Departemint Fryslân

Departemint Fryslân bestie fan 1801 oant 1814, en wol yn trije ferskillende, opienfolgjende gedaanten.

Departemint Fryslân
Departement Frise
1801-1814
flagge wapen
Nog geen vlag Nog geen wapen
geografyske lokaasje

Departemint Fryslân (Frise)
polityk
lân Bataafsk Mienebest (1801-1806)
flagge fan Nederlân Keninkryk Hollân (1806-1810)
flagge fan Frankryk Earste Frânske Keizerryk (1810-1814)
haadstêd Ljouwert
talen Frysk, Nederlânsk, Nedersaksysk, Frânsk (offisjeel 1810-1814)
foarm Departemint fan it Bataafsk Mienebest (1801-1806)
Departemint fan it Keninkryk Hollân (1806-1810)
Departemint fan Frankryk (1810-1814)
ûntstien út Departemint fan de Iems
Departemint fan de Alde Isel
opgien yn flagge fan Fryslân Provinsje Fryslân
no diel fan flagge fan Fryslân Provinsje Fryslân
sifers
ynwennertal 175.000 (1812)
befolkingstichtens
oerflak

Neidat it âlde Fryslân yn 1798, by de oprjochting fan de Bataafske Republyk, ferdield waard oer de Bataafske departeminten fan de Iems en de Alde Isel, kearde men yn 1801 werom nei it departemint Fryslân op it gebiet fan de âlde (en hjoeddeiske) provinsje. De Frije Hearlikheid It Amelân, dat winliken nea part fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wie, waard by Fryslân foege.

Dêrnei wie it fan 1806 oant 1810 in departemint fan it Keninkryk Hollân ûnder lândrost Regnerus Livius fan Andringa de Kempenaer (8 maaie 1807 – 13 desimber 1810).

Yn 1810, by de anneksaasje fan "Hollân", waard it in Frânsk departemint ûnder de namme Friesland of Frise ûnder préfet Johan Verstolk van Soelen.

Yn 1814, by de delgong fan Napoleon, waard it mei de Grûnwet fan 29 maart 1814 de provinsje Fryslân, earst as part fan it Soeverein foarstedom fan de Feriene Nederlannen en in jier letter fan it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen.

De haadstêd wie altyd Ljouwert. Yn de Frânske tiid waard it departemint yndield yn de folgjende arrondisseminten en kantons:



Departemint Fryslân yn it Bataafsk Mienebest (1801-1806)
Departemint Fryslân yn it Keninkryk Hollân (1806-1810)
Departemint Frise yn it Earste Frânske Keizerryk (1810-1814)


Departeminten fan it Bataafsk Mienebest
Bataafsk-BrabânDepartemint FryslânDepartemint GelderlânDepartemint HollânDepartemint OeriselDepartemint SeelânDepartemint Stêd en Lannen fan GrinslânDepartemint Utert
· · Berjocht bewurkje
Departeminten fan it Keninkryk Hollân Border
AmstellânBrabânDrinteEast-FryslânGelderlânGrinslânFryslânMaaslânOeriselSeelânUtert
· · Berjocht bewurkje
  NODES
see 2