In dolfinarium (meartal: dolfinaria) is in iepenbier akwarium (of in diel fan in iepenbier akwarium), dêr't dolfinen en oare walfiskeftigen holden wurde. Sokke bisten libje dêr ornaris yn in grut bassin folle mei wetter, dat al of net de foarm fan in akwarium hawwe kin (d.w.s. dat teminsten ien kant trochsichtich is sadat de bisten ek ûnder wetter besjoen wurde kinne). Soms kin in dolfinarium ek bestean út grutte koaien yn 'e iepen see dêr't dolfinen en/of oare walfiskeftigen yn finzen holden wurde. It doel fan in dolfinarium is yn 'e regel om 'e bisten te toanen oan it publyk, hoewol't it ek foarkomt dat sa'n ynstelling primêr op biologysk ûndersyk rjochte is. Yn 'e measte gefallen giet it lykwols om kommersjele bedriuwen dy't ek faak foarstellings organisearje wêrby't dolfinen keunstkes dogge foar it fermaak fan it publyk.

In optreden fan orka's yn SeaWorld, yn Orlando.

It wurd 'dolfinarium' komt fan dolphinarium, in Latynsk neologisme gearstald út dolphin-, mei de betsjutting "dolfyn-", en arium, dat "plak foar" betsjut.

In optreden fan tommelders yn 1974.

It earste kommersjele dolfinarium wie de Marine Studios, yn St. Augustine yn 'e Amerikaanske steat Floarida, dy't yn 1938 iepengiene. Oant yn 'e 1960-er jierren naam de populariteit fan dit type dieretún almar ta. Sûnt de 1970-er jierren late de tanimmende noed om it bistewolwêzen ta strangere regels, mei as gefolch dat yn ferskate lannen dolfinaria foargoed harren doarren slute moasten. Nettsjinsteande dy trend komme ek hjoed oan 'e dei dolfinaria noch rûnom foar, benammen yn Noard-Amearika, Jeropa en Japan. It iennichste dolfinarium yn Nederlân is it Dolfinarium Harderwyk yn Harderwyk. Belgje hat it Boudewijn Seapark yn Brugge. Yn 'e Feriene Steaten binne de bekendste dolfinaria SeaWorld Orlando yn Orlando (Floarida) en SeaWorld San Diego yn San Diego (Kalifornje).

De soarte dolfyn dy't it meast holden wurdt yn dolfinaria is de tommelder. Dy hat net allinnich in opkroljende bek, sadat it foar minsken liket as is er altyd oan it glimkjen, mar is ek relatyf maklik te trainen en hat in lange libbensspanne. Yn gruttere dolfinaria bestiet de wichtichste attraksje faak út ien of mear orka's, de grutste walfiskeftigen dy't om praktyske redens yn finzenskip holden wurde kinne. Dolfinaria hâlde faak ek oare bisten, lykas walrussen, seehûnen, seeliuwen, otters en pinguïns. Wylst de hannel yn dolfinen en oare walfiskeftigen ynternasjonaal oan bannen lein is, rinne de foarskriften foar oare aspekten fan dolfinaria sterk útinoar, lykas de minimumgrutte fan it bassin dêr't in dolfyn yn holden wurde mei. Hoewol't it bistewolwêzen yn dolfinaria sûnt de 1980-er jierren folle better wurden is, beskôgje de measte bisterjochte-aktivisten it yn finzenskip hâlden fan dolfinen noch altyd as in foarm fan bistemishanneling.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES