In bouwurk is it resultaat fan bouwen, in minsklike aktiviteit, wêrby't boumaterialen lykas hout, stien, bakstien, beton, stiel en glês gearfoege wurde ta ien solide gehiel. It bouwen fan in bouwurk bart yn 'e regel bedriuwsmjittich troch de bousektor. Men tinkt by in bouwurk almeast oan in gebou, lykas in hûs, kastiel, paleis, tsjerke, toer, fabryk, mole of wolkekliuwer. In gebou is in bouwurk mei wanden en in dak, dêr't men ta'n yn gean kin, mar dat in grut ferskaat oan foarmen en funksjes hawwe kin. De term "bouwurk" is lykwols breder en omfettet ek oare dingen dy't boud binne, lykas in brêge, akwadukt, keardaam, seedyk, strjitte, spoarline, fontein, poarte, muorre, stek, slûs of kanaal. Sokke bouwurken dy't gjin gebouwen binne, komme foar yn in noch folle grutter ferskaat as gebouwen, mei teminsten likefolle ûnderskate funksjes. It ferskil tusken wat in gebou is en wat net, is dat in gebou fan binnen in holte hat dy't bedoeld is om tagonklik te wêzen foar minsken, wylst bouwurken dy't gjin gebou binne dat net hawwe.

Gebouwen yn Rotterdam.

De earste bouwurken dy't de iere minske makke, wiene nei alle gedachten bedoeld as skûlplak foar min waar. Geandewei de skiednis binne bouwurken oanpast om in grut tal oare doelen te tsjinjen, mar ek omreden fan ferskil yn klimatologyske omstannichheden, ferskil yn ûndergrûn, lânprizen, prestiizje en estetyk. It bouwen yn ferskillende stilen ôfhinklik fan benammen maatskiplik prestiizje en feroarjende ideeën oer estetyk hjit arsjitektuer. Sûnt de minske noch as hoalebewenner yn grotten omhúsmanne en grotskilderings oanbrocht, binne syn wenten (en letter ek oare gebouwen en bouwurken) it kanvas bleaun foar artistike ekspresje. Yn 'e moderne maatskippij is dat soms winske (muorreskilderings), mar faak ek net (graffity). Yn resinte jierren is duorsumens by it ûntwerpen en bouwen fan bouwurken fan alderhanne soarten en typen in wichtich ûnderdiel wurden fan it bouproses.

Tsjintwurdich is it wichtichste doel fan gebouwen noch altyd om minsken te beskermjen tsjin min waar, lykas wyn, rein en oare foarmen fan delslach en kjeld. Dêrby binne ferskillende gebouwen lykwols bedoeld foar ferskillende aktiviteiten: wenten om yn te wenjen, kantoargebouwen en fabriken om yn te wurkjen, hotel en motels om yn te oernachtsjen, kafees, nachtklubs, kasino's, ensfh. om yn te ferdivedearjen. Bouwurken dy't gjin gebouwen binne, hawwe ornaris spesifikere funksjes. Men kin dan tinke oan brêgen en fiadukten om in oerwei oer in oerflaktewetter resp. in wei te bieden, akwadukten om wetter te ferfieren nei in plak dêr't der ferlet fan is, seediken en oare wetterkearings om wetter wei te hâlden fan plakken dêr't men it net brûke kin, muorren en stekken om wat bûten of binnen te hâlden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES