Estado Plurinacional de Bolivia
Flagge fan Bolivia Wapen fan Bolivia
Flagge Wapen
Lokaasje fan Bolivia
Offisjele taal Spaansk, Quechua, Aymara
Haadstêd Sucre
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
1.098.581 km²
1,4­%
Ynwenners (2004) 9,982,000
Munt Boliviano (BOB)
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei 6 augustus
Lânkoade BOL
Ynternet .bo
Tillefoan 591

Bolivia (ek Bolivje; Aymara: Wuliwya, Quechua: Bulibiya) is in republyk yn Súd-Amearika dat grinzet oan Perû, Brazylje, Paraguay, Argentynje en Sily. De haadstêd is Sucre, wylst La Paz de sit fan it regear is.

De earste bewenners fan Bolivia wienen de Yndianen dy't likernôch 13.000 jier foar Kr.dêr ferkinen. Yn de 15e iuw makke Bolivia diel út fan it Inka ryk.

Nei de ûntdekking fan de Nije wrâld waard om 1545 hinne Súd-Amearika alhiel koloanisearre troch de Spanjerts. Yn it tsjintwurdige Bolivia koenen sy lykwols de nomadyske yndianen yn it leechlân eastlik fan it Andes-geberchte net foarfêst ûnderwurpen. Nei de Boliviaanske ûnôfhinklikheidsoarloch waard op 6 augustus 1825 de ûnôfhinklike "República de Bolívar" útroppen (ferneamd nei de frijheidsstrider Simón Bolívar). Sûnt dy tiid hat it lân hieltyd te krijen hâwn mei oarloggen en steatsgrepen.

Yn 1884 ferlear Bolivia tegearre mei Peru de Salpeteroarloch fan Sily. As gefolch dêrfan moast it lân de kustprovinsje ôfstean en rekke dêrmei har ferbining kwyt mei de Stille Oseaan.

Fan 1932 oant 1935 hie Bolivia oarloch mei it neistlizzende Paraguay. De saneamde Chaco-oarloch wie it gefolch fan de mooglike fûnst fan oalje op de Chaco Borreal, in grutte tinbefolke savanne. Yn dizze oarloch ferlernen mear as 80.000 Bolivianen it libben, mei troch in minne organisaasje en it útbrekken fan sykten en gebrek oan wetter yn it tige toarre gebiet. Lang om let oerweldige Paraguay grutte gebieten op Bolivia.

Yn 1952 fûn in revoluusje plak dat as gefolch hie dat de tinminen nasjionalisearre en de lânbougrunnen werferdield waarden. De presidinten Hernan Siles Suazo en Victor Paz Estensorro holden lykwols de kommunisten bûten de doar en beholden de stipe fan de Feriene Steaten. Yn 1964 nom it leger de macht wer oer, dy't it wer oan in boargerregear werom joegen yn 1982 .

Yn 2003 ûntstienen der wer spannings mei Sily, dat ta útering kaam yn de Boliviaanse Gasoarloch.

 
In Lama op de Boliviaanske heechflakte.
 
Uyuni.

Bolivia is folslein omsletten troch lannen en hat gjin ferbining mei see. Yn it westen fan Bolivia lizze de bergen fan de Andes, mei as heechste pyk de Nevado Sajama (6542 meter). Meatsenpart fan it lân bestiet út heechflakte, (de altiplano), de heechflakte fan de Andes. It oare part yn it easten fan Bolivia is leechlân, wêr't de Amasônereinwâld begjint.

It grutste mar is de Titikakamar dat op de grins mei Perû leit. Fierders is yn it westen fan Bolivia de grutste sâltflakte fan de wrâld: Salar de Uyuni.

Nasjonale parken

bewurkje seksje

Yn it noardlik lizzende Amasônebekken is it klimaat tropysk en fochtich, yn it súdeasten is it skrok en hjit, yn de falleien is it frij koel en yn it heechlân is't kâld.

Yn de dalen fan de Andes is it tropysk waarm. Ek yn de leechlannen hearsket in tropysk en fochtich klimaat. De surazo is in koele súdlike wyn.

It reinseizoen falt yn de simmer, fan desimber oant april. De winter, dy't fan maaie oant augustus duorret, foarmt it drûge seizoen.

Yn Bolivia wurde fjouwer talen sprutsen, nammentlik Aymara, Quechua, Guarany en Spaansk. Eartiids wie de lingua franca fan it Inkaryk (Tawantinsuyu) it Quechua, dat troch elkenien sprutsen wurde moast.

De ynfloed fan de Aymara's en oare yndiaanske tradysjes binne djip woartele yn sawol religy, muzyk as klean.

It Roomsk-Katolisisme is de offisjele godstsjinst.

Etnyske gearstalling

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES
mac 1
os 5
web 1