Lege Midden

(Trochferwiisd fan De Lege Midden)

De Lege Midden is de namme fan in gebiet yn Fryslân. It gebiet leit rûchwei tusken Snits De Alde Feanen, It Hearrenfean en De Jouwer. It gebiet wurdt ek wolris grutter lutsen, dan wurdt de leech lizzende feanstrook tusken Dokkum en Starum ta it Lege Midden rekkene. [1] It leechlizzende feangreidegebiet wurdt trochsnien troch fearten, sleaten en in grut part fan de Fryske marren.

De Lege Midden

De Lege Midden is in feangebiet dat rint fan de sângrûnen fan de Fryske Wâlden yn it easten oant de iepen klaaigrûnen oan de west- en noardside.[2]

It gebiet hat iuwenlang sompe west. Sûnt likernôch 1000 foar Kristus kaam it wetter fan de opkommende seespegel yn De Lege Midden. Oan it begjin fan de jiertelling setten de earste minsken har yn it gebiet ta wenjen. Se moasten om 300 hinne wer fuort omdat de see fierder opkaam. Mar yn de 10e iuw waard it gebiet troch de minsken reemakke om it te brûken foar healân. Oant fier yn de 19e iuw stie it lân alle winters ûnder wetter. Sa ûntstiene nei ferrin fan tiid blaugerzen.

Om 1700 hinne waard begûn mei grutskealige turfwinning yn it gebiet. Oant dy tiid waard dat allinnich mar foar eigen gebrûk dien. Dêr't op oare plakken it fean sa stutsen wurde koe, moast it hjir opbaggele wurde. Ynstee fan fean bleau der wetter oer, petgatten neamd. De baggel waard op stripen te drûgjen lein. Nei it drûgjen waarden der (koarte) turven fan makke. Ut dy feanwinnerij is it natuergebiet De Alde Feanen ûntstien.

Neist feehâlderij is it wettersporttoerisme fan belang foar de ekonomy fan De Lege Midden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Doarpsargyf grou
  2. Ultsje Hosper yn: Twirre 8, 1997
  NODES