Doesburch

(Trochferwiisd fan Doesburg)

Doesburch (Nederlânsk: Doesburg, Nedersaksysk: Doezebarg) is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De stêd hat ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 12,96 km². De stêd is in âlde Hânzestêd en leit oan de eastouwer fan de Isel en op it plak dêr't de Alde Isel yn de Isel útmûnet. De stêd wurket mei yn de Stedsregio Arnhim-Nimwegen.

Doesburch
Doesburg
Sicht op Doesburch
Sicht op Doesburch
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Boargemaster Loes van der Meijs (VVD)
Sifers
Ynwennertal (1 jannewaris 2024)
Oerflak 12,96 km²
Befolkingsticht. 960 / km²
Oar
Ferkearsieren N317 N338 N348
Postkoade 6980-6984
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 1' NB, 6° 8' EL
Stedhûs fan Beuningen
Stedhûs fan Beuningen
Lizzing fan de gemeente Doesburch
Lizzing fan de gemeente Doesburch
Offisjele webside
www.doesburg.nl
Kaart
Sicht op Doesburch
Gemeentekaart fan Doesburch

Doesburch krige yn 1237 stedsrjochten itjinge sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentebestjoer. Om't de stêd strategysk lei oan de mûning fan de Alde Isel yn de Isel waard it in wichtich hannelsplak. Doesburch wie ien fan de fiif stimhawwende stêden yn de steaten fan it kertier Sutfen. Ek hie Doesburch in wichtige ekonomyske en bestjoerlike funksje as haadstêd fan it Rjochteramt fan Doesburch. De Martinytsjerke mei syn 94 meter hege toer liet de woltierigens fan de stêd sjen. Yn de fyftjinde iuw rkke de stêd lykwols yn it neigean mei it fersânjen fan de Alde Isel.

Yn de Tachtichjierrige Kriich hie Doesburch in bot te lijen fan it kriichsgeweld, lykas yn 1572 doe't de stêd troch de geuzen ûnder lieding fan Bernard fan Merode en Willem IV van den Bergh plondere en ynnommen waard.

Fan 1586 ôf krige Doesburch in fêst garnizoen. Yn de jierren 1609-1629 waard it ferdigeningswurk fan de stêd op hjitten fan prins Maurits fan Oranje fersterke.

Yn 1672 waard Doesburch belegere en oermastere troch de Frânsen dy't de stêd twa jier lang besetten. Dêrnei waarden Doesburch syn fêstingwurken útwreide nei in ûntwerp fan Menno fan Coehoorn.

Yn de njoggentjinde iuw rekke it mei de stêd yn it neigean en rûn de befolking sels tebek. Bestjoerliek ynstellings, lykas de rjochtbank holden de ekonomy noch in bytsje yn lykwicht. De gegoede boargerij bestie út predikanten, juristen en dokters. De beropssektor rûn tebek en ûndernimmers makken gjin oanset om de ekonomy op gong te helpen, nei alle gedachten om de depressive sfear dy't yn it stedsje wie. Hûnderten minsken ferlieten Doesburch yn dy snuorje. It stedsje hie syn eagen op it ferline set ynstee fan yn de takomst. Dat hie as foardiel dat de histoaryske binnenstêd in soad fan syn monuminten bewarre hold. Yn 1974 waard de stêd in beskerme stedsgesicht.

Yn de Twadde Wrâldkriich rûn de stêd al wat skea op troch Dútske besjittings en guon monumintale gebouwen waarden opblaasd. Nei de kriich wreide de stêd him út. Oant 1923 wie dat net mooglik om't Doesburch oant doe offisjeel noch in fêstingstêd wie. Yn de 1950-er en 1960-er jierren waarden nije wiken oan de east- en údkant fan de stêd boud, wêrûnder súdlik fan de mûning fan de Alde Isel. Yn de iere 21e iuw waard oan de Iselkaai in nije wenwyk boud nei ûntwerp fan fan de Italjaanske arsjitekt Adolfo Natalini.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Gasthûstsjerke
  • Martinytsjerke
  • Stedhûs fan Doesburch
  • Streekmuseum De Roode Tooren
  • Waach
  • Mosterdmuseum
  • Lalique Museum
  • Iepenbier Ferfier & Boartersguod Museum

Der binne bedriuweterreinen oan de noard- en eastkant fan de stêd. By de Isel del stiet in izerjitterij. Doesburch is ferneamd om syn mosterd en dêrom wurde de ynwenners wol "mosterdpotten" neamd. Yn 1865 wiene der seis mosterdmakkers warber yn de stêd. Hjoed-de-dei is der noch ien oer.

Doesburch is ferbûnen oan de provinsjale diken A348, de N317 en de N338.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch Bronnen, noten en/of referenties op dizze side.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Doesburg fan Wikimedia Commons.
Gelderlân
 
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
  ·   ·  
  NODES
Done 1
see 2