Falentinianus II
Falentinianus II (Latyn: Flavius Valentinianus), (371 - 15 maaie 392) wie West-Romeinske keizer fan 22 novimber 375 oant 15 maaie 392.
Skiednis
bewurkje seksjeNeidat op 17 novimber 375 keizer Falentinianus I stoarn wie rôp it leger fiif dagen letter syn fjouwerjierrige soan Falentinianus II út ta opfolger. Dit wie wat problematysk, omdat Falentinianus syn âldere broer Gratianus al sûnt 367 (mei)keizer wie. It leger lykwols wegere syn allinnichhearskippij te erkennen.
Letter doe't Falentinianus folwoeksen wie, hie hy net folle macht. Feitlik wie it syn mem dy't foar him it ryk bestjoerde. Syn posysje waard fierder ûndermine doe't yn 383 Magnus Maksimus, de legerlieder fan Brittanje yn opstân kaam en Gratianus fermoardzje liet. Om Maksimus tsjin te hâlden waard biskop Ambrosius fan Milaan der op út stjoerd om oer frede te ûnderhanneljen. Yn de tuskentiid liet Magister militum Bauto de Alpenpassen fersterkje. Tusken de beide keizers waard in oerienkomst tekene, wêrtroch Maksimus akseptearre waard as legitime keizer en oer in grut part fan it westlik ryk meiregeare koe.
Yn 387 foel Maksimus lykwols Itaalje yn en moast Falentinianus de keizer fan it easten Teodosius I om help freegje. Dizze fersloech Maksiminus yn 388 en dêrmei wie Falentinianus wer allinnich keizer oer it hiele westlike ryk; yn namme wol te ferstean, want de feitlike machthawwer wie keizer Teodosius. Teodosius bleau in skoft yn it westen en sette it easten yn 391. Syn oerbefelhawwer fan it leger Arbogastes liet er efter yn it westen, fermoedlik om Falentinianus yn 'e gaten te hâlden. Dizze mocht dit net lije en bekleide him deroer by Theodosius, mar dizze hie der gjin earen nei. Op 15 maaie 392 waard Falentinianus dea fûn yn syn paleis, wierskynlik hie hy selsmoard plege.