Chatsworth (Los Angeles)

Chatsworth is in wyk fan 'e stêd Los Angeles, yn Los Angeles County, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It leit yn in heuveleftich lânskip yn 'e uterste noardwesthoeke fan Los Angeles, yn it westen fan 'e San Fernandodelling. Oan 'e noardkant grinzget it oan it Santa Susanaberchtme, dat bûten de beboude kom yn Los Angeles County leit, wylst it yn it westen tsjin it plattelân fan Ventura County oan leit. Fierders wurdt it omjûn troch de Losanzjelynske wiken Porter Ranch en Northridge yn it easten, en Winnetka en Canoga Park yn it suden. Neffens in offisjele skatting út 2008 hie Chatsworth doe goed 37.000 ynwenners.

Chatsworth
Chatsworth (Los Angeles)
Chatsworth
Lokaasje fan Chatsworth yn 'e stêdekloft fan Los Angeles
polityk
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Los Angeles County
stêd Los Angeles
sifers
ynwennertal 37.102 (2008)
hichte 298 m
oar
tiidsône UTC-8
● simmertiid UTC-7
koördinaten 34°15′26″N 118°36′04″W
It sintrum fan Chatsworth yn 1911.
Stoney Point, in rotsformaasje middenyn Chatsworth.
Chatsworth High School.

Chatsworth waard yn 1888 stifte as in selsstannige delsetting, en waard ferneamd nei Chatsworth House, de famyljeresidinsje fan 'e hartoggen fan Devonshire, yn it Ingelske greefskip Derbyshire. Yn 'e tweintiger jierren fan 'e tweintichste iuw ûntstiene der yn 'e heuvels om Chatsworth hinne ferskate filmranches, feepleatsen dy't poer en allinnich oanlein waarden om der westernfilms op te nimmen. Dat de kar dêrfoar op Chatsworth foel, hie sawol te krijen mei it dramatyske lânskip dêre, as mei de neite ta de filmyndustry fan Hollywood. Behalven films waarden der yn dy krite ek in protte tillefyzjesearjes en reklamespotsjes opnommen. Chatsworth behold syn plattelânske karakter fierhinne oant yn 'e jierren sechstich, doe't it langsum mar seker opslokt waard troch it almar úttynjende Los Angeles.

Tsjintwurdich stipet de ekonomy fan Chatsworth noch altyd swier op 'e filmsektor, al binne der yn 'e wyk ek ferskate wichtige bedriuwen op it mêd fan kompjûtertechnology. De bedriuwen fan 'e mainstream-filmyndustry binne hast allegear fêstige yn Hollywood, dat likernôch 35 km op nei it súdeasten leit, mar in protte ûnderhâlde noch altyd produksjefasiliteiten yn Chatsworth, dêr't bgl. tillefyzjesearjes as 24 en Over There (oer de Irakoarloch) opnommen binne. Mar Chatsworth is fierders ien fan 'e wichtichste sintra fan 'e Amerikaanske pornoyndustry, mei haadkantoaren fan foaroansteande pornografyske filmstudio's as New Sensations, Diabolic Video, Anabolic Video, West Coast Productions, Devil's Film, Digital Sin, Red Light District en Pure Play Media. Ek AVN, it toanoanjaande tydskrift oer de Amerikaanske pornoyndustry, wurdt yn Chatsworth útjûn.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Chatsworth de etnyske opbou sa: 65,7% blanken; 13,5% Latino's; 14,4% Aziaten; 2.2% swarten; 4,2% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e 25,2% ynwenners dy't net yn 'e Feriene Steaten berne wiene, kamen de grutste groepen út Súd-Koreä (10,4%) en út 'e Filipinen (9,3%).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
chat 21