Eklektisisme is in konseptuele oanpak fan dingen dy't him net folslein beheind ta ien inkeld paradigma of oannames, mar him yn 't plak dêrfan basearret op mear as ien teory, stilen of ideeën om komplemintêr ynsjoch te krijen yn in ûnderwerp, of yn beskate gefallen ferskate teoryen tapast. Dat bart lykwols faak sûnder konvinsjes of regels dy't foarskriuwe hokker teoryen byinoar brocht waarden.

Eklektisisme kin somtiids ûnelegant lykje of in brekme oan ienfâld fertoane, en brekme oan konsistinsje yn harren tinken komt eklektisy ek wol op krityk te stean. It is lykwols wenst op tal fan mêden. De measte psychologen akseptearje bygelyks fêststelde aspekten fan gedrach, mar besykje de teory net te brûken om alle aspekten fan minsklik hâlden en dragen út te lizzen.

Eklektisisme in etyk, filosofy en religy wurdt ek wol synkretisme neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan de ynlieding fan it artikel Eclectisism yn de Ingelsktalige Wikipedy.
  NODES