De Bosporus (Turksk: Bogaziçi) is in seestrjitte yn Turkije dy't de See fan Marmara ferbynt mei de Swarte See en Jeropa skiedt fan Aazje. Oan wjerskanten fan de seestrjitte leit de stêd Istanbûl. Op har smelst mjit de Bosporus amper 640 meter. De lingte bedraacht 32 kilometer. De djipte fariearret fan 36 oant 124 meter.

Bosporus
geografy
type wetter see-ingte
lokaasje by Istanbûl, tusken
   East-Traasje en Lyts-Aazje
lân Turkije
koördinaten 41°07′10″ N, 29°04′31″ E
ûnderdiel fan Middellânske See
sifers
maks. lingte 31 km
maks. breedte 3,4 km
djiptegemiddelde 65 m
djipste punt 110 m

De namme komt út it Gryksk (Βόσπορος) wat tsjut op in plak wêr't in ko it wetter oerstekt. De namme is ûntstien troch de myte fan Io dy't yn it stal fan in ko de seestrjitte oerstuts. Der lizze twa brêgen oer de Bosporus: de 1074 meter lange Bogaziçy-brêge út 1973 en de 1090 meter lange Fatih Sultan Mehmed-brêge út 1988. Yn maaie 2004 hinne se begûn mei de bou fan in spoartunnel.

It frije skipsferkear troch de Bosporus hat altyd fan grut belang west foar de grutte lannen, benammen foar Ruslân. Hoewol't de Bosporus ta it Turkske grûngebiet heart jilde der ynternasjonale oerienkomsten dy't frije trochfeart mooglik meitsje.

 
Bosporus, Istanbûl

Ut resint ûndersyk docht bliken dat de Bosporus ûntstien is troch in oerweldige floedweach, wêrby it wetter út de Midslânske See wei ta grutte hichte opstood waard, ûnder oare yn de rjochting fan it plak dêr't no de Bosporus leit. De frij smelle lânstripe dy't doe de Swarte See ôfskiede fan de Midslânske See waard oerstreamd en troch de krêft fan it wetter ûntstie de trochgong dy't wy yn distiid as de "seestrjitte fan Bosporus" kenne. Foar dat barren wie de Swarte See in mar mei in grutte fan om-ende-by 30% fan tsjintwurdich.

Oan de oere fan dat mar wennen destiids minsken. Archeologen hawwe alderlei spoaren fan bewenning werom fûn en út harren ûndersyk is fêst komd te stean dat dizze grutte oerstreaming plak fûn hat likernôch 7600 jier lyn. Troch klimatologyske feroarings as gefolch fan stigende temperatueren kaam in ein oan de lytse iistiid en raande in soad iis wêrtroch it wetterpeil fan de seeën stiigde. De archeologen - en yn har kylwetter bibeldeskundigen en oare skiedkundigen - bûgje har no oer de fraach oft dizze oerstreaming ek lieden hat ta legindefoarming wêrút it het ferhaal fan de Ark fan Noäch fuortkomd is. Ek yn it Gilgamesjepos in ferhaal út de Sumearyske wrâld is sprake fan enoarme oerstreamings.

  NODES
Done 1
games 1
see 13