4 Barûch is in joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dy't troch de grutte mearderheid fan it hjoeddeiske joadendom en kristendom as apokryf beskôge wurdt. It is in pseudepigrafyske tekst ûnder de namme fan Baruch ben Neriah is, dy't yn it Alde Testamint omskreaun wurdt as de learling en klerk fan 'e profeet Jeremia. Ferskate fan 'e Gryksktalige manuskripten fan dit boek hawwe as titel Paralipomena fan Jeremia, wat betsjut "Dingen dy't Weilitten Binne út (it boek) Jeremia". Yn 'e Etiopysk-otterdokse bibel draacht it de namme De Rest fan de Wurden fan Barûch. It geskrift wurdt ornaris datearre yn 'e earste helte fan 'e twadde iuw.

4 Barûch
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 2e iuw n.Kr.

4 Barûch is yn in stikmannich manuskripten oerlevere yn twa foarmen: in langerenien en in koarteren. De langere ferzje is oerlevere yn it Gryksk (út 'e tsiende, alfde en fyftjinde iuw), it Ge'ez, de deade tsjerketaal fan Etioopje (út 'e fyftjinde iuw), en fierders yn it Armeensk en it Aldtsjerkeslavysk. De koartere foarm is oerlevere yn it Gryksk, it Roemeensk en it Aldtsjerkeslavysk.

Yn it kristendom wurdt 4 Barûch ta de kanon rekkene fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en fan 'e ôfspjaltings dêrfan, lykas de Eritreesk-Otterdokse Tsjerke en de Etiopysk-Katolike Tsjerke. Mei de Kleilieten, it Brief fan Jeremia en 1 Barûch makket it dêr ûnderdiel út fan it bibelboek Jeremia. Binnen it joadendom wurdt it inkeld as part fan 'e kanon sjoen troch de Falasja's, de Joadske minderheid fan Etioopje, dy't tsjintwurdich suver folslein yn Israel libbet.

Yn 4 Barûch docht God de profeet Jeremia te witten dat Jeruzalim ferwoastge wurde sil fanwegen de ûntrou en ferkeardens fan 'e Joaden. Jeremia fertelt Barûch dêroer en tegearre sjogge se dy nachts ta hoe't ingels de poarten fan 'e stêd iependogge om 'e fijân deryn te litten. Wylst de Babyloanjers fan Nebûkadnêzer II de stêd ynnimme, bedobbet Jeremia, dêrta befelle troch God, de amtskladen fan 'e hegepreester, om dy út 'e hannen fan 'e fijân te hâlden. Dêrnei giet er mei de rest fan 'e Joaden yn ballingskip yn Babyloanje, wylst Barûch yn Jeruzalim efterbliuwt. Abimêlech (deselde as de Etiopyske paleiseunuch Ebed-Mêlek, út Jeremia 38:7-13) falt ûnderwilens yn 'e sliep en bliuwt 66 jier lang yn 'e sûs, oant er op 't lêst wekker wurdt njonken in kuorke mei 66 jier âlde figen, dy't troch yngripen fan God farsk bleaun binne. Nei't Abimêlech him by Barûch jûn hat, sykje dy beiden in manear om te kommunisearjen mei Jeremia, dy't noch altiten yn Babyloanje ferkeart. Barûch bidt oan God en dy stjoert in earn dy't harren brief en guon fan 'e figen oerbringt oan Jeremia. De profeet giet op dat stuit krekt foar by in begraffenis, mar as de earn delstrykt op 'e deade, komt dy wer ta libben. Dêrop kundiget de earn, dy't in stim jûn is, de ein fan 'e ballingskip ôf. De Joaden keare dan werom nei Jeruzalim, mar inkeld dyjingen fan har dy't net mei útlânske froulju troud binne, wurdt tastien de Jordaan oer te stekken. Neffens 4 Barûch binne de Samaritanen de neiteam fan Joadske manlju dy't it mei útlânske froulju holden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus
  NODES
iOS 1
Note 1
OOP 2
os 7