Diagnostic and Statistical Manual of Mental Disorders

De Diagnostic and Statistical Manual of Mental Disorders (DSM) is in hânlieding, skreaun troch de Amerikaanske Psychiatryske Beropsorganisaasje en omskriuwt de kritearia foar psychyske steuringen.

De earste ferzje fan de DSM is fan 1952. Yn rûchwei 65 jier binne de neikommende ferzjes wrâldkundich makke:

  • DSM-I (1952)
  • DSM-II (1968)
  • DSM-III (1980)
  • DSM-III-R (1987)
  • DSM-IV (1994)
  • DSM-IV-TR (2000)
  • DSM-5: (18-22 maaie 2013)[1]

Nivo systeem

bewurkje seksje

De DSM ûnderskiedet him yn fiif nivo’s neffens skaaimerken fan oandwanings of steurings:

  • Nivo I: meast foarkommende psychyske steuringen, problemen mei persoanlike ûntjouwing, learproblemen.
  • Nivo II: persoanlikheidssteuring, ûntjouwingssteuring.
  • Nivo III: medyske oarsaak foar psychyske steurings.
  • Nivo IV: Ynfloed fan sosjale omjouwing op psychologyske tastân.
  • Nivo V: Nivo wêrop prestaasjes levere wurde (100 punten is it bêste, 1 punt it minste).

Boppesteande nivo’s wurde ûnder mei konkrete foarbylden oanjûn:

  1. klinyske depresje, bipolêre steurings, eangststeurings, ADHD, skizofreny, foby
  2. Skizoïde persoanlikheidssteuring, skizotipyske persoanlikheidssteuring, borderline- persoanlikheidssteuring, Paranoïde persoanlikheidssteuring, anty-sosjale persoanlikheidssteuring, narksistyske persoanlikheidssteuring, teatrale persoanlikheidssteuring, mijende persoanlikheidssteuring, ôfhinklike persoanlikheidssteuring, obsessyf-kompulsive persoanlikheidssteuring
  3. Skeinde harsens, sûkersykte
  4. Dea fan heit, wurkleazens, buorrelêst
  5. Mjitynstrumint

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) timeline, dsm5.org
  NODES