Evangelysk-Lutherske Tsjerke

(Trochferwiisd fan Evangelysk-Luterske Tsjerke)

De Evangelysk-Lutherske Tsjerke (ELT) is in tsjerke dy't yn ferskate westerske lannen fertsjintwurdige is. De tsjerke is ûntstien út it herfoarmingswurk fan de 16e-iuwske Dútske tsjerkherfoarmer Maarten Luther.

Evangelyske-Lutherske Tsjerke oan it Ramen yn Hoarn

De earste Lutherske gemeenten yn Nederlân datearje al út de 16e iuw, de iuw fan de Reformaasje. Amsterdam wie yn de earste iuwen fral it sintrum fan Lutherske aktiviteit, meidat dêr in protte lutherske keaplju wennen, dy't fan Dútslân en Skandinaavje kamen. Ek yn oare stêden wienen it migranten dy't Lutherske gemeenten stichten, bygelyks de Dútske hiersoldaten dy't Grins beskermen by it belis fan de stêd yn 1672.

De eigentlike Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn it Keninkryk fan de Nederlannen waard earst yn 1818 oprjochte. De ELT is yn Nederlân relatyf lyts bleaun, mei in pear tûzen leden. Lykas yn Dútslân waard it tsjerkegenoatskip hjir ek as frijwat frijsinnich sjoen; de ynfloed fan de moderne teology is der grut.

Yn 2004 gong de ELT mei de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en de Nederlânske Herfoarme Tsjerke op yn de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN). Oarspronklik soene noch in stikmannich oare lytse tsjerken meidwaan, mar dy heakken yn de rin fan it proses ôf. De romte dy't de Lutherske idintiteit yn de PKN krige wie foar guon ortodokske gemeenten ien fan de redenen om fûl te protestearjen tsjin ienwurding. Dochs binne de spesifyk Lutherske geskriften en gebrûken erkend en bestean de Lutherske gemeenten fan foar de feriening noch altyd yn de PKN as selsstannige tsjerken mei in eigen identiteit.

Yn Dútslân is de Evangelysk-Lutherske Tsjerke de grutste protestantske streaming. Leden fan de ELT wurde yn it koart 'evangelysk' neamd, wat net betiisd wurden moat mei "evangelikaal", dat foar oare evangelyske tsjerklike streamings sa as de pinkstergemeente brûkt wurdt. Yn dy streamingen wurdt de ELT yn Dútslân yn it generaal as frijwat frijsinnich beskôge.

Skandinaavje

bewurkje seksje

Yn Noarwegen, Denemarken, Finlân en op Yslân is de Lutherske Tsjerke de steatstsjerke. Yn Sweden is se dat sûnt 2000 net mear en yn Noarwegen stiet in grûnwetsferoaring op priemmen, dy't de Noarske Tsjerke fan de steat losmeitsje moat. Biskoppen sille dan net mear troch de kening, de summus episcopus, beneamd wurde, mar troch in tsjerklik orgaan.

De Amerikaanske takke fan de Lutherske tsjerken waard stichte yn 1917 ûnder de namme Noarsk-Lutherske Tsjerke fan Amearika (NLTA). De NLKA ûntstie út it byelkoar bringen fan trije Noarske tsjerkegenoatskippen, mammentlik de Haugesynoade (stichte 1876), de Noarske synoade (stichte 1853) en de Feriene Noarsk-Lutherske Tsjerke (stichte 1890).

Yn 1946 krige in fenijde NLKA de namme "Evangelysk-Lutherske Tsjerke" (ELT). Dy ELK fusearre yn 1960 mei in tal oare Lutherske Tsjerken, dy't doe meielkoar de "Amerikaansk-Lutherske Tsjerke" (1960-1987) waarden. Yn 1988 fusearre de tsjerke úteinlik mei wer oare tsjerkegenoatskippen ta de Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn Amearika (ELTA).

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  NODES
os 2
todo 1