Dean Koontz, folút: Dean Ray Koontz (Everett (Pennsylvania), 9 july 1945), is in wrâldferneamde Amerikaanske skriuwer fan thrillers en horrorferhalen. Ien fan syn boeken is fertaald yn it Frysk, ntl. De Fizioenen fan Mary (orizjinele titel: The Vision), dat oerset is troch Henk Wolf.

Dean Koontz
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dean Ray Koontz
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 july 1945
berteplak Everett (Pennsylvania)
etnisiteit Dútsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre skrillers, horror, SF
bekendste
  wurk(en)
The Vision
Trapped (Ned.: In de Val)
útjouwer Bantam Books
jierren aktyf 1965 – no
offisjele webside
www.deankoontz.com

Koontz groeide op yn in gesin dêr't syn alkoholistyske heit him geregeldwei mishannele, wat in grutte ynfloed op syn lettere skriuwen hie, krekt as de moed fan syn ûnmânske mem yn har ferset tsjin syn heit. Yn syn studintetiid begûn Koontz syn skriuwkarriêre en al rillegau wûn er syn earste priis (yn in skriuwwedstryd fan it tydskrift Atlantic Monthly).

Nei't er yn 1967 ôfstudearre wie, wurke er as learaar Ingelsk oan in middelbere skoalle yn Mechanicsburg. Yn syn frije tiid skreau er syn earste roman, Star Quest, in science fictionferhaal dat yn 1968 útjûn waard. Nei noch in stikmannich oar science fictionromans skreaun te hawwen, stapte er oer nei thrillers en horror. Koontz wie fral yn 'e jierren santich in tige produktyf skriuwer; yn syn topjier 1972 kamen der bgl. njoggen boeken fan him út.

Yn 'e jierren santich en tachtich makke er ek in soad gebrûk fan pseudonimen, mei't syn útjouwer tsjin him sein hie dat skriuwers dy't hinne en wer sprongen tusken ferskillende literêre sjenres, sa't hy dat die, it risiko rûnen om harren lêzers fan har te ferfrjemdzjen. Nei al mear as tsien jier skreaun te hawwen, briek Koontz yn 1980 einlik (ûnder syn eigen namme) troch mei de roman Whispers (fan 'e beide foargeande boeken, The Key to Midnight en The Funhouse wiene ek al mear as in miljoen eksimplaren ferkocht, mar dy wiene ûnder in pseudonym skreaun).

Fan Koontz is bekend dat er polityk konservatyf is en in oanhinger fan 'e Republikeinen. Sa stipe er yn 2008 aktyf en finansjeel de kampanje fan 'e Republikeinske presidintskandidaat John McCain. Koontz wennet yn 'e omkriten fan Los Angeles, yn Kalifornje, dêr't ek syn measte romans spylje.

Romans en oar oerset wurk

bewurkje seksje
Ingelske titel jier Fryske titel Nederlânske titel searje ûnder pseudonym
Star Quest 1968
Fear that Man 1969
The Fall of the Dream Machine 1969
The Dark Symphony 1969
Hell's Gate 1970
Soft Come the Dragons 1970 ferhalebondel
Dark of the Woods 1970
Beastchild 1970
Anti-Man 1970
Demon Child 1971 Deana Dwyer
The Crimson Witch 1971
Legacy of Terror 1971 Deanna Dwyer
Warlock 1972
Time Thieves 1972
Starblood 1972
The Flesh in the Furnace 1972
A Darkness in My Soul 1972
Chase 1972 K.R. Dwyer
Children of the Storm 1972 Deanna Dwyer
Dance with the Devil 1972 Deanna Dwyer
The Dark of Summer 1972 Deanna Dwyer
The Haunted Earth 1973
Demon Seed 1973 Duivels Zaad
A Werewolf Among Us 1973
Blood Risk 1973 Black Cat Mysteries #1
Shattered 1973 Verbrijzeld K.R. Dwyer
Hanging On 1973
Surrounded 1974 Black Cat Mysteries #2
Strike Deep 1974 Anthony North
After the Last Race 1974
The Wall of Masks 1975 Black Cat Mysteries #3
Nightmare Journey 1975
The Long Sleep 1975 John Hill
Dragonfly 1975 K.R. Dwyer
Invasion 1975 Aaron Wolfe
Prison of Ice 1976 David Axton
Night Chills 1976 Huiveringen
The Face of Fear 1977 Gezicht van de angst Brian Coffey
The Vision 1977 De Fizioenen fan Mary Het Visioen
The Key to Midnight 1979 De Sleutel tot Middernacht Leigh Nichols
The Funhouse 1980 Owen West
Whispers 1980 Gefluister
The Voice of the Night 1980 De Stem van de Nacht Brian Coffey
The Eyes of Darkness 1981 Ogen der Duisternis
Ogen van Angst (2011)
Leigh Nichols
The Mask 1981 Het Masker Owen West
The House of Thunder 1982 Het Huis van de Donder Leigh Nichols
Phantoms 1983 Fantomen
Darkfall 1984 Schemerzone
Twilight 1984 Leigh Nichols
Twilight Eyes 1985 Schemerogen
The Door to december 1985 De Deur naar December Richard Paige
Strangers 1986 Motel van de Angst
Watchers 1987 Het Franciscus Komplot
Shadowfires 1987 Schaduwvuur Leight Nichols
The Servents of Twilight 1987 Dienaren van de Schemering Leigh Nichols
Lightning 1988 Weerlicht
Oddkins: A Fable for All Ages 1987
Midnight 1989 Middernacht
Trapped 1989 In de Val koarte novelle
The Bad Place 1991 Het Kwade Licht
Cold Fire 1992 Het Koude Vuur
Hideaway 1992 Onderaards
Dragon Tears 1993 Monster Klok
Mr. Murder 1993 Mr. Murder
Winter Moon 1994 Wintermaan
Dark Rivers of the Heart 1994 Duistere Stromen
Icebound 1995 IJskerker
Strange Highways 1995 Eeuwig Vuur ferhalebondel
Intensity 1995 De Sadist
Ticktock 1996 Tiktak
Demon Seed 1997 Duivels Zaad werskreaun
Sole Survivor 1997 De Overlevende
Fear Nothing 1998 Vrees Niets Moonlight Bay #1
Seize the Night 1998 Grijp de Nacht Moonlight Bay #2
False Memory 1999 Geheugenfout
From the Corner of His Eye 2000 Verblind
One Door Away from Heaven 2001 Verlossing
By the Light of the Moon 2002 Bij het Licht van de Maan
The Face 2003 Spiegel van de Ziel
Odd Thomas 2003 De Gave Odd Thomas #1
The Taking 2004 Gegrepen
Life Expectancy 2004 Tijd van Leven
Velocity 2005 De Nachtmerrie
Prodigal Son 2005 De Verloren Zoon Frankenstein #1 (mei Kevin J. Anderson)
City of Night 2005 Stad van de Nacht Frankenstein #2 (mei Ed Gorman)
Forever Odd 2005 De Vriendschap Odd Thomas #2
The Husband 2006 De Echtgenoot
Brother Odd 2006 De Broeder Odd Thomas #3
The Good Guy 2007 Wie goed doet
The Darkest Evening of the Year 2008 De Donkerste Nacht
Odd Hours 2008 De Ziener Odd Thomas #4
Your Heart Belongs to Me 2008 Jouw Hart is van Mij
In Odd We Trust 2008 Odd Thomas stripferhaal-prequel
Relentless 2009 Het Oordeel
Dead and Alive 2009 De Levende Doden Frankenstein #3
Breathless 2009 Ademloos
Lost Souls 2010 Verloren Zielen Frankenstein #4
Darkness under the Sun 2010 De Ravenzwarte Veer prequel f. What the Night Knows
What the night knows 2010 Veertien
Odd Is on Our Side 2010 Odd Thomas stripferhaal-prequel
77 Shadow Street 2011 De Vloek
House of Odd 2012 Odd Thomas stripferhaal-prequel
Odd Interlude (novella) 2012 Odd Thomas 3-dielich e-boek
Odd Apocalypse 2012 Odd Thomas #5
Odd Interlude (A Special Odd Thomas Adventure) 2013 Odd Thomas-ferhaal
Deeply Odd 2013 Odd Thomas #6
Ride the Storm ? Moonlight Bay #3 (noch net útjûn)
Saint Odd ? Odd Thomas #7 (moat noch skreaun wurde)

Koarte (ûnoersette) fiksje

bewurkje seksje
  • This Fence (1965)
  • The Kittens (1965) (werskreaun as Kittens yn 1966)
  • Of Childhood (1965)
  • A Miracle is Anything (1966)
  • Cloistered Walls (1966)
  • Flesh (1966)
  • For a Breath I Tarry (1966)
  • Hey, Good Christian (1966)
  • Holes (1966)
  • It (1966)
  • I've Met One (1966)
  • Mold in the Jungle (1966)
  • Sam: the Adventurous Exciting Well-traveled Man (1966)
  • Some Disputed Barricade (1966)
  • Something About This City (1966)
  • The Rats Run (1966)
  • The Standard Unusual (1966)
  • Where No One Fell (1967)
  • Soft Come the Dragons (1967)
  • To Behold the Sun (1967)
  • Little Goody Two-Shoes Chapter One (1967)
  • Little Goody Two-Shoes Chapter Two (1967)
  • Love 2005 (1968)
  • A Darkness in My Soul (1968)
  • The Psychedelic Children (1968)
  • The Twelfth Bed (1968)
  • Dreambird (1968)
  • Glunk (1969
  • Little Goody Two-Shoes Chapter Three (1969)
  • Whoop, the Dead Gerkle (1969)
  • In the Shield (1969) (letter kombinearre mei Where the Beast Runs ta Fear That Man)
  • Temple of Sorrow (1969)
  • Killerbot (1969)
  • The Face in His Belly diel 1 (1969)
  • Where the Beast Runs (1969) (letter kombinearre mei In the Shield ta Fear That Man)
  • Dragon In the Land (1969)
  • The Face in His Belly diel 2 (1969)
  • Muse (1969)
  • A Third Hand (1970) (letter útwreide ta Starblood)
  • The Good Ship Lookoutworld (1970)
  • Unseen Warriors (1970)
  • The Mystery of His Flesh (1970) (letter útwreide ta Anti-Man)
  • Beastchild (1970) (letter úwreide ta de roman Beastchild)
  • The Crimson Witch (1970) (letter justjes útwreide ta de roman The Crimson Witch)
  • Shambolain (1970)
  • Nightmare Gang (1970)
  • Emanations (1970)
  • Bruno (1971)
  • The Terrible Weapon (1972)
  • Cosmic Sin (1972)
  • Altarboy (1972)
  • Ollie's Hands (1972)
  • A Mouse in the Walls of the Global Village (1972)
  • Grayworld (1973) (útwreide ta The Long Sleep)
  • The Sinless Child (1973)
  • Wake Up To Thunder (1973)
  • Terra Phobia (1973)
  • The Undercity (1973)
  • We Three (1974)
  • Night of the Storm (1974)
  • Down in the Darkness (1986)
  • Weird World (1986)
  • Snatcher (1986)
  • The Monitors of Providence (1986)
  • The Black Pumpkin (1986)
  • The Interrogation (1987)
  • Hardshell (1987)
  • Miss Atilla the Hun (1987)
  • Twilight of the Dawn (1987)
  • Graveyard Highway (1987)
  • Trapped (1989)
  • Santa's Twin (1996)
  • Pinkie (1998)
  • Black River (1999)

Essays en ynliedings

bewurkje seksje
  • Of Childhood (1966)
  • Ibsen's Dream (1966)
  • ynlieding ta Great Escapes: New Designs for Home Theaters troch Theo Kalomirakis (2003)
  • wurd foarôf ta Love Heels: Tales from Canine Companions for Independence (2003)
  • wurd foarôf ta A Rat Is a Pig Is a Dog Is a Boy: The Human Cost of the Animal Rights Movement troch Wesley J. Smith (2009)

Filmadaptaasjes

bewurkje seksje
  • Demon Seed (1977)
  • The Intruder (1977)
  • Watchers (1988)
  • Whispers (1990)
  • Watchers II (1990)
  • The Face of Fear (1990)
  • The Servants of Twilight [1991)
  • Watchers 3 (1994)
  • Hideaway (1995)
  • Intensity (1997)
  • Mr. Murder (1998)
  • Phantoms (1998)
  • Watchers Reborn (1998)
  • Sole Survivor (2000)
  • Black River (2001)
  • Frankenstein (2004)
  • The Husband (2012)
  • Odd Thomas (2013)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
deepl 1
HOME 1
Idea 2
idea 2
mac 1
OOP 1
os 7
web 2