Ealwyn fan York (yn it Angelsaksysk Ealhwine, yn it Latyn: Alcuinus, (73519 maaie 804), wie in Angelsaksysk learde en skriuwer út de 8e iuw. Hy is ek wol bekend as Ealwyn fan Toers, nei de stêd dêr't er ferstoarn is.

Hrabanus Maurus (links), ûndersteune troch Ealwyn (midden), jout syn wurk oan Otgar fan Mainz (rjochts) – Ofbylde yn in manuskript fan Fuldense ± 830

Ealwyn waard om 735 berne yn de Ingelske stêd York, dêr wurke hy as bibletekaris en wie learling fan Etelbert fan York. Yn 781, tidens in reis nei Rome, kaam er yn Parma de Frankyske kening Karel de Grutte tsjin, dy't Ealwyn frege om oan syn hof kommen te wurkjen. Dat die hy yn 782 doe't er mei noch wat lânslju út Ingelân wei nei it Frankyske ryk kaam, wêrnei hy fan Karel de Grutte it behear krige oer ferskate abdijen (û.o. Troyes en Ferrières). Ek joech er ûnderrjocht oan Karel sels, en oan syn bern en besibben. Yn it gelearde selskip om Ealwyn hinne, droech hy de skûlnamme Flaccus (nei de foarneamde Romeinske dichter Quintus Horatius Flaccus).

Tusken 790 en 793 gie Ealwyn yn opdracht fan Karel de Grutte in skoftlang werom nei syn bertelân, mar dêrnei ferbleau hy oant syn dea foarfêst op it kontinint. Yn 796 waard him de abdij tabetroud fan Sint Martinus yn Toers (al wie hy sels gjin muonts). Hy fierde in oantal wichtige feroarings yn, lykas de ferbettering fan de tucht en yn it ûnderwiis. Ek boude hy in kreaze bibleteek op, besteande út wichtige wurken fan oare bibleteken en syn bertestêd York, dy't er oerskriuwe litten hie.

Sûnt 801 wenne Ealwyn foaral yn Toers, dêr't hy him wijde oan de stúdzje fan sawol profane as teologyske literatuer. Hy hat in – lykwols nêt altyd omskreaun en fêst te stellen – rol spile yn de byldestriid, yn de opstelling fan in op 'en nij besjoene bibeltekst en wierskynlik ek by de keizerkroaning fan Karel de Grutte. Oan him tanket it kristendom ek it op 'e nij besjen fan it Romeinsk Missaal. Uteinlik hat er syn ynfloed brûkt ta geunste fan de Frankyske misjonearring ûnder de ûnderwurpen folken. Ealwyn ferstoar yn Tours op 19 maaie 804.

Literêr wurk en betsjutting

bewurkje seksje

Ealwyn wie de meast promininte persoan fan de Karolingyske Renêssânse. Hy brocht de Franken yn kontakt mei de Latynske kultuer dy't yn Ingelân noch bestie. Fan grutte betsjutting hat syn rol west yn it fersprieden fan wat der noch oan literatuer bestie út eardere tiden. Oarspronklik binne syn wurken net, mar se hawwe krekt as doel hân om de fersprieding fan kennis te befoarderjen. As de minister fan ûnderwiis ûnder Karel de Grutte hat Ealwyn soarge foar it behâld fan de literêre boarnen, foar de organisaasje fan skoallen, en foar it nei in heger nivo bringen fan it ûnderrjocht. Sadwaande hat hy grif de wichtichste skeakel west tusken de ûntwikkeling fan it ûnderwiis (en dêrtroch fan de wittenskip), fan Kassiodorus en Isidorus fan Sevilla oant'en mei de bloeitiid fan de skolestyk.

Fan Ealwyn binne in oantal bibelkommentaren bewarre bleaun. Syn haadwurk is lykwols De Fide Sanctae et Individuae Trinitatis, in teologysk wurk oer it mystearje fan de Trije-ienheid, dat foaral linet op Augustinus fan Hippo. Syn ienige wurk op it mêd fan tematyske wiisbegearte is in boek oer de siel, De Animae Ratione, dat alyksa foar in grut part beynfloede is troch Augustinus. Fierders binne fan him om-ende-by 300 brieven bekend dy't útsein de wittenskiplike ynhâld, ek in wichtige boarne foar histoaryske kennis fan dat tiidrek. Fan syn hân binne ek noch in oantal gedichten, û.o. De Cucullo, ('Oer de Koekoek'), en ferskate skoalhânboeken, wêrfan't û.m. oer stavering, dialektika en retorika bewarre bleaun binne.

Op syn namme stean in samling fraachstikken en tinkoefenings 'om it ferstân fan de jeugd te skerpjen'. Dêr wiene guon by dy't ek hjoed-de-dei noch populêr binne, lykas de bekende fraach oer de koal, de geit en de wolf.

  NODES