It Britsk Museum is sûnt 1753 nasjonale museum fan it Feriene Keninkryk en hat ien fan de grutste kolleksjes fan de wrâld. It museum is yn Great Russellstrjitte yn Londen.

Britsk Museum
Great Court

Alle jierren besykje likernôch 5 miljoen minsken it museum dat in wiidweidige kolleksje fan âldheden en útsûnderlike keunstfoarwerpen út âlde beskavings en fan distiid ta syn foldwaan hat. De samling oerbrêget mear as in miljoen jierren skiednis fan de minskheid en wurdt sjoen as ien fan de moaiste op 'e wrâld. De âldste foarwerpen binne stienen ark út de Oldowaanske perioade (1.600.000 oant 700.000 f.Kr.), de jongste, munten dy't net lang lyn slein binne. It grutste foarwerp is in poarte fan 16 ton mei in bolle mei wjukken út Dur-Sharrukin; it lytste in muntsje fan amperoan 0,002 gram út Nepal.

It museum tanket syn ûntstean oan Sir Hans Sloane (1660-1753), dy't syn grutte samling keunstwurken en boeken neiliet oan de steat. Om dizze samling foar it lân bewarje te kinnen, bekrêftige it parlemint yn 1753 de "British Museum Act". Om dizze kolleksje mei dy fan oare skinkingen (fan de famylje Cotton en fan de greven fan Oxford) goed ûnder bringe te kinnen, wie jild noadich; dat jild waard ynsammele troch in lotterij te organisearen.

De behearders fan it museum krigen de opdracht de samling yn stân te hâlden, net allinnich foar besichtiging troch en ferdivedaasje fan de ûntwikkelden, mar ek foar it algemien gebrûk en it profyt fan de mienskip. De samling waard ûnderbrocht yn Montagu House, boud troch P. Puget yn 1686, en yn 1759 offisjeel iepene. Wat nij oan it museum wie en tige bysûnder yn dy tiid, wie dat de ynstelling it besit fan de naasje wie en net, lykas it gefal wie by de wichtige bûtenlânske kolleksjes, fan foarst, tsjerke of partikulier.

De kolleksje waard troch de soad skinkingen en oankeap tige útwreide. Yn 1757 skonk George II The Old Royal Library. Yn 1778 waard de Otaheiteseal iepene dy't de wûndere foarwerpen befettet dy't ekspedysje fan James Cook út de Stille Súdsee meibrocht hie.

Yn 1802 skonk George III neist de Stien fan Rosetta wichtige Egyptyske âldheden; it parlemint besleat yn 1816 ûnder mear ta oankeap fan de byldenkolleksje fan Lord Elgin. Yn 1823 skonk George IV The Kings Library fan syn heit.

Al gau barste Montagu House út syn foegen en wie in grutter gebou noadich. Yn 1823 ûntwurp Sir Robert Smirke it tsjintwurdige neoklassisistyske museumgebou (1823-1847). En yn 1854 waard, neffens in ûntwerp fan syn broer Sydney, de rûne "Reading Room" fan de bibleteek boud, mei ien fan de grutste koepels op de wrâld. Hoewol't de British Library yntusken losmakke is fan it British Museum en yn 1998 ferfarre nei in hiel nij, eigen ûnderkommen by St Pancras, earne oars yn Londen, waard besletten de Reading Room te behâlden, op te nimmen yn in grutte renovaasje en ferfolgens iepen te stellen foar it grutte publyk, itjinge yn 2000 barde.

 
Rosetta Stien

Op it stuit herberget it museum ûngefear trettjin miljoen objekten, dêr't fierwei it measte part fan yn depot leit.

Yn it museum lizze boeken, in protte kostbere orizjinele hânskriften (û.o. dy fan de Magna Carta en de Kodeks Aleksandrinus), Egyptyske reliëfs, Etruskyske potten, tekenings, printen, Egyptyske, Assyriske, Gryskske en Romeinske âldheden, byldhouwurk, sieraden, munten en penningen, foarwerpen út de brûns- en stientiid en út de Midsiuwen, mar ek de grutste samling postsegels fan de wrâld.

De ferneamde Elgin Marbles en de Stien fan Rosetta hearre ta de 4000 hichtepunten fan de kolleksje.

De tagong ta it museum is fergees, behalve foar de bysûndere tentoanstellings.

It museum is ûnderferdield yn ferskate ôfdielings mei keunst út in protte lannen en wrâlddielen lykas û.o. út:

Ferneamde wurken

bewurkje seksje

Inkele ferneamde wurken binne û.o:

 
Panorama fan de Reading Room

Tentoanstellings

bewurkje seksje

Yn it museum wurde in protte tentoanstellings hâlden, û.o.:

Digitaal en online

bewurkje seksje

It museum wurket gear mei it Google Cultural Institute om de kolleksje op ynternet beskikber te stellen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory British Museum fan Wikimedia Commons.
  NODES
os 10
web 1