Boston is de haadstêd en de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Massachusetts. It is ek de grutste stêd yn hiele Nij-Ingelân, de noardeastlike regio fan 'e Feriene Steaten, en it haadplak fan Suffolk County. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Boston doe 625.000 ynwenners; as stêdekloft, mei alle foarstêden en de heal ferstedske plattelânskrite deromhinne, komt dat sifer út op mar leafst krapoan 4,6 miljoen minsken. Boston waard oarspronklik stifte op it Shawmut-skiereilân, mar hat troch de iuwen hinne syn grûngebiet útwreide troch in proses fan drûchlizzing en anneksaasje.

Boston
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Massachusetts
County Suffolk County
Sifers
Ynwennertal 625.087 (2012)
Oerflak 232,1 km² (ynkl. wetter)
125,4 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 4.983,5 / km²
Stêdekloft 4.591.112 (2012)
Hichte 43 m
Oar
Stifting 1630
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 42°21′29″N 71°03′49″W
Offisjele webside
www.cityofboston.gov
Kaart
De lizzing fan Boston yn Suffolk County en de steat Massachusetts.

De krite dêr't Boston no leit, wie teminsten 5.000 jier lyn al bewenne. De earste Jeropeeske kolonisten dy't har dêr fêstigen, wiene Ingelske puriteinen, dy't de stêd yn 1630 stiften, en ferneamden nei it Ingelske Boston, yn it greefskip Lincolnshire. Boston woeks al rillegau út ta in plak fan formaat, en it wie de grutste stêd yn Britsk Noard-Amearika oant it yn 'e midden fan 'e achttjinde iuw foarbystribbe waard troch Philadelphia, mar it krige de offisjele status fan stêd pas yn 1822. Yn 1636 waard de earste Noardamerikaanske universiteit, de Universiteit fan Harvard, fuort bûten Boston, yn it plakje Cambridge oprjochte.

 
It sintrum fan Boston yn 1909.

In grut al krúsjale foarfallen fûnen ûnder de Amerikaanske Revolúsje en de dêropfolgjende Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch yn en om Boston plak. Sa wie der it Bloedbad fan Boston, wêrby't yn 1770 Britske troepen mei skerp op in oproerige kliber folk skeaten en fiif manlju deaden, en de saneamde Boston Tea Party, wêrby't yn 1773 opstannige Amerikanen yn 'e haven fan Boston de ladings tee fan Ingelske skippen oerboard kiperen; dat ynsidint wurdt yn 'e regel beskôge as it begjin fan 'e Unôfhinklikheidsoarloch. Yn 1775 fierde Paul Revere tichteby Boston syn letter troch de dichter Longfellow besongen "midsnachtlike rit" út, wêrmei't er de Amerikanen krekt op 'e tiid warskôge foar in op hannen wêzende Britske oanfal, resultearjend yn 'e Slaggen by Lexington en Concord. Datselde jiers fûnen ek de Slach by Bunker Hill en it Belis fan Boston plak. Nei't de Amerikanen harren ûnôfhinklikheid wûn hiene, ûntjoech Boston him ta ien fan 'e rykste havenstêden fan 'e wrâld, dêr't fral rum, fisk, sâlt en tabak ferhannele waard.

Troch it hannelsembargo dat de Britten yn 1807 ûnder de Napoleontyske Oarloggen foar de Feriene Steaten oer oannamen, en letter troch de Oarloch fan 1812, it lêste militêre treffen tusken Britten en Amerikanen, rekke de wichtigens fan Boston as havenstêd bot yn it neigean. Letter, doe't de hannel wer oanloek, hiene de rike Bostonske keaplju ûnderwilens al oare saken fûn om yn it ynvestearjen, en sadwaande ûntjoech de stêd him om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne ta in yndustrieel sintrum, in status dy't it oant yn 'e tweintichste iuw behold. Kultureel gie it Boston yn dy snuorje ek foar de wyn, en de Bostonske hegerein hearde ta de maatskiplike elite fan 'e Feriene Steaten. Behalven dat se de keunsten finansjeel ûnderstipen, bemuoiden in protte fan harren har ek mei de politike sitewaasje fan 'e Feriene Steaten fan foar de Boargeroarloch, en Boston waard it sintrum fan 'e abolysjonistyske beweging, dy't stribbe nei it ôfskaffen fan 'e slavernij.

Underwilens wie de stêd troch de oanhâldende ymmigraasje út 'e Alde Wrâld almar trochgroeid. De nijynkommelingen wiene yn 't earstoan foar it meastepart Ieren, dy't har eigen lân, fral nei de Ierske Ierappelhongersneed, massaal ûntflechten. Tsjin 1850 wennen der likernôch 35.000 Ieren yn Boston, en oant hjoed de dei ta is Boston ien fan 'e grutste "Ierske" stêden bûten Ierlân bleaun, en ien dêr't de Ierske ynfloed noch it sterkst fielber is. (De meast ferneamde neikommeling fan dy iere Ierske ymmigranten wie fansels presidint John F. Kennedy.) Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw setten har ek in protte oare ymmigranten yn 'e stêd nei wenjen, lykas Dútsers, Italjanen, Libaneeske en Syryske kristenen, Russyske en Poalske joaden en Frânsk-Kanadezen.

 
De fiver foar it haadkertier fan 'e Church of Christ, Scientist.

Underwilens hie Boston syn grûngebiet stadichoan útwreide troch it drûchlizzen fan 'e sompen yn 'e neite fan 'e stêd, dêr't fral nei de Grutte Brân fan Boston, yn 1872, flink mei opsketten waard. Teffens hie de stêd doe al in stikmannich oare stedsjes en plakken opslokt, lykas South Boston (1804), East Boston (1836), Roxbury (1868) en Dorchester (1870), wylst oaren noch folgje soene: Brighton (1874), West Roxbury (1874), Charlestown (1874) en Hyde Park (1912).

Om 'e midden fan 'e tweintichste iuw hinne gie it mei Boston berchôf, doe't de yndustry ferâldere rekke en bedriuwen nei oare kriten ta ferfearen, dêr't de arbeidskrêften goedkeaper wiene. De stêd reägearre troch in ferskaat oan stedsfernijingsprojekten op te starten. Tsjin 'e jierren santich draaide de stedsekonomy, nei tritich jier yn 'e lytse loege, wer folop.

Op 15 april 2013 fûn yn Boston in bomoanslach plak op 'e Maraton fan Boston, wêrby't 3 minsken de dea fûnen en hûnderten oaren ferwûne rekken.

 
Hjerstwâlden yn Massachusetts mei de skyline fan Boston op 'e eftergrûn.
 
Huzen yn 'e wyk Back Bay.

Boston hjoed-de-dei

bewurkje seksje

Hjoed-de-dei is Boston noch altiten in yntellektueel, technologysk en polityk sintrum foar de regio Nij-Ingelân, al hat it guon wichtige regionale ynstellings ferlern, lykas de krante The Boston Globe, dy't oernommen is troch The New York Times. Fanwegen alle hegeskoallen en universiteiten yn 'e stêd wurdt Boston wol "it Atene fan Amearika" neamd. De ekonomy is benammen basearre op it bank- en fersekeringswêzen, de tsjinstesektor en amtnerij. De rike skiednis fan 'e stêd lûkt fierders jiers grutte oantallen toeristen oan. Allinnich Faneuil Hall, it âlde beursgebou fan 'e stêd, dêr't om 'e tiid fan 'e Amerikaanske Revolúsje hinne troch ferneamde politisy ferskate wichtige taspraken holden waarden wêrby't oproppen waard ta de ûnôfhinklikens fan 'e Feriene Steaten, wurdt jiers al troch 20 miljoen toeristen besocht. De lofthaven fan 'e stêd, Logan International Airport, is ien fan 'e droksten fan 'e Feriene Steaten.

Ferneamde Bostonsters

bewurkje seksje
 
Logan International Airport út 'e loft wei besjoen.
 
De John Hancock Tower, mei 240 m it heechste gebou fan Boston.
 
Faneuil Hall.

Berne yn Boston

bewurkje seksje

Wenne yn Boston

bewurkje seksje

Stoarn yn Boston

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.


  NODES
Intern 2
OOP 2
os 61
web 2