Yn de minsklike anatomy is de ribbekas(t) (ek wol boarstkas(t) of thorax neamd) de ynslutende struktuer dy't foarme wurdt troch de ribben en de bonken dêr't se oan fêstsitte.

CT-scan

De ribbekas omslút de boarstholte en hat as funksje om sykheljen mooglik te meitsjen, om longen en hert te beskermjen tsjin stomp trauma en tagelyk de beweeglikheid fan de rêch net al te bot te beheinen. Troch it gearlûken fan de tuskenribspieren ferskowe de ribben wat fan elkoar. Omdat se oan de efterkant mei gewrichten oan de rêchbonke ferbûn binne ûntstiet sa in opgeande beweging dy't de ynhâld fan de ribbekas fergruttet. Sa kin de lucht better nei binnen streame by it sykheljen. By ûntspannen wurdt de ynhâld lytser, en wurdt lucht nei bûten treaun.

It bonkegedielte bestiet út tolve draaibonken, tolwe pear ribben en it boarstbien (sternum), dy't mei inoar de boarstkas (thorax) foarmje. De boarstholte is fan binnen beklaaid mei in tin, dûbelwannich flues (pleura parietalis en pleura visceralis) dat ek it hert en de longen bedekt. Yn de boarstholte sitte ek noch de slokterm en de grutte bloedfetten dy't nei de búkholte geane (aorta abdominales) of dêrwei (vena cava inferior) komme.

  NODES