillige

bewurkje seksje

List biskoppen

bewurkje seksje
biskop fan Haarlim
(earste ynstelling fan it bisdom)
1559-1569 Nikolaas fan Nieuwland Yn 1569 beneamd ta helpbiskop fan Utert
1570-1587 Godfryd fan Mierlo Yn 1587 beneamd ta biskop fan Dimter
apostoalysk administrator fan Haarlim
1833-1851 Cornelius Ludovicus de Wijkerslooth
biskop van Haarlim
(twadde ynstelling fan it bisdom)
1853-1861 Franciscus Jacobus van Vree
1861-1877 Gerardus Petrus Wilmer
1877-1883 Petrus Matthias Snickers Yn 1883 beneamd ta aartsbiskop van aartsbisdom Utert
1883-1903 Caspar Josefus Martinus Bottemanne
1903-1928 Augustinus Callier
1928-1935 Johannes Aengenent
1935-1960 Johannes Petrus Huibers 1958-1960: Joannes van Dodewaard (koadjutor)
1960-1966 Joannes van Dodewaard
1966-1983 Theodorus Zwartkruis 1983: Henricus Bomers (koadjutor)
1983-1995: Joseph Lescrauwaet (helpbiskop)
1983-1998 Henricus Bomers 1995-1998: Jos Punt (helpbiskop)
1998-2001 Jos Punt diosesaan administrator
2001-2009 Jos Punt 2000-2009: Jan van Burgsteden (helpbiskop)
biskop fan Haarlim-Amsterdam
2009-2020 Jos Punt 2009-2011: Jan van Burgsteden (helpbiskop)
2011 - no: Jan Hendriks (helpbiskop, fan desimber 2018-juny 2020 biskop-koadjutor)[1]
2020- Jan Hendriks

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kaski/Radboud Nijmegen: Kearnsifers Roomsk-Katolike Tsjerke (2021)
  1. Mgr. Hendriks benoemd tot bisschop-coadjutor Nijsberjocht bisdom Haarlem-Amsterdam 22 desimber 2018

Roomsk-katolike bisdommen yn Nederlân  
Jeropeesk Nederlân Aartsbisdom Utert (metropolitaan aartsbisdom) • Bisdom BredaBisdom De BoskBisdom Grins-LjouwertBisdom Haarlim-AmsterdamBisdom RoermondBisdom RotterdamNederlânsk Militêr Ordinariaat
Karibysk Nederlân Bisdom Willemstêd
Eardere bisdommen Bisdom DimterBisdom LjouwertBisdom MaastrichtBisdom Middelburch
  ·   ·  
  NODES
admin 2