Easterlittens
Flagge fan Easterlittens Wapen fan Easterlittens
Flagge Wapen
Lokaasje fan Easterlittens
Gemeente Ljouwert
Ynwennertal (2007) 479
Webstee Doarpsside Easterlittens

Easterlittens (offisjeel Frysk) is in doarp yn de gemeente Ljouwert, mei 479 ynwenners ( 1 jannewaris 2007). Easterlittens leit oan de Frjentsjerter Feart krekt súdeastlik fan it plak dêr't dy krúst wurdt troch de Boalserter Feart, oan de noardkant fan it doarp dêr't eartiids de wetterherberch en it tolhûs Huylckenstein stie. Krekt eastlik fan it doarp rint de N384, dy' nei it noardwesten nei Frjentsjer giet, en nei it súdeasten nei Dearsum. Yn 1888 waard op de hoeke fan de fearten in molkfabryk boud dy't der wol hûndert jier stien hat. De skoarstien is by de sloop fan it fabryk yn 1997 stean bleaun. De doarpsbewenners hawwe meiinoar soarge dat de skoarstien en it tsjettelhûs as oantinken bewarre bleau. De skoarstien is opknapt en bliuwt in herkenningspunt foar it doarp.

Easterlittens
It âld molkfabryk (2014)
 
Balthasar Becker

De see hat fruchtbere kalkhâldende klaailagen ôfsetten yn de omjouwing. Soks wie tige gaadlik foar feehâlderij. Dochs binne der eartiids ek geregeld stikken lân fuortslein toch de see. Om 900 hinne waarden diken oanlein om de Middelsee en waard it feiliger. Easterlittens is bestie oarspronklik út de bewenning fan fiif terpen. Ien fan dy fiif terpen moat al om 800 hinne opkrune wêze, en wie dêrmei grutter as de oaren. Op dy terp waard yn de 12e iuw de tsjerke boud, en it is hjir dat de buorren fan it doarp har foarmen. Dit doarp waard it earst neamd yn 1275, mei de namme Lechenghe. Op de oare fjouwer terpen binne de hieltyd noch besteande buorskippen Langwert, Wieuwens, Wammert en Skrins ûntstien. Ta de himrik fan Easterlittens heart fierders it buorskip Weakens.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Easterlittens part fan de eardere gemeente Baarderadiel. Op 1 jannewaris gie Esterlittens op yn de nij foarme gemeente Littenseradiel. Nei in gemeentlike weryndieling leit it sûnt 1 jannewaris 2018 yn de gemeente Ljouwert.

In bekend man út de skiednis fan Easterlittens is dûmny Balthasar Henricuszn Becker, in dy't yn 1657 beroppen waard. Troch syn krewearjen tsjin de hekseferfolging is er yn 1166 út it amt set.

Margarethatsjerke

bewurkje seksje

De doarpstsjerke in grif yn de 12e iuw stifte en wie doe wijd oan de hillige Margaretha. De tsjerke is foar it grutste part oplutsen út bakstien mei oan de healrûne skip oan de noardkant in sakristy út de 15e iuw. Yn de sakristykeamer by it alter waard yn de roomske tiden alles bewarre dat mei de mis, fesper of prosesje te krijen hie en net yn de tsjerke hearde. Hjir ferklaaiden de geastliken har en it wie tagelyk de skat- of argyfkeamer. Letter waard it ek faak brûkt foar gearkomsten. Under de sakristy sit in ûne, dy't al yn 1742 neamd wurdt. Hjir waarden de koaltsjes foar de tsjerkestoven makke. Yn skip en koar sitte noch restanten dowestien en oan de noardkant sit in saneamde noarmannepoarte mei profylstienen.

Boppe de yngong yn de súdmuorre sit in ingelekopke yn de ôfslútstien mei it jiertal 1665. Yn 1969 waaide it lytste tuorke fan it tek, in tinkstien yn de súdmuorre is in oantinken hjiroan.

ynterieur

De protestantske banken en lambrisearing komme foar in meastepart út 1753-1754. Neffens oerlevering soe in kreupelrymke yn detsjerke stien hawwe:
Wiebe Harmens, oud diaken,
Die dees predikstoel heeft gemaken
Uit het harde eikenhout
In de winterdagen kout
It houtfykwurk op de kânsel bestiet út blom- en blêdfestoenen, dêrûnder steane earnen. Fierders ornaminten en op de fjouwer panielen de frouljufigueren Leauwe, Hoop, Leafde en Gerjochtichheid. Op de treppeal stiet in liuw mei in skyldsje mei it jiertal 1755.

Tsjin de noardmuorre hingje twa rútfoarmige rouboerden. Dy waarden by de ferstoarne aadlike persoanen thús boppe de doar hong, foar de lykstaasje útdroegen en dêrnei yn de tsjerke ophong. It iene rouboerd is fan Nicolaas fan Hettinga, olde cappitein luijtenant over een companije te voet. Obijt den 27 september 1664. Hy wie troud mei Margaretha Sjoerds Sprong. It oare boerd is fan Idzert Albada fan Hettinga, pakesizzer fan de foarrige, luijtenant van een comapanije voetknechten, dy't op 21 febrewaris 1695 ferstoar, 32 jier âld.

 
Doarpsbyld yn 1979

Foar de kânsel oer stiet in hearebank, de saneamde Sprong-bank mei it jiertal 1604 en in wapenskyldsje dêr't it famyljewapen yn 1796 ôfhelle is. Efter yn de tsjerke steane in pear rigen frouljusbanken mei in rêchleuning yn ôfwikende kleur. Dy waarden brûkt troch de earmen, de rêchleunings binne der yn 1936 op komd. Omtrint 1750, doe't Jan Worp Peijma en Abel Wiarda tsjerkefâd wiene, binne foar de tsjerkefâdij in tal stuollen komt yn it middenpaad, dizzen waarden jierliks ferhierd De stuollen mei nûmer 27 en 29 fan doarwarder en koster wiene frij fan hier. De stam fan de iene koperen kroanluchter hat de foarm fan in minskefiguer, de oare in figuer mei bibel en krús dêr't it krús fan ôfbrutsen is. Op de râne fan it koperen doopbekken steane de nammen fan de tsjerkefâden J.S.W. Peijma en A. Wiarda en dy fan dûmny Henricus Grevenstein - Anno 1750.

oargel

Yn it jier 1625 wie Sijds Wijbes schoolmeester en organista yn Easterlittens. Dat betsjut dat it doarp doe al in tsjerkeoargel hie, it is brûkt oant 1667. Doe lienden de tsjerkefâden fan Easterlittens fan harren mei-tsjerkefoud Houtse Sjoerds Sijperda 900 karolusgûnen tot ‘t maken van een nieuw orgel. Dit oargel is brûkt oant 1867 en wurdt beskreaun yn in boekje fan Nicolaas Arnoldi Knock út 1788. De firma Vaas en Brons út Grins fersoarge yn 1961 in gruttere restauraasje. De nedige lucht yn it oargel wurdt sûnt 1935 meganysk levere. Doe waarden de pûstertrêder, de pûstertraper, oargelpûster, oargelwynmakker, blaasbalchtrêder, blaasbalchheffer, oargelpomper en oargeltraper, sa't se yn detsjerkefâdijrekkens neamd wurde, oerstallich.

toer

De toer hie al yn 1689 in oerwurk mei wizerplaten en wizers. Yn it âldste rekkensboek stiet in post wêrby t skoalmaster Jan Wijnants as koster in bedrach útbetelle krige fan ƒ 6,17 foar it skjinmeitsjen fan it oerwurk. Pas yn 1902 waard it oerwurk ferfongen. Dit waard levere troch de firma G. de Looze út Ljouwert foar ƒ 875,00. By de restauraasje fan de tsjerke kaam in tredde wizerplaat oan de noardside fan de toer. De lytse klok yn de tsjerketoer komt út 1576 en is makke troch klokkejitter Willem Wegewart út Dimter. Op de klok stiet: Ick bin gegoten in Gots eeren to Deventer in ’t jaer onz’ herrm MDLXXVI. Wilhelm Wegewart ut Lawerda. Lawerda is it Frânske stedsje Laverdae dêr't Wegewart wei kaam. Oan wjersiden fan it opskrift sitte bewurke rânen. De trochsneed is 93 sm en it gewicht 500 kg. Willem Wegewart geat tusken 1561-1603 foar sân Fryske tsjerken in klok. De grutte klok hie in foarrinder. Ut oantekenings fan tsjerkefouden (1607) blykt: en soe wanneer de gemeente mochte geraden een niewe clocke tot dese te copen…... Der wurde dan twa klokhuzen neamd. De grutte klok is jitten yn 1650 troch Hans Falck út Ljouwert. Hy kaam fan Neurenberg en geat foar achtentweintich Fryske plakken in klok. Op de klok stiet te lêzen: In ’t jaer onz’ heeren duzend zes hondert ende vieftig heeft mij Hans Falck v. Neurenberg in Leeuwarden gegoten for Osterlittens. Op de oare side fan de klok sit in wapenskyld wêryn in jitten liuw mei in kroan op de holle, wylst in lytse liuw it helmteken foarstelt. Boppe dit wapen steane de wurden: SYURT WLBE ZOEN SPRUNG. Dizze lêste wie in eigenierde boer fan de Sprongstate. Sjoerd Ulbes Sprong, sels lange tiid tsjerkefoud hat de klok, mei in trochsneed fan 115 sm en in gewicht fan 850 kilo, grif skonken. Foardat yn july 1942 de Dútske klokkerôf begûn, hat dûmny Ten Bruggenkate alle opskriften op de klokken oernomd en nei de synoade stjoerd (hy wist net dat syn foargonger Van der Tuuk Adriani de klokgegevens al yn 1889 nei it Frysk Genoatskip opstjoerd hie foar publikaasje yn De Vrije Vries – 1895). De klokken, dy't troch de Dútske besetter weihelle waarden, binne yn de oarloch foar in part opslein yn in depot te Gythoarn. It Angelus-klokje, dat ek rôfd wêze soe, is net weromkomd (diameter 30 sm, gewicht 23 kg). Fuort nei de oarloch joech de Ryksynspeksje foar de Keunstbeskerming yn gearwurking mei it Ryksburo foar monumintesoarch opdracht foar werompleatsing fan alle weromkommen Fryske klokken.

Op it skip stiet in dakruter dêr't eartiids it Angelusklokje, it misklokje, hong hat. It klokje rôp it tsjerkefolk op ta it angelus, in trijeliddich gebed dat moarns en jûns om 6 oere en middeis om 12 beaen waard.

Herberch It Wapen fan Fryslân

bewurkje seksje
 
Brêge oer de Frjentsjerter Feart

Neist ferbliuwplak wie in herberch foar de befolking ek in moetingsplak foar fertier. Yn de 19e iuw groeide it ferieningslibben en ûntstie ferlet fan sealromte. Fanâlds wie binnen de buorren mar ien herberch, want de doarpsgearkomst hie yn 1629 besletten dat om dronkerieen, partijschappen en andere onheilen weg te nemen der mar ien herberch wêze soe. De herberch by de Terp (no it Plein 2) is al âld. Yn 1511 wurdt Ulba Tapper as kastlein neamd. Nei 1745 is der fan elke kastlein wol in byberop bekend. Sa wie Hendik de Bruin ek eksekuteur (doarwarder). De saneamde adstinten wienen oan him ûnderhearrich, sadat hy beskôge wiurde kin as haad fan de 'plysje'fan it nedergerjocht, yn dit gefal Baarderadiel. Yn de 19e iuw is fan de herberch in diel fan it wengedielte ôfskieden, dit hat duorre oant 1884, doe't de herberch yn twaen ferkocht waard. Op in sneintejûn yn novimber 1887 spruts hjir de bekende politikus Pieter Jelles Troelstra. Yn it kafee hinget in muorreskildering dy't nei de Twadde Wrâldoarloch makke waard troch Nanne Giezing.

Doarpswapen en flagge

bewurkje seksje

Yn de tsjerke binne oantinkens te finen oan Nicolaas fan Hettinga en Idzert Albada. Harren wapen is read, belein mei trije gouden ikels. It pealtsje fan Easterlittens hat ek in plak krige: in read en gouden peal belein mei in swarte pôt yn de foet fan de peal. Yn dy peal siet de skat ferstoppe. Yn it read twa gouden peinjes, dy 't de gedachte oan de skat, de bargemerk en it tolhûs libben hâldt. It blauwe andreaskrús ferwiist net de krusing fanwetters oan de noardkant fan Easterlittens. De kleuren blau, sulver, read en goud komme fann it gemeentewapen fan Littenseradiel.
De flagge toant eleminten út it wapen.

It doarp hat in multifunksjoneel sintrum: De Jister. Dêryn sit ek it pjutteboatersplak De Lytse Jister. Fjouwer kear yn 't jier ferskynt it doarpskrantsje De Hysp. Kristlike Basisskoalle De Earnewjuk waard yn 2020 opheft om't der te min learlingen wiene. Middenyn it doarp stiet herberch It Wapen fan Fryslân.

Littenser Merke

bewurkje seksje

De jiermerk wie alear wijd oan de dei fan tsjerkehillige St. Margriet op 20 july. De measte merken wiene femerken,mar der wienen ek typyske hynstemerken Yn Heech en Easterlittens wie in bargemerk, op 1 oktober. Nei it midden fan de 18e iuw is dit feroare yn de earste moandei fan septimber. Nei 1900 binne dit merkedagen wurden, en wol de earste woansdei en tongersdei fan septimber as oerbliuwsel fan de bargemerk. By de merke waard eartiids,lykas yn oare doarpen yn de greid- en bouhoeke, troch de pletslike kafeehâlder in keatswedstryd organisearre. Yn 1792 waarden foar 3 en 4 septimber foar de earste kear yn de Ljouwerter Krante keatspartijen oankundige. Yn de Ljouwerter fan waard sels in hurddraverij oankundige foar hynders dy't noch net folle wûn hienen. De priis wie fyftich gûne. Omdat de kreammen op grûn fan de tsjerke stiene, krige dy der ek jild fan. De tsjerkefâdij fertsjinne dus oan de merke, mar stelde letter ek wol jild foar in draaimole foar skoalbern beskikber.

  • Onder Ons - keatsen
  • VVO - fuotbal
  • De Zachte Berm - jongerein
  • De Eendracht - iisclub
  • De Stikkene Bal - biljerten
  • Troch de Hage - strjitkeatsen
  • Longa - binnensporten
  • Nut en Genoegen - toaniel
  • Baarderdyk - dyk fan Easterlittens nei Baard. Sûnt 1969 in strjitnamme.
  • Balthasar Beckerstrjitte - nei Balthasar Becker, in dûmny dy't fan 1657-1666 yn Easterlittens op de kânsel stie. De strjitte rint foar in part troch de âlde pastorijtún. Sûnt 1969 in offisjele strjitnamme.
  • De Brân - Op 3 septimber 1890 baarnden in wenhûs, in nutemealderij en in pakhús ôf.
  • Brêgebuorren - rint tusken de brêge oer de Frjentsjerter Feart en It Plein.
  • De Daam - op it stee fan it eardere molkfabryk.
  • Flaamske Banken - Herberch "De Vlaamsche Banken" stie oan de Frjentsjerter Feart. Neffens âlde oerlevering komt de namme fan de sânbanken yn de Westerskelde dy't "Flaamske Banken" neamd waarden. Hjirop rûnen in soad skippen fêst en dit nijs kaam ek yn Easterlittens. Op de ein fan de âlde noardlike doarpsbebouwing stie in herberch dêr't skippers mar min foarby komme koenne. Hja "strannen" dêr gauris; hja leinen oan foar in slokje.
  • Goudtsjeblomsteech - stege by de âlde bewarskoalle lâns, tusken de Huylckensteinstrjitte en de Loaijerstrjitte. De namme kin ûntstien wêze trochdat it sied fan goudsjeblommen yn de omlizzende tunen yn de stege bedarren of omdat der goudsjeblommen bloeiden in de neistlizzende túntsjes. In oare mooglikheid is dat der in politieke kleur oan de namme sit fanút de Frânske tiid.
  • Huylckensteinstrjitte - De strjitte rint yn de rjochting fan de eardere wetter- en iisherberch Huylckenstein dy't ± 1509 boud is doe't de Boalserter Feart groeven is. Letter is de herberch ek noch as tolhús brûkt.
  • It Hynstewaad - namme fan in sleat dy't rûn fan It Plein yn súdlike rjochting by it paad nei Wammert lâns. De sleat kaam út yn de opfeart oan de súdkant fan de âlde buorren. De sleat hie in ûndjip plak op de hichte fan de saak fan smid Minkema. Hjir waarden de hynstepoaten behimmele foar it beslaan fan de hoeven. Dy ûndjipte waard yn de folksmûle ek wol"it Hynstegat" neamd. De strjitte rint no fan It Plein nei de Froanackerdyk.
  • De Langebaan - Namme foar in stripe oan de westkant fan it tsjerkhôf dêr't iuwenlang in pear diakonij- en tsjerkefâdij-earmenkeamers stiene. Yn 1864 hat de tsjerkefâdij de earmenkeamers ôfbrekke litten om it tsjerkhôf útwreidzje te kinnen. It is no de namme fan in lange stege fan de Brân nei de Flaamske Banken ôf.
  • Langwert - nei de buorskip Langwert
  • Loayerstrjitte - rint by de Frjentsjerter Feart lâns, fan de Brân nei de Flaamske Banken. De namme komt fan de fellebleaters dy 't hjir eartiids wennen. Dy makken de hûden skjin foar de learloaiers yn Brabân. Eartiids hiet de strjitte de Foarstrjitte, omdat hy foaroan by de Frjentsjerter feart leit. It paad is ûntstien tusken 1820 en 1840 en waard foar in part oanlein op partikuliere grûn; der is hieltiid noch grûn by dy't by de huzen oan de feart heart. Dêrfoar koenen de bewenners fan dy huzen allinnich by de rest fan it doarp komme troch stegen njonken harren wenten en de efterlizzende lange stege (de Langebaan).
  • De Mar - stik lân oan de súdkant fan de âlde buorren by de Frjentsjerter Feart. De namme wurdt al neamd yn 1697. It lân oerstreamde eartiids by heech wetter mar is nei de ynstelling fan de Wammerter polder bedike en ophege mei baggelmodder.
  • It Plein - it plein yn de buorren foar de herberch. It is 50 m. lang en 13 m. breed en part fan de oarspronklike terp. De lêste jierren benammen bekend om syn ynfluorre Jeu de Pelotebaan dêr't sûnt 1998 om it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote spile wurdt troch meardere partoeren út Fryslân.
  • Noarderfinne -
  • Noardersteech - lytse stege fan de Langebaan nei de Loaierstrjitte.
  • De Rottefalle - namme dy't faker yn Fryslân foarkomt. Kin komme fan in slûs, in dearinnende haven of in gebou. Yn Easterlittens wie in wenning bekend mei de namme "de Rotteval" (1772). Leit oan de noardlike side fan de âlde doarpsbebouwing en sûnt 1982 wer in offisjele namme.
  • Skrins - nei it buorskip Skrins.
  • Skrinzerdyk - rint fan de Buorren nei Skrins.
  • Wammert - nei it buorskip Wammert.
  • Wiuwens - nei it buorskip en mûne Wiuwens.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ljouwert  
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
  ·   ·  
  NODES