Eve Ensler (New York (New York), 25 maaie 1953) is in Amerikaansk toanielskriuwster, skriuwster, dokumintêremakster, artyste, feministe en polityk aktiviste dy't har ynset foar frouljusrjochten. Dêrby is se fral aktyf yn 'e striid tsjin frouljusmishanneling mei har yn 1998 oprjochte organisaasje V-Day, dêr't se al mear as $ 75 miljoen mei ophelle hat en mear as tolvetûzen helpprogramma's mei útfierd en skûlhuzen foar mishannele froulju mei opset hat yn 'e Demokratyske Republyk Kongo, Haïty, Kenia, Egypte, Irak en Súd-Dakota. Ek wurket se nau gear mei de Revolutionary Association of the Women of Afganistan (RAWA). As skriuwster is hja benammentlik bekend wurden troch har toanielstik The Vagina Monologues, út 1996, dat oerset is yn likernôch 50 talen en spile is troch grutte nammen as Jane Fonda, Whoopi Goldberg, Glenn Close, Susan Sarandon, Cyndi Lauper en Oprah Winfrey.

Eve Ensler
skriuwer
Eve Ensler yn 2011.
Eve Ensler yn 2011.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eve Ensler
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 maaie 1953
berteplak New York (New York)
etnisiteit Joadsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre toanielautobiografynon-fiksje
tema's feminisme
bekendste
  wurk(en)
The Vagina Monologues
prizen Tony Award 2011
jierren aktyf ±1985 – no
offisjele webside
www.vday.org

Ensler is de dochter fan Arthur en Chris Ensler. Har heit wie in joadske sakeman út 'e itensyndustry en har mem in húsfrou mei in kristlike eftergrûn. Yn har boek Insecure at Last, út 2006, beskreau Ensler û.m. hoe't se fan har fyfde oant har tsiende jier allegeduerigen ferkrêfte en slim mishannele waard troch har heit. Yn 1975 rûne hja har middelbere-skoaloplieding oan it Middlebury College mei goed gefolch ôf. Yn 1978 troude se mei Richard McDermott, mar yn 1988 rûn harren houlik út op in skieding. Ensler is de styfmem fan 'e akteur Dylan McDermott, dy't se wetlik adoptearre doe't hy 15 en sysels 23 wie. Yn 2010 makke Ensler bekend dat se lijt oan limoerkanker. Yn 2011 waard har in Tony Award (de heechste Amerikaanske teäterpriis) takend yn 'e bûtenkategory dy't bekend stiet as de Isabelle Stevenson Award, en dêr't lju út 'e Amerikaanske teäterwrâld mei eare wurde dy't har ûnberonge ynset hawwe foar humanitêre doelen.

In kar út har wurk

bewurkje seksje
Toaniel
Boeken
  • The Good Body (2005)
  • Insecure at Last: Losing It in Our Security Obsessed World (2006)
  • A Memory, A Monologue, A Rant and A Prayer (2006)
  • Necessary _targets
  • Vagina Warriors
  • I Am An Emotional Creature: The Secret Life of Girls Around the World (2010)
  • In the Body of the World (2013)
Dokumintêres
  • Fear No More: Stop Violence Against Women (fraachpetear, 2002)
  • The Vagina Monologues (2002)
  • What I Want My Words to Do to You: Voices From Inside a Women's Maximum Security Prison (2003)
  • Until the Violence Stops (2004)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
Association 1