Drylts (gemeente)

Drylts (Nederlânsk en offisjeel: IJlst) is in eardere gemeente yn 'e Súdwesthoeke fan Fryslân, dy't inkeld it histoaryske stedsje Drylts en syn klokslach omfieme. De gemeente Drylts hie op 1 jannewaris 1981 2.819 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan 6,59 km².[2] Yn 1984 gie de gemeente Drylts op yn 'e nije gemeente Wymbritseradiel.

Drylts

De Ie yn Drylts.
flagge wapen

Wapen fan Drylts
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Drylts
grutste plak Drylts
ynwennertal 2.819 (1981)[1]
befolkingstichtens 427,8 / km²
oerflak 6,59 km²[2]
tal stêden 1
tal doarpen 0
skiednis
oprjochte 1268
opheft 1984
opgien yn Wymbritseradiel
no part fan Súdwest-Fryslân
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
Dizze side giet oer de eardere gemeente Drylts. Foar de stêd, sjoch: Drylts.

De gemeente Drylts lei yn 'e Fryske Súdwesthoeke en grinzge yn it easten en noardeasten oan 'e gemeente Snits. Fierders waard it grûngebiet fan Drylts folslein omjûn troch dat fan 'e âlde gemeente Wymbritseradiel.[1] De gemeente Drylts hie in oerflak fan yn totaal 6,59 km².[2]

Drylts krige yn 1268 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. It hearde ta it kertier Westergoa, krektlyk as de stêden Boalsert, Frjentsjer, Harns, Hylpen, Snits, Starum en Warkum. Drylts stie fan 'e Midsiuwen oant de njoggentjinde iuw bekend om syn skipsbou en houthannel. Lange tiid bestie der in beskate rivaliteit mei de buorstêd Snits, dy't nammentlik allegeduerigen mar úteinlik fierhinne om 'e nocht besocht om Drylts syn beskieden sintrumposysje ôf te nimmen.[1]

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard Drylts as gemeente opheft en mei de âlde gemeente Wymbritseradiel en parten fan Doanjewerstâl en Wûnseradiel gearfoege ta de nije gemeente Wymbritseradiel. Oarspronklik hie it de bedoeling west dat ek de gemeente Snits yn 'e nije bestjoerlike ienheid opgean soe, mar ferheftige protesten yn 'e Wetterpoartestêd kamen dat foar. It gemeentehûs fan Wymbritseradiel, dat foartiid yn Snits stien hie, kaam yn 1986 yn Drylts te stean.

 
It âlde stedhûs fan Drylts.

By in nije gemeentlike weryndieling, yn 2011, waard Wymbritseradiel ek opheft en mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits en Wûnseradiel gearfoege ta de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.

Op 1 jannewaris 1981 hie de gemeente Drylts in befolking fan 2.819 minsken.[1] De befolkingstichtens bedroech doe 427,8 minsken de km².

Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1971 45,7% fan 'e befolking fan Drylts herfoarme, 28,1% grifformeard en 3,1% roomsk. Fierders bestie 16,3% fan 'e ynwenners út ateïsten en agnosten.[1]

Wat de polityk oangie, wie it CDA yn Drylts fierwei de grutste partij. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 51,5% fan 'e stimmen; de PvdA 26,3%; de VVD 9,2%; de FNP 6,6%; en D66 4,2%.[1]

Yn 1971 wie fan 'e befolking fan 'e gemeente Drylts 7,6% wurksum yn 'e lânbou; 47,1% yn 'e yndustry; en 37,8% yn 'e tsjinstesektor.[1] It wurkleasheidspersintaazje bedroech yn 1981 foar manlju 5,5% en foar froulju 10,0%.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 1,7 1,8 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 88.
  2. 2,0 2,1 2,2 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1321.

             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
  ·   ·  
  NODES