In dogma Gryksk: δόγμα) is yn de religy in oannamme dy't foar in spesifike religy as gesachhawwend beskôge wurdt. Dogma's kinne bygelyks yn organisearre religys oannomd wurden wêze troch in orgaan dat al de leauwenden fan in religy fertsjinwurdiget. Foar it Kristendom jildt dat foar de ferskate konsilys dy't yn it ferline holden waarden. Bûten de religy kin in dogma ek de gesachhawwend fyzje fan in wiisgear wêze.

Dogma's ûntstean as minken teksten sadanich ynterpretearje dat learstellings der út ôflaat wurde. In goed foarbyld hjirfan is de kristlike lear fan de trije-ienheid. Hoewol't de trije-ienheid troch de meastepart fan de kristlike streamingen oanfurdige wurdt (mar net troch allegear), is der yn de bibel mei safolle wurden nearne sprake fan in trije-ienheid.

Eartiidse kristlike dogma's

bewurkje seksje

Yn de iere tsjerke hie in dogma benammen de betsjutting fan beslút. Op oekumenyske konsilys waarden doe teologyske kwestjes beslist. De wichtige konsilybesluten út de 4e en 5e iuw gongen oer it dogma fan de godlike trije-ienheid en it dogma hanneljend oer de godlike en minsklike natuer fan Jezus, de saneamde twa-natoerenlear.

Dizze dogma's wienen in oanfolling op de alhiel akseptearre leauwenswierheden, lykas it leauwen yn God as Skepper en it leauwen yn opstanning fan Jezus.

  NODES
Done 1