Duncan Laurence, berne as Duncan de Moor (Spijkenisse, 11 april 1994), is in Nederlânsk sjonger en songwriter. Hy waard bekend fan syn meidwaan oan it fiifde seizoen fan it telefyzjeprogramma The voice of Holland, dêr't er de heale finale helle.

Duncan mei de Eurofisy-trofee

Duncan Laurence wûn mei it nûmer "Arcade" foar Nederlân it Eurofyzje Sjongfestival yn 2019.[1]

Yn 2012 helle de sjonger foar it earst it nijs mei it winnen fan it lokale Brielle’s got Talent. Al mei 13 jier skreau De Moor teksten foar syn band The Slick and Suited, mar ek foar oare artysten. The Slick and Suited is yn jannewaris 2013 ûntstien op de Rockakadeemje yn Tilburch, dêr't De Moor yn 2017 ôfstudearre.[2]]

The Voice of Holland

bewurkje seksje

De Moor die yn 2014 mei oan it fyfte seizoen fan The Voice of Holland en kaam yn it programma mei it nûmer Sing fan Ed Sheeran. Yn it team fan Ilse DeLange wist er de heale finale te heljen.[3]

Eurofyzje Sjongfestival

bewurkje seksje
 
Duncan Laurence op it Eurofisy Sjongfestival

Op moandei 21 jannewaris 2019 waard bekend dat Duncan Laurence mei it nûmer Arcade Nederlân fertsjintwurdige op it Eurofyzje Sjongfestival 2019 yn Tel Aviv, Israel. Duncan Laurence waard yn de heale finale al oertsjûgjend earste en mei in ferskil fan 27 punten wûn er op 18 maaie 2019 ek de finale fan it festival.[4]

Jier Priis Kategory Nûmer Resultaat
2019 OUTmusic award Arcade Wûn
Marcel Bezençon Award Press Award Wûn
Eurofyzjesjongfestival Wûn

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES