De fagina of skie is it ynwindige diel fan it geslachtsorgaan dat by froulike bisten (wêrûnder de minsk) de liifmoer mei de bûtenkant fan it lichem ferbynt. It útwindige diel wurdt fulva neamd.

De fulva
1 = Klitoarisfoarhûd,
2 = Klitoaris,
3 = Binnenste skamlippen,
4 = Fagina-iepening,
5 = Bûtenste skamlippen

De fagina is geskikt om de penis yn te bringen by it geslachtsferkear of koïtus. At dêr in swierwêzen út fuortkomt, is de fagina in diel fan it bertekanaal by de befalling.

Fagina is in Latynsk wurd dat ûnder oaren de skie fan in swurd betsjut.

De fagina is in 8 oant 10 sm lange elastyske buis, mei spieren der omhinne. Yn ûntspannen tastân is de fagina ôfsluten en lizze de foar- en efterwand tsjin inoar oan wêrtroch't it yn dwerse trochsnee in H-foarmige spjalt foarmet. Boppe-yn de fagina is it skieferwulf (fornix) dy't om de liifmoerhals (cervix uteri) sit. Underoan wurdt de fagina begrinze troch de hymenaalring, restkes fan it fammeflues (hymen). De fagina is bedekt mei in glykogeenryk mearlagich net-ferhoarne laach epiteel. Dêrtroch is de binnenkant fan de fagina gewoanlik rôze, krekt as alle slymfluezen by sûchdieren. De spierlaach is mar tin. Tusken de faginaspierlaach en organen der omhinne, lykas de bongel mei pisbuis (urethra) en de earsterm (rectum), sit bynweefsel (it paracolpium) mei bloedbanen, senuwen en bekkenboaiemspieren. Tusken de earsterm en de fagina hjit dit it septum rectofaginale. As in frou rjochop stiet, stiet de faginale buis yn in nei efteren omheechsteande posysje en foarmet in hoeke fan efkes mear as 90 graden mei de liifmoer (uterus).

Yn de fagina is ôfskieding oanwêzich, faginale ôfskieding (at dy abnormaal is hjit dat fluor faginalis). De ôfskieding bestiet út slym produsearre troch de liifmoermûle (cervix) en ôfstjitten epiteel fan de fagina. De faginasellen befetsje glykogeen, wat omsetten wurdt ta molksoer (laktaat) troch de Lactobacillus. Dy baktearje heart dêr thús en soarget derfoar dat troch molksoerproduksje de soergraad fan de fagina leech bliuwt. Dat soarget dêrfoar, tegearre mei de slymproduksje út de liifmoermûle, dat der gjin baktearjen, dy't ynfeksjes yn de liifmoer en de liifsholte jaan kinne, nei boppe ta gean kinne. De ôfskieding is ornaris rookleas en jout fierder gjin klachten en hjit dêrom ek wol fluor albus, 'wite ôfskieding' of wite floed. Hoefolle der is hinget ôf fan de syklus. Healwei de syklus, om de aaisprong (ovulaasje) hinne, nimt de ôfskieding ta, dêrnei wer ôf. Ôfskieding kin ek tanimme by seksuele opwining. Troch ferhege bloedtafier ûntstiet kongestje fan bloed en dêrtroch komt focht troch de wand fan de fagina (transudaasje). Fierders wurdt ôfskieding produsearre troch de klieren fan Bartholin by de fagina-iepening.

Seksualiteit

bewurkje seksje

By froulju dy't noch gjin geslachtsferkear hân hawwe wurdt de fagina omrâne troch it fammeflues (hymen). 'Flues' is lykwols in ûngelokkige beneaming. It fammeflues is net sluten; der sit in iepening yn wêrtroch't der by de menstruaasje bloed troch nei bûten kin. As it hymen ûndanks sport en tampongebrûk te grut is foar penetraasje fan de fagina, sil it fammeflues by it earste geslachtsferkear ynskuorre, wêrby't wat bloed frijkomme kin. Soks kin pynlik wêze.

Guon froulju hawwe in tige gefoelige erogene sône binnen harren fagina, it G-plak, wêrmei't hja in orgasme berikke kinne. Foar de measte froulju is lykwols stimulearring fan de klitoaris nedich om ta in orgasme te kommen. Dy te stimulearjen middels slikjen mei de tonge hjit cunnilingus, populêr: beffe. Om it fersprieden fan fenearyske sykten foar te kommen besteane der saneamde beflapkes, makke fan lateks en mei in oangename rook.

In protte froulje stimulearje de koïtus mei help fan in fibrator of ynbrochte fibrearende plestyk aaien.

Lykas foar alle wurden dy't mei seksualiteit te krijen ha, binne der yn de taal in soad alternative wurden foar fagina.

Faginaal tûsjearjen is ûndersyk fan de ynwindige geslachtsorganen wêrby't mei ien of twa fingers yn de skie, mei de oare hân op de búkwand, op 'e taast de grutte en lizzing fan de liifmoer mei de liifmoerhals field wurde kin. Somtiden is it mooglik ek wat fan de aaistokken te fielen en as it ûndersyk pynlik is kin bepaald wurde wêr't dy pine dan sit. Mei help fan it spekulum kin in dokter de binnenkant fan de fagina en bûtenkant fan de liifmoermûle ynspektearje. Dêrby kin der ek in útstrykje fan slym fan de liifmoermûle makke wurde en kweekmateriaal út de fagina helle wurde.

Under in befalling wurdt de fagina oprekt (oant wol 10 sm diameter) sadat de poppe der trochhinne kin. Dit oprekken bart troch it holtsje fan de poppe sels. Nei de kream herstelt de fagina him oant de oarspronklike grutte. As de befalling hurd giet kin de faginawand ynskuorre trochdat it net de tiid krijt om op te rekken. Soms wreidet sa'n skuor út nei de kringspier fan de anus ((sub-)totaalruptuer). Om bot ynskuorren foar te kommen sil men yn dat gefal de fagina ynknippe (episiotomy). Nei de befalling wurdt in skuor en/of knip hechte.

Seksuele organen wurde praktysk yn alle kultueren stigmatisearre, wêrby't ek de westerske beskaving it ûnderwerp faak as in taboe behannelet. It ienpersoans téaterstik De Fagina Monologen, skreaun troch Eve Ensler, wie hjirop in útsûndering, wêrtroch't it wurd fagina ynienen gongber waard yn it deistige brûken. Yn de populêre telefyzjesearje Sex and the City komme in soad diskusjes foar oer de fagina en de sûnensaspekten fan de fagina.

  NODES