In departemint (fan it Frânske departement) is in oantsjutting foar in ôfdieling, yn 'e regel op it mêd fan it bestjoer fan in lân of in organisaasje. Yn Nederlân wurdt de term brûkt as in synonym foar ministearje, yn 'e sin fan in ôfdieling fan 'e oerheid. Under de Frânske Tiid bestie yn Nederlân de bestjoerslaach dy't no de provinsjes omfiemet, út departeminten. Sa hie de Bataafske Republyk njoggen departeminten, it Bataafske Mienebêst acht en it Keninkryk Hollân wer njoggen. Hjoed de dei bestiet sa'n bestjoerslaach fan departeminten noch altyd yn Frankryk, mar ek yn Benyn, Bolivia, El Salvador, Grikelân, Gûatemala, Haïty, Hondoeras, Kolombia, Niger, Oerûguay en Paraguay.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES