Douwe Draaisma (Nijverdal, 1953) is in Nederlânsk psycholooch dy't spesjalisearre is yn de aard en meganismen fan in minsklik ûnthâld. Hy studearre psychology en filosofy oan de Universiteit fan Grins; gie dêrnei nei de Universiteit fan Utert en promovearre yn 1993 by Piet Vroon op in proefskrift oer de metafoaryske aard fan de taal wêryn't wy oer it ûnthâld tinke en sprekke. Yn 1993 kaam er werom as bysûnder heechlearaar op de Universiteit fan Grins as dosint teory en skiednis fan de psychology (ûnthâldpsychology). Draaisma is de auteur fan in oantal tige súksesfolle boeken dy't faak oersetten binne. Mei syn Waarom het leven sneller gaat als je ouder wordt wûn hy meardere prizen. It boek waard oersetten yn it Ingelsk (Why Life Speeds Up As You Get Older), it Frânsk (Pourquoi la vie passe plus vite à mesure qu'on vieillit) en it Dútsk (Warum das Leben schneller vergeht, wenn man älter wird: von den Rätseln unserer Erinnerung).

Douwe Draaisma (2008)
Douwe Draaisma's stimme
registrearre Oktober 2017 (download·info)

Yn it Vergeetboek skriuwt er net sasear fanút it 'ûnthâld', mear krekt oarsom fanút it 'ferjitten'. Hoe kin it guon dingen fergetten wurde, en oare saken net. In oantal herinnerings bliuwe bewarre en oare net. Foar hoefier binne de herinnerings noch betrouber? Wat is bygelyks it âldste dat wy noch witte út ús bernetiid en wêrom binne resinte herinnerings bytiden mear oantaasten as resinte waarnimmings? Is eat klearebere ûnthâld of bart it ûnthâlden trochdat der meardere sintugen oan keppele binne of hawwe lettere foto's der noch ynfloed op? Hy ferliket it lânskip fan it ûnthâld mei de Waadsee mei syn slinken, sânplaten en eb en floed. Soms komme stikken drûch te lizzen fan it ûnthâld, in oare kear ferdwine dingen wer om yn in oar ferbân wer op te dûken omdat se yn in streamke meinomd wurde. Se komme boppe wetter as wy miene dat wy se ferjitten hiene. De takomst is dus net allinnich ûnwis, it ferline is dus ek ûnbetrouber [1]

 
Vergeetboek

Yn it neijier fan 2010 hat Draaisma yn gearwurking mei it deiblêd Trouw de Skriuwwedstriid Ferjitte útskreaun mei hast 400 ynstjoerings, dy't te lêzen binne op de eksterne link nei Trouw.

Draaisma is foarsitter van de Stichting Van der Leeuw-lêzing.[2]

Bibliografy karút

bewurkje seksje
  • De metaforenmachine; een geschiedenis van het geheugen. Grins: Historische Uitgeverij, 1995 (Tredde, wersjoene printinge 2003).
  • Waarom het leven sneller gaat als je ouder wordt; over het autobiografische geheugen. Grins: Historische Uitgeverij, 2001.
  • Een droevige zaak; Damasio over Descartes, hersenen en emoties. Grins: Historische Uitgeverij, 2004.
  • Ontregelde geesten; ziektegeschiedenissen. Grins: Historische Uitgeverij, 2006.
  • De heimweefabriek; geheugen, tijd & ouderdom. Grins: Historische Uitgeverij, 2008.
  • Vergeetboek; Wat we over vergeten moeten weten. Grins: Historische Uitgeverij, 2010.
  • De muziek zegt alles - De Top 2000 onder professoren. Amsterdam: Veen, 2011
  • De dromenwever. Groningen: Historische Uitgeverij, 2013
  • Als mijn geheugen me niet bedriegt; Historische Uitgeverij Groningen (2016) ISBN 9789065540430

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante 13-11-2010, Sneon en Snein side 14.
  2. prof. dr. D. (Douwe) Draaisma, Rijksuniversiteit Groningen
  NODES