Bloedsibskip of bloedbesibskip is de oantsjutting foar de besibskip tusken ferskillende persoanen fan ien en deselde famylje dy't fan deselde ôfstamming binne en dêrmei biologyske foarâlden gemien hawwe. Dat slút dus skoan-, styf-, pleech- en adopsjefamylje út. In synonym foar bloedsibskip is konsanguiniteit, fan it Latynske consanguinitas, dat letterlik "it hawwen fan mienskiplik bloed" betsjut.

In protte lannen nimme omskriuwings fan gradaasjes fan bloedsibskip yn 'e wet op, mei as doel om it near te lizzen op houliken tusken lju dy't te nau oaninoar besibbe binne, lykas bruorren en susters of neven en nichten. Soms wurde net inkeld houliken mar sels seksuële relaasjes tusken sokke nauwe bloedsibben ferbean en/of strafber steld. Yn Nederlân binne allinnich houliken tusken earstegraads famyljeleden (nammentlik tusken bruorren en susters, en tusken âlden en bern) en guon twaddegraads famyljeleden (tusken pakes en pakesizzers, en tusken beppes en beppesizzers) by wet ferbean.

Yn 1970 is yn Nederlân it ferbod op houliken tusken guon twaddegraads famyljeleden (tusken omkes en omkesizzers, en tusken muoikes en muoikesizzers) en treddegraads famyljeleden (tusken neven en nichten) opheft. Seksuële relaasjes tusken earstegraads famyljeleden wurde beskôge as ynsest, mar dat is op himsels net strafber salang't it om frijwillich yn sa'n relaasje tastimmende folwoeksenen giet. Sadree't der lykwols minderjierrigen by belutsen binne, wurdt it in foarm fan bernemisbrûk.

Behalven foar it houliksrjocht en om seksuële relaasjes tusken famyljeleden te regulearjen, wurde regels oangeande bloedsibskip ek brûkt yn it erfrjocht, om by it ûntbrekken fan in dúdlike erfgenamt te bepalen wa't rjocht hat op in neilittenskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes
  NODES