Fêreusk

(Trochferwiisd fan Faeröersk)

It Fêreusk is in Noardgermaanske taal dy't troch 44.000 minsken op 'e Fêreu-eilannen praat wurdt. It is slim te sizzen hoefolle memmetaalsprekkers oft der oer de hiele wrâld binne, mar it tal wurdt yn 'e regel tusken de 60.000 en 100.000 rûsd. In telling út 2007 kaam út op 66.000. It Fêreusk is mei it Deensk ien fan beide offisjele talen op 'e Fêreu-eilannen. It is lykwols nauwer besibbe oan it Yslânsk en de Westnoarske dialekten as oan it Deensk. It Fêreusk wurdt skreaun mei it Latynske alfabet, dêr't de neikommende letters oan taheakke binne: Á/á, Í/í, Ó/ó, Ú/ú, Ý/ý, Ð/ð (edh), Ø/ø en Æ/æ. De letters c, q, w, x en z wurde net brûkt. Oan it begjin fan de njoggentjinde iuw waard it Fêreusk foar it earst brûkt as skriuwtaal en doe pas hat der stadichoan in eigen literatuer ûntstien.

Fêreusk
algemien
eigen namme Føroyskt
lânseigen yn de Fêreu-eilannen
tal sprekkers 66.000 (2007)
skrift Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Noardgermaansk
      ● Westskandinavysk
        ● Fêreusk
taalstatus
offisjele status de Fêreu-eilannen
erkenning as
minderheidstaal
Denemark
taalkoades
ISO 639-1 fo
ISO 639-2 fao
ISO 639-3 fao


Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Fêreuske ferzje.
  NODES