It Brooksberchtme (Ingelsk: Brooks Range; Kûtsjin: Gwazhał), of yn Kanada it Britsk Berchtme, is in heechberchtme yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Alaska en it Kanadeeske territoarium Yukon. It rikt fan 'e Tsjûktsjensee oant it streamgebiet fan 'e rivier de Mackenzie. It Brooksberchtme is òf de noardlikste útrinner fan 'e Rocky Mountains, òf in selsstannich ûnderdiel fan 'e Noardamerikaanske Kordillera (de mienings binne ferdield). De heechste top is de Mount Isto, mei in hichte fan 2.736 m boppe seenivo.

Brooksberchtme
of Britsk Berchtme
  berchtme
It Brooksberchtme sjoen fan 'e Galbraithmar ôf.
It Brooksberchtme sjoen fan 'e Galbraithmar ôf.
geografy
diel fan Rocky Mountains
regio Binnenlân fan Alaska
Noarderbedelte
noardlike Yukon
lân Feriene Steaten
Kanada
steat / terr. Alaska
Yukon
Noardwestlike Territoaria
sifers
oerflak ±250.000 km²
lingte 1.100 km
breedte 240 km
heechste punt Mount Isto
hichte 2.736 m
geology
yndieling heechberchtme
âldens 126 miljoen jr
stiensoarte kalkstien
kaart
It Brooksberchtme sjoen fan 'e Galbraithmar ôf.
De lizzing fan it Brooksberchtme yn Alaska en de Yukon.

It Brooksberchtme waard yn 1925 troch de Amerikaanske Kommisje foar Geografyske Nammen (USBGN) ferneamd nei Alfred Hulse Brooks. Dyselde wie fan 1903 oant 1924 liedingjaand geolooch yn Alaska foar de Amerikaanske Geologyske Ynspeksje (USGS). Yn Kanada wurdt de namme 'Brooksberchtme' net erkend en hjit itselde berchkeatling it Britske Berchtme.

Diel fan 'e Rocky Mountains of net

bewurkje seksje

Yn 'e Feriene Steaten wurdt it Brooksberchtme troch de USGS offisjeel klassifisearre as in ûnderdiel fan 'e Rocky Mountains en as de noardlikste útrinner fan dat berchtme. Yn Kanada wurdt it sjoen as in berchkeatling dat los stiet fan 'e Rocky Mountains, mei't dêr de rivier de Liard yn it noarden fan Britsk-Kolumbia as de noardgrins fan 'e Rocky Mountains beskôge wurdt. Yn elts gefal makket it Brooksberchtme diel út fan it Laramide Berchkeatling fan 'e Noardamerikaanske Kordillera.

It Brooksberchtme is in mânsk berchtme dat foar it meastepart binnen de grinzen fan 'e Amerikaanske steat Alaska leit. It is sitewearre yn it noarden fan dy steat, dêr't it rûchwei fan it westen nei it easten rint, fan 'e kust fan 'e Tsjûktsjensee nei de grins mei Kanada. It foarmet dêrby de skieding tusken de regio's fan it Binnenlân fan Alaska oan 'e súdkant en de Noarderbedelte oan 'e noardside.

 
It Brooksberchtme.

It De Longberchtme en it Bairdberchtme binne de westlikste útrinners fan it Brooksberchtme. It De Longberchtme rikt noardeastlik fan it Lisburneskiereilân frijwol oan 'e kust fan 'e Tsjûktsjensee ta. It Bairdberchtme leit súdliker en bliuwt fierder by de kust wei. De beide berchtmen wurde faninoar skaat troch de delling fan 'e rivier de Noatak. De heechste top yn dat diel fan it Brooksberchtme is de Swarte Berch (Black Mountain), mei in hichte fan 1.530 m boppe seenivo. Yn it westlike diel fan it berchtme lizze ek it Nasjonaal Wyldreservaat Noatak en it Nasjonaal Park Kobuk Valley.

Fierder nei it easten ta foarmet it Endicottberchtme it sintrale massyf fan it Brooksberchtme. Dêr leit ek it reuseftige Nasjonaal Park en Wyldreservaat Gates of the Arctic. De heechste berch dêromtrint is de Mount Igikpak, mei in hichte fan 2.523 m. In oare hege berch dêre is de Mount Doonerak, dy't 2.273 m heech is. Noch fierder eastlik giet it Endicottberchtme oer yn it Philip Smithberchtme. It noardlikste part dêrfan, deunby de noardkust fan Alaska oan 'e Beaufortsee, is it heechste diel fan it hiele berchkeatling. Dêr lizze de Mount Isto, de heechste top op 2.735 m boppe seenivo, en teffens twa oaren fan 'e heechste bergen, de Mount Chamberlin (2.712 m) en de Mount Michelson (2.699 m).

Yn it easten rikt it Philip Smithberchtme oer de Kanadeeske grins hinne yn it noarden fan it territoarium Yukon. It Kanadeeske diel fan it berchkeatling hjit offisjeel it Britske Berchtme. Fuort oer de grins lizze it Nasjonaal Park Ivvavik en it Nasjonaal Park Vuntut. Fierder eastlik bûcht it Britske Berchtme frij hommels ôf nei it suden ta, wêrby't it noch krekt oer de grins komt fan 'e Noardwestlike Territoaria en it uterste noardwesten fan dat gebiet beslacht. It berchtme foarmet dêre de westlike ôffreding fan 'e ûnbidige Mackenziedelta, dêr't de rivier de Mackenzie útmûnet yn 'e Beaufortsee. It noard-súdrinnende diel fan it Britske Berchtme hjit it Richardsonberchtme. Dat wurdt yn it westen begrinzge troch de rivier de Eagle en yn it easten troch de rivier de Peel. It rint troch nei it suden oant it ôfsnien wurdt troch de fan east nei west rinnende bopperin fan 'e Peel.

It Brooksberchtme is it noardlikste part fan 'e Kontinintale Wetterskieding fan Noard-Amearika: oan 'e noardkant mûnje de rivieren út yn 'e Noardlike Iissee of râneseeën dêrfan, wylst se oan 'e súdkant útmûnje yn 'e Stille Oseaan en syn râneseeën. De wichtichste rivieren dy't oan 'e súdkant fan it berchtme ûntspringe, binne de Noatak, de Kobuk, de Koyukuk en de Porcupine, dat in sydrivier fan 'e gruttere Yukon is. Oan 'e noardkant binne de wichtichste rivieren dy't yn it Brooksberchtme ûntspringe: de Meade en de Sagavanirktok.

 
In fossyl fan in koraal yn it sintrale diel fan it Brooksberchtme.

It Brooksberchtme waard foarme yn it geologysk tiidrek fan it Kryt, likernôch 126 miljoen jier lyn. It bestiet fierhinne út sânige kalkstien, dat oarspronklik de boaiem fan in prehistoaryske see foarme. Sadwaande binne der yn it Brooksberchtme gâns fossilen fan seedieren te finen, û.m. fan koralen, trilobiten en earmpoatigen (ienskulpkleppige skulpdieren).

Grûngebrûk

bewurkje seksje

It Brooksberchtme is in hast ûnbewenne en sadwaande noch frijwol ûnoantaast gebiet. Der binne inkele doarpen fan 'e lânseigen befolking fan Alaska fêstige, te witten: Anaktuvak Pass, Arctic Village, Bettles, Chandalar, Coldfoot en Wiseman. Wat de befolking oangiet foarmet it berchtme de skieding tusken Atapaskyske Yndianen oan 'e súdkant en Eskimo's fan 'e Inûyt-subgroep oan 'e noardkant. Troch it berchtme rinne de Dalton Highway, in autodyk, en de oaljepiipline fan it Trans-Alaska Pipeline System, dy't ierdoalje fan 'e oaljefjilden oan 'e Prudhoebaai yn 'e Noardebedelte nei de súdkust ta liedt. Sawol de dyk as de piiplieding folgje de rûte oer de Atigunpas, dy't 1.415 m heech is. Yn it fiere westen fan it De Longberchtme is de Red Dogmyn fêstige, de grutste sinkmyn fan 'e wrâld.

Floara en fauna

bewurkje seksje

Wat floara oangiet, is it Brooksberchtme benammen begroeid mei moassen, koarstmoassen en gerzen en krûden dy't oer lange winters en djippe kjeld kinne. It berchtme markearret rûchwei de noardlikste fersprieding fan beammen, hoewol't der oan 'e noardkant hjir en dêr wat boskjes Amerikaanske kletterbeammen (Populus tremuloides) en wite spjirren (Picea glauca) foarkomme dy't troch de minske oanplante binne. Op 'e súdlike berchskeanten groeie lânseigen swarte spjirren (Picea mariana) oan 'e noardlike ferspriedingsgrins fan dy soarte.

 
It Brooksberchtme sjoen fan it noarden ôf út it Arktysk Nasjonaal Wyldreservaat yn 'e Noarderbedelte.

Op it mêd fan fauna komme yn it Brooksberchtme û.o. foar: de grizzlybear (Ursus arctos horribilus), de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de grize wolf (Canis lupus), de prêrjewolf (Canis latrans), de reade foks (Vulpes vulpes), de poalfoks (Vulpes lagopus), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de warch (Gulo gulo), it dallskiep (Ovis dalli), de eland (Alces alces), it rindier (Rangifer tarandus), dat yn Noard-Amearika "kariboe" neamd wurdt, de Amerikaanske marter (Martes americana), de Amerikaanske nerts (Neogale vison), de harmeling (Mustela erminea), de wezeling (Mustela nivalis), de rivierotter (Lontra canadensis), de oerzon (Erethizon dorsatum), de Alaskamarmot (Marmota broweri), de grize marmot (Marmota caligata), de Amerikaanske hazze (Lepus americanus), it poalgrûniikhoarntsje (Urocitellus parryi), de muskusrôt (Ondatra zibethicus), de westlike greidwrotmûs (Microtus drummondii), de gielwangwrotmûs (Microtus xanthognathus), de langsturtwrotmûs (Microtus longicaudus), de lytse reade wrotmûs (Myodes rutilus), de rottekop (Alexandromys oeconomus), de brune lemming (Lemmus trimucronatus), de bosksniehin (Canachites canadensis), de Alpensniehin (Lagopus muta) en de moerassniehin (Lagopus lagopus).

Fan 'e kariboes (rindieren) trochkruse trije keppels elts jier twaris it Brooksberchtme, om't dat op har migraasjerûte leit. Dêrby giet it om 'e Westlike Arktyske Keppel (490.000 bisten yn 2004), de Sintrale Arktyske Keppel (32.000 bisten yn 2002) en de Porcupinekeppel (123.000 bisten). Se bringe de simmer troch yn it Arktysk Nasjonaal Wyldreservaat, wrâlds grutste wyldreservaat mei in oerflak fan 65.000 km², dat noardkant de bergen yn 'e Noarderbedelte leit. Se oerwinterje lykwols oan 'e súdkant fan 'e bergen yn it Binnenlân fan Alaska.

Neffens it meteorologysk mjitstasjon yn Anaktuvuk Pass, it grutste plak yn it Brooksberchtme, is de trochsneed simmertemperatuer oerdeis dêr 16 °C, en leit de trochsneed wintertemperatuer oerdeis op –22 °C. Wylst oare kontreien yn Alaska, sawol oan 'e súdkant as oan 'e noardkant fan it berchme, oer it hiele winterhealjier ferdield wol 640–1.300 sm snie ferwachtsje kinne, falt der yn it Brooksberchtme mar 76–130 sm snie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES