Eildert Sietez (skûtsje)

It skûtsje de Eildert Sietez is it lêste skûtsje fan de SKS float dat noch eigendom is fan in partikulier. Siete Meeter, de pake fan de hjoeddeiske skipper Pieter Meeter, hat dit skip, dat yn 1910 boud is troch de bruorren Roorda fan De Piip yn Drachten, yn 1965 kocht. Hy fûn it yn Grins, dêr’t it tsjinne as wenskip.

Fan 1973 ôf waard Siete stipe troch it gemeentebestjoer fan Boalsert. Der kaam in B yn it seil en it skûtsje waard de Bolsward neamd. Siete waard kampioen yn 1978 en 1987. Yn 1990 waard er opfolge troch syn soan Eildert Meeter.

Eildert gong net silen mei de Bolsward mar mei it skip dêr ’t er al twa kear kampioen mei wurden wie by de IFKS, de Vriendschap. Dat skip wie lichter. Mar dochs sylde Eildert sûnt 1995 wer mei de Bolsward. Syn soanen Siete en Sander hawwe noch in pear jierren mei de Vriendschap syld by de IFKS. Yn 2004 waard Eildert kampioen. Hy is de ienige skipper dy ’t sawol by de SKS as by de IFKS kampioen wurden is.

Eildert hat skipper west fan de Bolsward oant 2006. Dêrnei kaam it roer yn’e hannen fan soan Pieter. Syn bêste prestaasje oant no ta is in tredde plak yn 2012. Yn 2017 hat er trije wedstriden wûn mar ferlear er twa kear in protest. As er wat foarsichtiger syld hie dan hie er grif by de foarste trije yn it klassemint einige.

Yn 2014 hawwe de Meeters it kontrakt me Boalserd opsein. It seilteken B waard ferfong troch de letters PM fan Pieter Meeter. It skûtsje sylt no foar Akkrum, it wenplak fan de famylje. Heit en soan Meeter brûke it skûtsje, dat no Eildert Sietez neamd wurdt, njonken de SKS kampioenskippen, ek foar promoasje fan harren eigen rûnfeartbedriuw.

  NODES